18 Ik soe op 5 punten noch even neijer yngean wolle. Dy 5 punten binne: de grienfoarsjenning, it inkelsintrum, de koördinaesje tidens de bouw, it untwikkeljen fan de earste flak en de takomstige urkwize Ik big J i n dan mei de grienfoarsjenning. Sa't it yn de modellenota stiet sit der nochal folie grien lans de rannen, lans de Grinzerstrjitwei en lans it easttangint. Ik tocht dat wy it der allegearre wol oer iens wiene dat wy dêr net sunder grien kinne, mar wy hawwe us allinnich óffrege oft de kosten fan dizze grienpartijen dy11 makke wurde omt dizze wyk tafallich lans in drokke forkearsdyk leit op lest komme moatte fan dit plan, oft dy ut de grounkosten werom komme moatte. Binne der noch oare moog- likheden? Wy kinne dizze kosten net mear forhelje op it oanlizzen fan de Grinzerstrjitwei hwant dy leit der al. Ik soe wol graech witte wolle hoe't it mei de fordieling fan dizze kosten leit. As jo dizze kosten oan it plan tarekkenje moatte dan komme der fansels greate problemen. As jo in lokaesjesub- sydzje hawwe wolle - en dêr kinne wy yn dit gefal net omhinne - dan sil de minister dochs altyd mei syn mjitstêven komme - it bikende brune boekje jildt noch altyd - en dat bitsjut 60 m2 iepenbier grien per wenning. As jo dan noch rekkenje hwat der oan de rannen leit dan bliuwt der in fordraeid lyts bytsje oer om yn it plan noch hwat aerdichs to meitsjen. As dizze grienstroken op in oare manier fi- nansearre wurde kinne dan komme der mooglikheden. Ik leau dat dit punt noch wol ris tige goed bi- sjoen wurde mei. Dat sil ek op hiel koarte termyn moatte, hwant as jo dy grienstroken oanlizze op de breedte sa't dy hjir ungefear sketst is dan meitsje jo in protte grien op dat jo eins yn de wyk mear as nedich hawwe. Dat moat dus net. De kosten dêrfan komme dan op lest fan de grounkosten, dat moat. Mei 4 meter grien sil der uteinliks oer 5 jier in tichte öfsluting wêze. As jo lykwols lans of yn dy grienstroken wetterpartijen opnimme en jo prakkisearje oer sa'n 10 of 15 meter grien dan komme jo oan it grien yn de wyk net ta, sjoen de totale opset fan kosten ensfh. Ik haw noch twa opmerkingen hwat dit grien oanbilanget. Wy binne fan miening dat de funksje fan it grien dat lans it Alddiel sketst is net sa bisunder great wêze sil. De minsken dy't oan it Alddiel bouwe sykje dy butenkant omt se in wide blik hawwe wolle nei de Griene Stjerta. As men dêr dan in grienbiplanting oanbringt is dy wide blik fuort. Alle grien dat men dêr brukt hiene wy leaver yn de wyk, dan hat it funksioneel mear wear- de. It grien lans de Grinzerstrjitwei is nei üs miening eins it iennige plakje grien dat fan to foaren oanlein wurde kin. Jo soene by wize fan sprekken nou bigjinne kinne it grien oan to lizzen. Hwat der ek bart, dat grien moat der dochs komme. Hoe't dat dan presys moat witte wy net, mar wy soene fia in moty it kolleezje freegje wolle dizze saek earnstich to bisjen. Ik sil de moty even foarlêze: "De ried fan de gemeente Ljouwert, byien op 20 april 1976, draecht it kolleezje van b. en w. op by de bihanneling fan bylage 147 de nedige bisprekkingen to fieren, plannen to meitsjen, foorstellen oan de ried to dwaen, alles hwat nedich is om de grienstrook lans de Grinzerstrjitwei yn 1977 oan to plantsjen." Wy binne fan miening dat, as jo straks yn Camminghabuorren bigjinne en dy grienstrook hie al in lyts bytsje de fuotten under it gat, dat foar de earste biwenners in hiel bilangryk ding wêze soe. It soe ek in oantsjutting wêze dat de gemeente der earnst mei makket om hjir hwat goeds fan to meitsjen. Nou it winkelsintrumYn it model dat keazen is stiet it winkelsintrum in bytsje noardlik fan it sin trum. Wy hawwe dêr gjin problemen mei. Wy hechtsje der lykwols wol oan dat it winkelsintrum leit oan de haeduntslutingswei en dat de buslijnen it winkelsintrum oandogge. Nei us bitinken hat dat it greate foardiel dat de wurkers dy't jouns ut de stêd komme by it winkelsintrum lans komme en maklik noch even in pear boadskippen dwaen kinne foar't se nei hus geane, dat de bisikers fan dizze wyk it winkelsintrum foarby komme en dêr faeks noch inkele ynkeapen dogge; koartom, it jowt hwat fortier oan dit winkelsintrum en ik tocht dat men dat bisunder nedich hie. De twadde opmerking oer it winkel sintrum is dat wy nei myn bitinken de léste jierren wol ris winkelsintrums boud hawwe dy't fan binnen miskien optimael binne. Wy soene lykwols dizze kear ek foar de butenkant, hoe't men der fanut de wyk tsjinoan sjocht, bisündere oandacht freegje wolle, hwant it is ien fan de bilangrike punten yn diz ze wyk dy't hwat fortier meibringe kinne. Dan de koördinaesje. De koördinaesje m.b.t. it plan freget hiel hwat fan de tsjinst. Dit plan moat boud wurde, it moat goed boud wurde, it moat allegearre goed rinne, mar it moat net allinnich boud wurde, it moat ek forkocht wurde, de lju moatte der wenje wolle. Hwat is faeks it probleem as men earne oan it bouwen is? Der komt in takomstige keaper of hierder, dy man rydt troch it plan, sjocht earne in keet stean en hy freget oan immen dy't yn dy kaet is: Hwer kin ik wenje, hwer moat ik wêze foar in stikje groun, as ik dêr bou hwat komt dêr dan njonken? Wy soene de suggestje dwaen wolle: Is it ek mooglik om, miskien yn it takomstich winkelsintrum, in plak yn to romjen foar alle bouwers dy't dêr oan it wurk binne om dêr harren makettes op to stellen? Dêr soe dan in man to finen wêze moatte dy't wit hwer't jo wêze moatte foar groun en hwat it kostet. Koartom, men soe dêr binnen in koart bistek alle ynformaesje oer de nije wyk krije kinne dy't jo nedich hawwe. It is neffens üs foar de wurkers en foar de takomstige biwenners in hiel wichtige saek dat der sa'n sintrum midden yn de wyk tan de groun komt. Wy soene dit punt dan ek graech by it kolleezje yn omtinken jaen wolle. Ik haw de beide slimste punten foar it lést biwarre. Yn it bislüt stiet under punt II: "opdracht te verlenen tot het ontwerpen van een uitwerkingsplan voor het noordoostelijk gedeelte van het gebied Camminghaburen". Yn it riedsbrief stiet dat by it noardeastlike part tochr wurdt oan 500 wenningen yn de forhalding 40-40-20. Dan stiet der ek noch by dat it "wervend" wêze moat. Neffens üs is il in hiel slimme opjefte foar de Ontwerpers fan dizze flek as jo dêr 40% wenningwetbou, 40% premybou en 20% frije sektorbou krije moatte. Dit freget nochal hwat hwat de forkaveling, it grien en de oanliz fan strjitten oangiet omt der nochal forskil sit tusken de forskillende sektoaren. Neffens üs kin dizze for halding hast net réalisearre wurde yn sa'n lytse flek. Is it foar de iene groep goed en giet de minister akkoart mei in forkaveling foar de wenningwetbou dan is it wierskynlik foar de frije sektor net in "wervend" gebiet. Is it foar de frije sektor "wervend" dan seit de minister grif: Jimme kinne my mear fortelle, mar oan dizze prizen doch ik net mei. Dat is fansels in slim punt. Nou is it maklik to sizzen hoe't it net moat, wy binne fan miening dat wy nou ek sizze moatte hoe't it miskien al kin. It is mooglik om yn de earste flek allinne premybou en frije sektorbou to setten; dat soe in oplossing wê ze kinne. Neffens üs is dat lykwols net in goede oplossing. As jo in moaije nije wyk bouwe wolle mei in "wervend" karakter dan moat dêr ek plak wêze foar de lju dy't tafallich in hwat lytsere beurs haw we, dus sil der ek plak wêze moatte foar in tal wenningwetwenningenIt léste jier foar't wy hjir bi gjinne to bouwen komme der yn de nijbou gjin wenningwetwenningen mear klear. Ik leau dêrom dat der ek wol plak wêze sil foar dy wenningwetwenningen. De oplossing dy't üs it gaedlikste liket is dat wy net in flek foar 500 wenningen forkavelje mar dat wy in flek forkavelje foar 1 .000 wenningen. By dy 1 .000 wenningen soe dan plak wêze foar alle groepen. De man dy't it plan makket hat mear romte om to skouwen omt der in greater gebiet is. It is net de bidoeling om de boukapasiteit op to fieren, hwant dizze greatere flek soe yn pleats fan yn ien jier yn twa jier réalisearre wurde kinne. It greate foardiel is dat jo foar alle bifolkingsgroepen fan de stêd plak hawwe, hwant wol dizze wyk slagje, sil it winkelsintrum slagje, sille de skoallen goed rinne, dan moatte wy soargje dat yn in hiel koarte tiid dêr foldwaende minsken komme to wenjen; oars slagget it net. In foldwaende tal minsken krije wy dêr allinne as dêr foar alle bifolkingsgroe.pen üt üs gemeente plak is. Wy miene dat dat allinne to réali- searjen is op in goede manier as der in flek forkavele wurdt foar 1 .000 wenningen. Wy wolle it kol leezje dan by dy 1 .000 wenningen wier net bine oan de forhalding 40-40-20. Dat kinne wy ófhingje litte fan de bilangstelIing; wy kinne ek ris sjen hoe't de mooglikheden lizze. Jo hawwe yn de greatere flek mear premybou en mear frije sektorbou en dêr soene jo mei bigjinne kinne. It haldt ek yn dat jo, al soene jo it earste jier mei it lokaesjesubsydzje net roun komme kinne, de hiele Ontwikkeling net stop hoege to setten mar dat jo in bigjin meitsje kinne. Om dit to birikken moat der in moty komme en dy sil ik foarlêze "De ried fan de gemeente Ljouwert, byien op 20 april 1976, stelt fêst: yn it bislüt under punt II wurdt under it noardeastlike gedeelte in gebiet forstien great genóch foar de bou fan 1 .000 wennin gen. Dizze bislissing mei gjin gefolgen hawwe foar de jierlikse boukapasiteit." Dan de fierdere Ontwikkeling. It plan dat nou foar üs leit, de modellenota, is untwikkele troch üs eigen tsjinst mei help fan it buro Kuiper üt Rotterdam. As ik it riedsbrief goed lézen haw dan is it ek de bidoeling it flekkeplan op deselde wize to untwikkeljen; dêrnei bigjint de projektorganisaesje syn wurk. Jo kinne der in hiele soad twifels oer hawwe dat dat goed komt. Wy hawwe yn dizze ried fêst— steld dat wy in eigen stêddeboukundige tsjinst hawwe wolle. Wy hawwe in eigen stêddeboukundige tsjinst krigen en dy sille wy dan eins ek it wurk opdrage moatte dat der is. Dat kin neffens my allinne op dizze wize. Wy moatte yn in hiel ier stadium de bouwers yn dat gebiet oanvvize; de architekten fan dy bouwers hawwe folslein ynspraek mei üs eigen tsjinst oer de Ontwikkeling fan de flekken. Wy hawwe it idé dat dit miskien in "novum" is, mar ik leau dat it it probearjen wurdich is. Wy binne yn earste ynstansje ré om to sizzen: Bisykje dit mar ris. (De Foarsitter: Prate jo nou oer it flekkeplan, oer it globale bistimmingsplan Ik bidoel it sa. It flekkeplan wurdt neffens jou foorstel makke troch de tsjinst mei help fan it buro Kuiper. Dêr geane wy mei akkoart. Dat is in fuortsetten fan de saek. Doe't dit kredyt frege is is der troch üs fraksje sein dat oant it untwikkeljen fan de flekken ta akkoart gien wurdt mei dizze gearwurking. It kolleezje hat dat wier makke. Dy sizze: Op it momint dat de Ontwik keling fan de flekken bigjint docht de eigen tsjinst it mei de architekten fan de takomstige bouwers. Hjir sit neffens üs noch wol in great probleem oan, hwant it kin wêze dat de architekt fan de takomstige bouwer wol tige deskundich is mar dat hy gjin stêddeboukundige is. Syn ynbring yn sa'n plan sil fan sels lytser wêze as yn it gefal fan in architekt dy't wol stêddeboukundige is. It liket my net maklik de bouwers to selektearjen op de architekten dy't hja ynbringe. It kolleezje docht it foorstel it op dizze manier to probearjen en üs fraksje is ré to sizzen: Bisykje it, wy wachtsje mei bilangstell ing óf, it re- sultaet krije wy hjir om it to bioardieljen Alles byinoar nommen: Wy wolle graech dat it grien lans de Grinzerstrjitwei der sa gau mooglik

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 10