16 dreage flut fortsjintwurdiget, hat wakker hantsjeklappend de hege gast syn wurden understreke (De hear Ten Brug (weth.): Jo wiene der ek?) Ik siet neist jo. (Laitsjen) Understreke, sei ik, en moog- lik tocht: Och, de wurden binne goed, sei de ule, en seach yn it psalmboek. Hwant sjoch, de wurden binne blykber allinne foar de snein dêr't men jin sa troch de wike net it measte om hoecht to bikroad- zjen. Hwant dy basiswei iepenet in swiid takomstbyld fan kantoorflats mei brede tagongswegen der hin- ne. En dat byld past wunderlik goed yn de "Verstedelijkingsnotafan ministers Gruijters dy't de steds- bifolking yn greate sliepstêdden wen je litte wol, yn de sa neamde groeikearnenen de stêd sjocht as it jachtgebiet fan de greate projektuntwikkelingsmaetskippijen dy't it stedslichem fol plempe kinne mei mammoetkantoarenHwat dat oanbilanget is de fisy fan it I.B.V. deselde as dy fan de minister; dy sitte, sa't men dat sa treffend neamd, op deselde neamer. En om nou de ried ek op dy neamer to krijen tsjinnet dan dit F.N.P.-plan och heden né, dit I.B.V.-plan. (Laitsjen) Hwer't it hert fol fan is, nou! Ik haw sjoen dat it F.N.P.-plan greate for- tuten dien hat, mar ik bidoelde fansels it "Verkeers- en Vervoersplan" fan it I.B.V. Mar dit plan wur- ket mei sifers fan 5 jier lyn, sifers dy't foar in part troch de feiten efterhelle binne. It giet fan bipael- de oannamen ut en borduert der op troch. En as dy oannamen forkeard binne dan binne de einresultaten forkeard. Dat kin in lyts bern bigripe. It docht my tinken oan de lju dy't harren ryk rekkenje om earm yn it earmhus to stjerren. De earste oanname is it tal wurkplakken dat oant 1990 mei 9.000 tanimme sil en dy't foar it greatste part lizze sille yn de yndustry en de niverheit. Yn de tiid dat men jitte leaude oan de groei- filosofy woe elkenien dat wol oan, mar as men sjocht nei it tal minsken hjir yn dizze stêd sunder wurk - dat binne der mear as 1 .500 - dan soe men forwachtsje mei je dat men hwat hoedener mei dit soarte fan sifermateriael omsprong. Ek it sprieden fan rykstsjinsten giet net mear sa hurd, hat fuotten yn it gat; men kin rêstich sizze dat it sprieden fan rykstsjinsten en de selektive ynfestearingsregelingen dy't de groei yn it westen ófremje moatte net safolle opsmiten hawwe. Ik mei it kolleezje wize op de pro testnota's fan de provinsiale bistjuren fan Grins en Fryslan. (De Foarsitter: En fan de gemeentebistjuren!) Ja, en fan de gemeentebistjuren; tank foar de korreksje. Op papier kin men allerhanne konstruksjes utdokterje, mar yn de praktyk hat men to meitsjen mei minsken dy't harren net as balen eartstrie fan it iene pakhus yn it oare oploegje litte. Sa is nou ien kear de saek. De 9.000 nije wurkplakken yn Ljouwert bringt de Nota Wenjen werom nei 2.000 ta 3.000. En dy jilde dan foar Ljouwert en de 7 oan- swettende gemeenten. It tal nije wurkplakken is dan yn dit Forkears- en Forfiersplan al 6.000 to heech en dat hat fansels syn ynfloed op it autoforkear. Men mei dochs yn de goedichheit forwachtsje dat it plan bysteld wurdt. De twadde oanname fan de nota is: Fan 1962 oant 1990 wurdt Ljouwert yn grounflak de helte greater, wylst it tal ynwenners gelyk bliuwt. It forkearsplan giet der fan üt dat yn 1990 it tal ynwen- ners fan de nije wiken 24.225 wêze sil, fan de nije wiken dus. Dy biwenners fan de nije wiken sille komme moatte ut de aide wiken; dy wurde opneamd, in achttal: Foksepark, Nijlan, Bilgaerd ensfh. Wy hawwe dat foar ien wyk neirekkene, Nijlan: 6.300 ynwenners wenjende yn 2.400 wenten, in wen- tebisetting fan 2,6, in ündergrins neffens us. Men kin jin dan net foorstel Ie dat it tal ynwenners per husgesin noch lytser wurde sil. Lykwols moat it Nijlan 2.550 ynwenners ófstean oan de nije wiken sa- dat it tal ynwenners werom rinne sil ta 3.750, 1,5 per hüshalding, in unwierskynlik leech getal. (De Foarsitter: It is korrigearre.) Just der kom ik op, jo hel je my de wurden üt'e mule. Né, seit it kol leezje, jimme hawwe jimme forsind yn it tal wenten, dat is ntl. 2.230, en wy hawwe in flater mak ke, hwant der meije 4.750 minsken wenje. Mar it is wol biskamsum dat de stêd net wit hoefolle wen ten hjoed yn it Nijlan steane, lit stean yn 1990. En as men dan it kolleezje by de earste de béste wyk al op flaters bitrapet(De hear Rijpma (weth.): It kin ek de léste wêze.) Né, by fêst twa wi ken moat it forkeard sitte, hwant as de iene I .000 mear hawwe moat moat de oare 1.000 minder haw we, dus yn twa wiken sitte forkearde opstellingen. De statistyske wearde fan dy oanname is dan 0,0. De konkluzje sil dan ek wêze moatte: de oannamen fan it forkearsmodel oangeande it ynwennertal fan de stêd binne stridich. Of wol de stêd hat yn 1990 mear ynwenners of wol de nije wiken forrinne net sa't men us fortelt. Mar yn beide gefallen is de stêd kompakter wurden, sitte de minsken tichter by mekoar, tichter by wurk en winkel en bruke hja minder gau de auto. Yn fakjargon hjit dat: de "modal splitwurdt oars. Oanname 3 seit - as men it leauwe mei - dat der yn 1990 gjin tokoart wêze sil oan parkearromte. Dat haldt lykwols yn dat it tal parkearromten fordübele wurde moat en komme moat op 3.400 foar de binnenstêd. Soks liket us ta dat net opbrocht wurde kin. It forkearsplan fiert in skimmespul op, it fiert fiktive auto's oer de basiswei en bringt se nei fiktive parkearromten. Ik wol net fierder yngean op de oannamen, it founemint fan dit plan. Ik haw der 3 oannamen ut pikt en se rammelje alle 3. Alle sifers kinne oanfochten wurde. Op dit losse san moat in gemeentlik forkearsplan boud wurde. It leit foar de han dat dit broddelwurk troch de ryksoerheit mei in unfol- dwaende bileanne wurde sil. Wy hawwe de sifers kritysk skoge en yn it plak dat it kolleezje syn wur- dearring utsprekt oer de flyt en de muoite dy't meilibjende boargers harren treastigje bisiket it kolleez je him der ut to winen mei foar it Nijlan hwat in oare bisifering to jaen dy't der neffens us ek neist is. Ik noegje de wethalder ut om it sifermateriael oan to fallen en to wjerlizzen. It sil mei dit forkears plan deselde wei op gean as dat fan Grins, ntl. oerdwaen - jo kinne it yn'e krante léze -, oer- dwaen omt it net foldocht oan de allersimpelste foarmen fan ynspraek en oerdwaen omt men mei dizze unwittenskiplike rambam net foar de kreammen lans kin. De ryksynstansjes dy't dit wurk op syn wearde hifkje moatte sille ta deselde konkluzjes komme as hjir troch my nei foaren brocht is. Wy hawwe net allinne forlet fan in oar buro mar ek fan in oar plan. Dy 8 ton is weismiten jild, mar better is it om op de helte werom to gean as om koste hwat it kostet troch to gean. It soe de muoite leanje om de rounwei mei syn brede sutelwegen wer ris op'e nij to bisjen. De hear Schaafsma hat my al efkes yntrodusearre en ütnoege om dêr in moasje oer yn to tsjinjen. Ik bin him dêr tige tankber foar. It soe in better ütgongspunt wêze om it Ljouwerter bistimmingsforkear nei flinke parkearplakken to lieden. As de basiswei, de rêchbonke fan it plan, forfait, forfait meiien it hiele plan en dy basiswei mei net it ütgongspunt wêze foar in forkearsplan. It is oerlibbe forkearskunde. Dêrom tsjinje ik mar twa lytse moasjes yn, mar dy foarmje de grounslach foar it hiele plan. De earste moasje - dy giet it fierste - is: "De ried fan de gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op de 15e fan de maertmoanne 1976, is fan miening dat de basiswei net it ütgongspunt wêze mei foar de oplossing fan de forkearsfraechstikken yn dizze gemeente mar dat in nij plan nedich is hwerby in rekonstruksje fan de rounwei op'e nij bi- sjoen wurde moat." It is yndied in werom kommen op eardere bislissingen, mar better werom to kommen as troch to draven op in forkeard spoar, mynhear Heidinga. De twadde moasje is: "De ried fan de gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op de 15e fan de maertmoanne 1976, is fan miening dat de yn it Forkears-en Forfiersplan neamde oannamen safier fan de wurklikheit ofwike dat in bystelling yn it foarste plak nedich is." Dizze moasjes hawwe it foreaske oantal undertekeners en ik wol se jo nou graech oerlangje. De heer J. de Jong: De voor ons liggende raadsbrief „Prénota Verkeers- en Vervoersplan" heeft een deel algemeen beschouwende en een deel direct gerichte inhoud. De heer Schaafsma heeft in het begin van zijn inleiding al verteld dat er in onze fractie een klein verschil van mening is. Voordat ik mijn mening geef wil ik nadrukkelijk stellen dat, mocht de raad niet parallel denken aan wat ik hier stel, ik mij onverwijld stel achter datgene wat in onze fractie toch wel een eenheid is in detaillering. Ik wil mij in hoofdzaak richten op het eerste deel; hoewel dat maar plm. 1 pagina omvat vind ik het belangrijk mij hier toch toe te bepalen. Deze nota begint met op te merken een eerste fase te zijn van het uiteindelijke Verkeers- en Vervoersplan. U schrijft hierbij: "dit om te voorkomen dat het openbaar vervoer, het fietspadenplan enz. aan een niet aanvaardbaar autowegennet worden getoetst en gekoppeld." Ik moet hier uit opmaken dat het autowegennet voor deze stad dus primair wordt ge steld. Het door de raad vastgestelde Structuurplan voor de Binnenstad heeft t.a.v. het gemotoriseerde verkeer sterke ingebouwde beperkingen. Openbaar vervoer en langzaam verkeer hebben hier een uit gesproken voorkeur gekregen. Ik ben van mening dat deze door de raad genomen beslissingen duide lijke consequenties hebben m.b.t. een verkeers- en vervoersplan voor de hele gemeente. In de 5e alinea van de raadsbrief spreekt u over de overige verkeerssoorten die in een volgende planfase de volledige aandacht zullen krijgen. Ik vind deze opstelling niet juist. Ik ben van mening dat ook in een verkeers- en vervoersplan bij het bepalen van hoofdlijnen inzicht moet zijn in alle daarop be trekking hebbende schakels om te komen tot een volledige uitlijning. Het openbaar vervoer dient naar mijn overtuiging allereerst te worden ingebracht. Dit dient niet ingevoegd te worden als tweede rangs of noodzakelijk kwaad. Het openbaar vervoer staat ten dienste van de totale gemeenschap. Ook een fietspadenplan dient m.i. prioriteit te hebben t.a.v. het stadsautowegennet. De fietsroutes moeten kort en gericht zijn en niet de kans lopen dat ze moeten worden omgelegd, moeten wijken voor de autoroutes of er helemaal niet komen vanwege eerder genomen vergaande beslissingen. Nu wil ik hier geenszins mee stellen dat de auto uit het stadsbeeld moet worden verdrongen, verre van dat. Dit ver voermiddel is uit het hedendaagse leefpatroon niet meer weg te denken, maar het dient zich niet on verlet te kunnen verplaatsen ten koste van het leefmilieu. Zo ben ik dan gekomen bij uw eerste voorstellen t.a.v. plaatsbepaling hoofdwegen voor het ge motoriseerde verkeer. De door u gedane voorstellen bepalen echter eenzijdige hoofdlijnen van een ruimtelijke ordening. Ik vind dat niet logisch en ook niet pleiten voor een brede visie. Ik vind het griezelig om zo'n beleid te voeren. De raad heeft u echter op dit spoor gezet om het stadsautowegen-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 9