weer mogelijk maakt dat de podiumkunsten volledig kunnen waar maken wat ze te zeggen hebben. Hoe wel wij vinden dat de uiterlijke vormgeving wel het een en ander te wensen over laat zijn wij niette min zeer ingenomen met de totstandkoming van deze voortreffelijke accommodatie. Wij hopen dat nu uit brede lagen van de bevolking de mensen naar de Harmonie zullen komen om daar te kunnen genieten van het voortreffelijke programma dat daar wordt geboden. Woensdagavond kunnen wij allen hopelijk aanwezig zijn bij het openingsfeest en wij verwachten dat dit feest een goede start van het jaar 1976 zal betekenen voor zowel de Harmonie als de hele gemeente. De hear Singelsma: Nei de ensyklopedyske binadering fan de bigreafing fan de P.v.d.A.-fraksje, de poëtyske fan it C.D.A. - dat haw ik wol ris oars heard -, de ferme tael fan de liberalen en de kritysk- pynlike fan Axies folget nou in lytse skóging fan myn kant. De wurden dy't ik sizze sil binne net wurden dy't opstige as in flam, mar ik hoopje ek net dat se delsige as in stjelpige rein. Hwannear't men binnen in tiidsbistek fan in foech wike twa kear jins tinkbylden jaen moat oer minske en maetskippij dan is dat ryklik tofolle fan it goede. De kans is dan ek libbensgreat oanwêzich dat men seit: Haldt mar op, myn goede man, wy witte de tekst fan jou preek wol. (De hear Ten Brug (weth.): Dér binne wy to bileefd foar.) Selskennis. Sa as ik sei, der is in kans dat men seit: Wy wolle wol twa kear in forhael fortelle, mar net twa kear itselde forhael oanhearre. Sjoch, as it safier is dan kin men sizze: Dan haw ik tominsten myn doel birikt, de lju witte hwer't wy foar iverje, men is herkenber. Oan de oare kant moat ik sizze: It elemint fan de forrassing is der üt. Men harkef Ot fatsoen en men wit fan to foaren wol sa likernóch hwat de fraksjes sizze sille. Hoe folie sin hawwe algemiene skógings hjoed de dei? Is it allinne mar in bytsje buorltsjeblazerij? (De hear Heidinga: In lyts bytsje.) Ja. Ommers de ried leit syn plannen fêst oer in rige fan jierren, sij if dan dat dy fan jier fa jier bystjurd wurde kinne en moatte. Safolle nijs fait der dus ek al net fo melden. Boppedat wurdt dat bilied hieltyd wer troch- krüst troch de greate skoger yn Den Haech dy't mei allerhanne subsydzjes de biliedskoers wiziget. De grins fusken dafjinge dat ta de autonomy fan de gemeente heart en itjinge dat it foech is fan ryk en provinsje forskout hieltyd mear nei de kant en to'n gunste fan de sintrale oerheit en mooglik yn de fa- komst yn de rjochting fan de provinsiale oerheit. Déroer is hjir okkerdeis it nedige yn de ried al sein. Dizze gong fan saken hat op de riedsleden hwat in untmoedigjend effekt. Men is oan hannen en fuotten boun, koartsein, men is „stadskien" fan Den Haech. Yn 1929 doe't de earste finansiéle forhaldingswet tusken ryk en gemeenten fa stan kaem waerd de autonome bilêstingheffing fan de gemeenten sterk oan bannen lein. Yn it forfolch kamen de gemeentlike ynkomsten foar it greatste part ut de algemiene ryks- middels. Yn 1960 kaem dyselde wet jitris op de helling, mar de ungelikense bihanneling fan de gemeen ten bleau. En nou mei der mei ynsidentele utkearïngen hwat byspikere wurde, it founemint, it brike fou- nemint bleau sa't it wie. Dat is de reden fan de minne finansiéle situaesje fan tal fan gemeenten. Mar omt de konjunkfurele Ontwikkeling yn üs Ian ek foar in wichtich part ofhinget fan it dwaen en liften fan alle gemeenten mei mekoar kin it ryk mei de yn 1963 fa stan kommen Wet kapitaelsutjeffen publyk- rjochtlike lichamen de ynvestearings fan de gemeenten bihearskje. Né, de finansiéle mooglikheden fan de gemeenten binne biheind, to mear ek omt de winsken fan de boargers greater binne as de middels dêr't de gemeenten oer biskikke. It romsf formulearre foech fan de ried is syn bistjursfoech. De Gemeen tewet forstiet dêrunder it nimmen fan in konkreet op ien gefal slaend bislüt; if keapjen en forkeapjen fan eigendommen en de grounruil heart der ta. Der hawwe wy okkerdeis hwat tukelteammen mei hawn yn dizze ried. Ik gean der nou fierder net op yn, it is aid nijs. Mar de geast fan de tael sprekt üt it net forfale kinnen fan bipaelde wurden. In oar foech fan de ried is it opstellen fan plannen, ik tink oan bisfimmingsplannenOft dat nou fait under in konkrete bistjursdied of dat it heart fa it oarderjend foech wol ik of wêze. Yn elts gefal is it sa dat as der gjin bistimmingsplan foar in biskaet gebiet is in bou- plan dat oan de easken foldocht fan b. en w. forgunning om to bouwen krijt. Wy kinne üs dér blau oan ergerje, mar it feit leit der nou ienkear sa hinne. Oare sprekkers hawwe dér al if nedige fan sein. In oar feit dat argewaesje opropf is it bikende artikel 19 fan de wet R.O. Dit artikel is sa stadichoan in toverformule wurden der't tal fan gemeenten mar al to graech gebruk fan meitsje. Ommers, mei dit artikel yn de han kin men foarüt rinne op in bistimmingsplan en by einbislüf wurdt de swarte pief taspile oan it kolleezje fan dep. steafen dy't in forklearring fan gjin biswier ófjaen moatte. In oar punt dat hjir yn de ried oan de oarder west haf is de hichte fan de agraryske bibouwing. Mei help fan al wer artikel 19 is der foar in boer in oplossing foun om de bou fan in toersilo mooglik to meitsjen. It leit foar de han dat de hichte fan de agraryske bouwurken yn feite boppe de gemeentlike taek rikt; it is mear in faek foar de provinsje. Mar sa lang dy de foarskriften net jowt moat de gemeente him mei dit soarf saken seis réd de. Mar ek al wer mei it foarüt rinnen op in bistimmingsplan is hjir hwat oan to dwaen. It leit foar de han dat men oer de hichte fan de gebouwen forskillend tinke kin. It is in kwesfje fan "welstand", soe men sizze kinne. De iene fynt if talitber, de oare net. Mar de kearn fan de saek is dat it lanskip stief of fait mei it gearhingjen tusken hwat boud is en hwat groeid is. Nou kin men alles wol weistopje wolle 23 efter in griene beammemantel, in soarte fan grien doekje foar it blieden, mar it giet binammen om it gearhingjen fan bibouwing en biplanting as in ienheif. Sa bisjoen soe men ek nea heger bouwe moatte as sa'n 15 meter, dat is sahwat de maksimale hichte fan de beammegroei. Binnen dizze grinzen sil, tinkt my, de lanbou operearje moatte, ek al is it technysk wol mooglik om heger as dy 15 meter to bou wen. Fan al de goede dingen dy't wy yn dizze stêd hawwe kinne wy it Struktuerplan foar de Binnenstêd neame. It kin de earste 10 jier mei en bipaelt al yn in ier stadium de takomstige bisfimmingsplannen. It is in deugdlik biliedsynstrumint foar de ried hwannear't it der om giet globale untwikkelingslinen üt to setten. It is krekt as mei in provinsiael streekplan, it hoecht net ünderwurpen to wurden oan de goed- karring fan in hegere oerheit. It is ek al wer sa dat it struktuerplan de boarger en de oerheit net bynt, mar it is ek wer net sa frijbliuwend dat in ried by it fêststellen fan de bisfimmingsplannen oan dat struktuerplan foarby gean kin. It is nuttich om ek sa gau mooglik to kommen ta struktuerplannen foar de skyl, sadat de bisfimmingsplannen dér op infe wurde kinne en hwat mear founemint krije kinne. En nou't de foarming fan de regio om Ljouwert hinne syn foarm en stal krijt soe de fraech steld wurde kinne oft der net in yntergemeentlik struktuerplan komme moat en winsklik is. De wet jowt dêrta de gelegenheit. Niiskrektsa is de namme binnenstêd al fallen en ek de namme fan mynhear Luyckx - ik foun dy ek yn myn knipsels -, direkteur fan it untwikkelingsburo Winkelsintra to Wassenaer. Sa as de hear Ten Hoeve al sein hat, de hear Luyckx fynt it ek in unyk winkelsintrum. De antwurden op de fragen dy't üt it sake- sintrum nei foaren kamen hoe't hy tocht oer in parkeargaraezje, hoe't hy tocht oer it autofrij meitsjen wiene foar de iverige middenstanners, tinkt my, in domper op de joun. It wie krekt oft ik üs kollega De Jong, myn efterbuorman, hjir de fraech stellen hearde. Ik tink wolris, om de binnenstêd birikber, leef- ber, gesellich, smuk en wit ik folie fo meitsjen is der mear nedich as ien of mear parkeargaraezjes, parkearterreinen en dat soarte fan dingen. Ik merk by mear saken dy't hjir oan de oarder komme dat men de dingen tofolle forienfa Idiget, to simpel foarstelt en alles werom bringt ta inkele dingen. De wurklikheit dêr't wy yn libje is sa gearsfald en sa yngewikkeld dat wy om dizze yn bytsje bigryplik, foarspelber, analisearber, birekkenber to meit sjen fan dy wurklikheit forienfaldige theoryen meitsje, forienfaldige idéalisearringen, forienfaldige tinkmodellen. Wy binne dwaende mei de tapasbere witfenskip, tapasber op in forienfaldige wurklikheit, op in model, op in karikatuer fan de wurklikheit. Dat haldt ek in great biswier yn. Men moat forienfal- digingen oanbringe, skematisearringen ynfiere en men moat jin offreegje oft men ek net meiien de kans om fouten to meitsjen mei yntrodusearret. Lykwols kin men oan de oare kant mei in fier trochfierde ske- matisearring in düdlik, sij it in karikaturael byld krije. Ik haw dat ris even neigien foar it personielsbi- lied fan in gemeente. As de gemeente by syn personielsbilied de béste man sette wol op in bipaeld plak dan moat hy fansels üt in great forskaet fan minsklike en karaktereigenskippen dy minsken kieze hwer- fan men sizze kin: Dy man past it béste op dat plak. Ik haw in tige simpel tinkmodel fan dit selektypro- bleem makke, ntl. troch twa assen yn fo fieren. Op de hoarizontale as haw ik de lju set: lui en iverich - ik forienfa ld ig je de dingen hwat - en op de oare as: dom en yntelligint. It probleem wurdt nou folie trochsichtiger, hoewol't it nei it karikaturale lukt. Men krijt nou it minskdom fordield yn 4 skiften: de iverigen en yntelliginten; de iverigen en dommen; de yntelliginten en luijen; de dommen en luijen. It minskdom is nou yn 4 skiften fordield en wy kinne üs personielsbilied dêr op ofstimme. Men moat nou analitysk tinke en net as de bolle yn de reak opfleane en tinke: Aha, de iverigen en yntelliginten, dat binne se. Dat is in domme gedachte. Nou komt it trochtinken en it analisearjen. Ommers, yntelliginte, iverige lju bitinke lestige dingen, wolle boppedien alles seis dwaen, hawwe gjin fiid om oaren ut to lizzen hwat der barre moat, wurde troch de bistjurders net bigrepen, bringe sa in heap frustraesjes to weech, koartsein, it is in weardeleaze groep. Jimme sille sizze, de twadde groep, de iverigen en dom men (De Foarsitter: Hawwe wy dy hjir?) Ik sjoch net om my hinne. (Laitsjen) Ek dat is in forkear- de gedachte. Se dogge in profte, mar se dogge alles forkeard sadat alles oerdien wurde moat. De tredde groep, de yntelliginten en luijen. Dat is de béste groep. Se bitinke goede dingen, litte dy troch oaren ütfiere, krije net in to hege bloeddruk en halde tiid oer om nei to tinken. Men soe mooglik tinke kinne: Hwat moat men mei groep fjouwer dwaen? Dat binne de dommen en luijen. As men fierder anali- searret dan docht it bliken dat se utermate weardefol binne op representative posten. (Laitsjen) Hwat is de sin fan dizze sin en unsin? Ie Dat it bigripen fan forskynsels yn de wurklikheit faek pas mooglik is neï't men fan dy wurklikheit in karikaturale forienfaldiging makke hat. 2e Dat de mooglikheit mei it model to wurkjen yn bilangrike mate ofhinget fan in forstannige kar fan de forienfaIdigingen. 3e Men moot yn it each halde dat net it model mar de wurklikheit de wurklikheit is. En as ik nou de diskusjes hjir yn dizze ried folgje, sa goed en sa kwea my dat mooglik is, dan moat ik faek konstatearje dat de forsimpelingen dy't men ynfiert in karikatuer jowe fan de réaliteit. Dr. Luyckx - deselde fan niiskrekt sa - moat de winkellju der op wize dat in parkeargaraezje net it allinnich sillichmeitsjende middel is om de binnenstêd op to krikken, sa as de foliverige propagandisten üs leauwe litte wolle. En yn it for-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1975 | | pagina 12