6 gemeentelijke herindeling de enige oplossing zijn op langere termijn. In tijden waarin wij bedreigd worden voelen wij ons als gemeentelijk bestuur solidair met de burgers. Wij voelen ons solidair met de mensen die wij vertegenwoordigen. Ik hoop dat wij deze intensiteit, deze betrokkenheid bij de burgers in de voorbereiding en uitvoering van ons gemeentelijk beleid in de toekomst ook tentoon zullen spreiden. Tenslotte wensen wij de V.N.G. veel sterkte toe bij de verdediging van dit standpunt en de parlementariërs veel wijsheid. De hear Singelsma: Nei al itjinge de foargeande sprekkers nei foaren brocht hawwe, soe ik koart krieme kinne en sizze: Ik bin it yn haedsaek wol mei harren iens. Mar dat soe hwat al to goedkeap wêze,tocht my sa. (De hear Ten Brug (weth.): Spitich.Nou moat ik dochs even in false toan hearre litte. Ik wie fan plan hjir joun suvere toanen to blazen. Ik hie der in sin ynlaske, mar ik tocht by mysels: As de stimming sadanich is dan les ik him net foar. Mar nou't my fan efter de griene tafel dit wjerfart siz ik: Ja, mannich kear hat de F.N.P. hjir al mei finansiéle memoranda oer de forhal- dingswet oan de oarder west en hyltiten wer hat men fan efter de griene tafel sein: Ja mar, mynhear Singelsma, dat is in taek fan de V.N.G. Nou binne wy hjir ienriedich byinoar om oer dizze problema- tyk to praten en nou steane wy meiinoar foar de opjefte om it regear to wizen op it wanprodukt dat hjir foar us leit. (De hear De Vries (weth.): Jimme woene fan hiel Fryslan ien gemeente meitsje.) Ik wol der straks mei jo graech oer yn debat mar jo moatte my nou net fan myn chapiter bringe. Wy bin ne in pear jierren fierder. Stees mear gemeenten binne earmlêstich wurden en "stadskien" fan Den Haech. Dekonsintrearre Haechske buro's en ynspeksjes fan ministearjes hawwe it foar it sizzen en dy bepale hjir if bilied en de Haechske leverwoarst wurdt üs foarhalden yn de foarm fan A.C.W.-sub- sydzjes om dêr mar yn to happen. Koppeisubsydzjes setfe de legere oerheden foar it blok en bisoargje mannich bistjurder pine yn'e holle. If binnenlanske bistjur is krekt in kleaune jern wurden dy'f yn de tiis sit. En om dy nou to untwuoljen leit hjir it greate giele boek mei de titel "Concept-ontwerp van wet reorganisatie binnenlands bestuur". De Gewestwef dêr11 sa'n opskuor oer west hat kin de Prak- tyske Help wol ophelje foar aid papier; hiel hwat beammen binne om'e nocht kapt en wy hiene der mear profyt fan hawwe kinnen. Nou wurdt ós in nij probearsel oanbean dêr't wy oer gear moatte en as ek dat mislearret dan leit der wer in oar plan yn'e kast, de foarming fan maksi-gemeenten; dat is de tredde fase. Mar earst moat de meute fan legere oerheden oer in pear tiidshindernissen hinne jage wurde, 15 novimber en 15 desimber, hwant de nije regeling fan it binnenlansk bistjur, dy'f it moog- lik in pear generaesjes uthalde moat, moat der yn de koartst mooglike tiid frochdrukt wurde. It siet earst lang yn de amtlike mole en dan moat der yn sawn hasten in beslissing nommen wurde, it is in spultsje fan koart underweis en lang yn'e kroeg. (Laitsjen) Dit nije Haechske produkt wurdt oan- priizge en hat de bidoeling in bydrage to leverjen oan de langst nei desintralisaesje, in bigryp, moat ik sizze, dat hjoed de dei wol willich yn'e merk leit. De foarming fan 26 lytse provinsjes hie de foarkar fan de Ried foar de Territoriale Desintral isaesje; dat is, sa't jimme witte, in advysorgaen fan de minister fan Binnenlanske Saken. Mar it Ynstitüt foar Bistjursherfoarming woe mear oan op maksi- gemeenten. Hwa'f oerflakkich en fol hope it konsepf bigjint to lezen seit yn earsfe opslach: Gelok- kich, dy gewesfgoarre hawwe wy hawn, gemeenten en provinsjes bliuwe bistean, sij it dan dat if tal provinsjes hwat tanimt, en binammen Fryslan komt der goed foar wei. Mar hwa't fierder lest komt al ridlik gau ta de konkldzje dat de minister in frijhwat iensidige utliz jowt oan it bigryp desintrali- saesje. It bitsjut foar him yn wezen if untkrêftigjen fan de lokale demokrasy. Troch middel fan de saneamde negative listen wurde de gemeenten gebieten foarskreaun hwer't se harren net mei to bimuoijen hawwe. De provinsjes nije styl sille dêr wol foar soargje. En it is net tafallich fansels dat dy nije provinsjes greate stêdden binne mei hwat oanswettende gemeenten. Boppedat sille dy nije provinsjes oanwiisde kommissarissen krije hwertroch de greep op de gemeente jitte fordubele wurdt. In nij sintralisme is op kommende wei, fan Den Haech ót en fanót de provinsiale haedstêdden. Allinne if feit al dat fan hegerhan oanwiisd wurdt hwer't de gemeenten harren hannen ofluke moatte is in sintralisfyske fendins. Men soe jin in oare foarstelling foarstelle kinne, in oare oplossing hwerby gemeenten en provinsje mienskiplik fêststeIIe hwat ta de hóshalding fan de gemeente heart en hwat ta de hóshalding fan de provinsje, hwerby dat boppedat dan fan provinsje ta provinsje forskiIIe kin. Né, foar my hat it wurd desintralisaesje in hiel oare ynhald. It wol sizze it forlizzen fan it foech nei de lytse bistjurlike ienheden. It haldt yn forsterking fan de lytse rjochtsmienskip mei in eigen skiednis, in eigen aerd en in eigen struktuer. Soksoarfe mienskippen hawwe greater mooglikheden ta bihald fan kultuer, histoarysk bigryp en forantwurdlikens foar steat en maetskippij oer as de sintralisearre steat dêr't wy yn libje. Mar der is in twadde reden hwerom wy kieze moatte foar de desinfrale steatsfoarm. Ommers, de ynfloed fan de folksfortsjintwurdiger wurdt steesoan lytser. Spesialisten, managers, buro- en technokrafen krije stees mear yn de molke to brokkeljen. Hwat foar 7 demokrasy forsliten wurdt is yn wêzen in soarte fan nije olichargy. Mar jitte altiten is it wurd fan Thorbecke wier dat it wurksume pleatslike boargerskip de grounslach is foar steatsboargerskip. Us steatsbistel kin frije hósha Idingen, dy fan it ryk, dy fan de provinsje en dy fan de gemeente. In skerpe bigrinzing fan hwat elk to dwaen hat is der net. It heechste orgaen, it ryk, kin juridysk syn eigen hóshalding bipale en de grinzen dêrfan fêststelle. Ek kin de Kroan troch tapassing fan it for- neatigingsrjocht de grinzen fan de forskillende hóshaldingen oanwize. Yn it steatsrjocht komme de bigripen autonomy en selsbistjur foar. De steat is autonoom, hy is seis baes en hy regelet syn eigen saken. Selsbistjur wol sizze dat de gemeente of de provinsje de wetten ótfiert, de steat hat it rjocht om yn to gripen as de legere oerheif syn saken net neikomt. De trije kringentheory dêr't wy it nou oer hawwe is fan Thorbecke, mar der moat fuortdalik by sein wurde dat dizze sjenswize yn it alge- mien wol hwat forlitten is. Mar as it der op oan komt is dizze opfetting fan Thorbecke untliend oan it wêzen fan it Romeinske rjocht, hwerby de Romeinske boarger syn objektyf rjocht krige ót de boppe him stelde magistraet, dat by eintsjebislót de imperator yn Rome wie. De westerske demokrasy is woarteie en slót oan by it Germaenske rjochtlike tinken. De lytste ienheit yn steatkundige sin is it ötgongspunt. It erkent folslein de selsstannigens fan de histoarysk en steatkundich aldere forbannen mei harren eigen frijheden. Sa wurdt de steat fan Onderen op organisearre. Dizze tinkwize Ontkent dat de steat ót de folheit fan syn macht it foech fan de oerheit fordielt oer ynstellingen dy't de oer- heit tastiet - "gedoogt" stiet der dan - of seis wold hat nei eigen ynsjoch. By dit Germaensk rjocht- lik tinken stiet boppedat foarop de gedachte dat de hegere oerheit gjin taken op him nimme moat dy't like goed troch in leger orgaen dien wurde kinne. It biwiis moat earst levere wurde dat de lytse oerheit syn taek net oan kin. Dat biwiis wurdt net levere. De ryksoerheit hat troch syn yngripen fan boppe of en troch it finansieel koart halden fan de gemeenten fan it binnenlansk bistjur in untroch- sichtich gehiel makke. It bisiket nou de flaters dy't makke binne jitris troch oare flaters toneat to dwaen. Dat is in minne remeedzje. En de forpakking dêr't ós dit allegearre yn oanbean wurdt draecht in unrjochtich etiket "desintralisaesje". It idéael fan de Ljouwerter patriot en jurist Daem Fockema, in federael opboud Nederlan yn de trant fan Switserlan, is troch dit Haechske probearsel net tichter by kommen. Krekt oarsom, it fordwynt stees mear efter de kimen. Federael tinken is in manier fan tinken hwerby frijheit en persoanlikheit de grounslaggen binne dêr't it op opboud is. It binne de sintraIe tinzen hwer omhinne it bigryp federalisme foarm en stal krijt. Hjir is fan frijheit gjin sprake, hjir wurdt fan boppe of oplein. En dan freegje guon lju my faek: Hwat dogge jimme dêr eins yn Warns; wie dat net yn 1345 dat dy Henegouske ridders ós lan hjir under de foet rinne woene? Yndied, siz ik, dat wie sa mannen. Dat is al lang lyn, al mear as 600 jier. Mar it is jitte altiten deselde geast fan oplizzen en gelykskeakel jen dêr't wy jimmer mei to meitsjen hawwe. Dizze wet is it produkt fan sintralisfyske geasten, fan nasionael provinsialisme, fan Hollanske nawlekikers dy't Hollan net allinne as sintrum fan Nederlan sjogge mar mooglik as sinfrum fan it universum. De Voorzitter: Ik dacht dat ik vrij korf zou kunnen zijn met mijn beantwoording. Er is uit de verschillende uiteenzettingen in de eerste plaats duidelijk gebleken - ik heb geen andere geluiden gehoord - dat de gehele raad volkomen staat achter het ontwerp dat de commissie uit de raad heeft samengesteld en dat in deze raadsbrief aan u is voorgelegd. Dat is mijn eerste conclusie. In de tweede plaats - en dat wil ik toch nog even memoreren - blijkt uit de beschouwingen die uwerzijds zijn gegeven toch wel heel duidelijk dat van de door de regering gedane voorstellen niet zo heel veel anders over blijft dan dat wij het er met elkaar over eens zijn dat gezocht wordt naar een regeling die blijft uitgaan van een bestuursmodel dat bestaat uit rijk, provincies - in dit geval dan provincies-nieuwe stijl - en gemeenten; dat is ook heel duidelijk. Ik dacht dat ik de conclusie kan trekken dat dit stuk kan worden ingezonden zoals het in ont werp is voorgelegd zowel aan de afdeling Friesland van de V.N.G. als aan provinciale staten; dat is in de raadsbrief voorgesteld. Punt 3 is dat - zoals door enkele sprekers naar voren is gebracht - het dient te worden ingebracht op die plaatsen waar dat bij de verdere discussies zinvol kan worden geacht. M.n. in de besprekingen die volgende week, op 15 oktober a.s., in de Harmonie plaats zul len hebben tussen de gezamenlijke gemeenten zal de vertegenwoordiger van onze gemeente dus duidelijk tot taak hebben kenbaar te maken dat de gemeenteraad staat achter dit stuk en dan in de geest toegelicht zoals door de verschillende sprekers hier naar voren is gebracht. Dat is de conclusie die ik zou willen trekken. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van b. en w. Punten 4 t.e.m. 10 (bijlagen nos. 268, 259, 273, 262, 265, 261 en 264). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van b. en w.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1975 | | pagina 4