- 19 - - 18 - De hear Singelsma: Sapas sei de boade yn de gong tsjin my: Krije wy ek in lyts grapke om to bigjinnen? Ik sei: Ja, ik bin altyd wend om mei in lyts grapke yn de klasse to bigjinnen, foaral as de klasse roerich is. Jo krije dan wer hwat oandacht. Nou, it is in lyts grap ke. Ik lies yn de aide hannelingen fan 19^5 dat de doedestiidske wet- halder sei: De iengesinswent hat ofdien, dy hat gjin takomst mear yn Ljouwert; dit is fan gjin bilang foar it oplossen fan de wenning- fraechstikken. Dat is in aerdich grapke, tocht ik. (Laitsjen) Ja, jo hawwe der grapjassen by. MoraelLeau net alles hwat der efter de griene tafel utkraeid wurdt. (Laitsjen) (De Foarsitter: Jo soene se stil meitsje mar jo meitsje se allinne mar roerigerIk bitrou op de boppemaster. (Laitsjen) (De Foarsitter: Dêrom help ik jo ek al even. Nou yn alle earnst. Ik haw fan'e middei mei de lineael op skoalle efkes de griene seame neimetten dy't oan de noardkant tsjin de Grin- zerstrjitwei leit, dy beammeseame. Nou, dy wie 10 sentimeter en dat is dus 100 meter. Ik haw doe forskillende tsjinsten opskille yn Frys- lan en dan docht it my nij hoe'n bytsje dy lju witte. Ik sei: Hwat foar ofst&n moatte jo hawwe ut de as fan de dyk nei de gevel? Dat koe hast gjinien my opjaen. Nou, it komt der dan op del: 100 meter is mi- nimaelmar 200 meter is idéael. Hjir binne wy wol oan de ündergrins Sapas haw ik de hear Van der Wal heard dy't it hie oer "w&llen der omhinne". Dêr haw ik my ek oer yn'formearje litten. Der waerd sein: Minsken, as hja dat dogge dan krije hja it lüd yn de sliepkeamers en dat moat foaral net. Bou dus gjin wdllen om dat plan hinne. Hwer't ik my wol oer forwundere haw dat is dat - dêr binne it blyk- ber stedslju foar, ut Rotterdam wierskynlik - se de folkstunen en skoallewurktunen projektearje utrekkene oan de greate forkearsdyk. Dy dyk wurket as in soarte fan fabryk dy't koaledamp en lead utspuit. En dêr moatte nou krekt folkstunen oan px-ojektearre wurde en skoallewurk tunen. Nou wit ik wol, der geane mar 15-000 auto's lctns per dei en tusken Rotterdam en Den Haech 90.000, mar ja, dat komt hjir aenst ek wol in kear sa "sille wy hoopje", sizze bipaelde lju; ik net hear. Ik nim oan dat doktor Klouwen ut Grins hjir aenst ek wol op of stouwe sil; dy is hjir ek wol bikend, tink ik. Ik kin wol it ien en oar oerslaen fan hwat ik sizze soe. Van der Wal hat ek al safolle sein en safolle praet, ik moat noch hwat sizze. (De heer Van der Wal: Dat valt niet mee.) Né, dat fait net ta. Dit leit my as in stien op'e mage. Yn it sudeastlike diel leit in stik frije sektor. Nou oanfurdigje ik it klasseforskil yn de maet- skippij, der is forskil yn yntelliginsjeder is forskil yn bileanning, der is forskil yn de dikte fan'e beurs en in man dy't hwat mear jild foar syn hus bisteegje wol is dêr neffens my frij yn. It binne ek hwat de smaekmakkers fan sa'n plan fansels, sokke lju dy't dêr yn moaije bungalows wenje. Mar oars wurdt it as dy frije sektor safolle bislach leit op de romte en spesiael op de romte dy't oan de kollektiviteit taheart; dat is it wetter. Dan siz ik: Dit is mis. Dy fivers, dy yn- stekhavens hearre oan de kollektiviteit fan de mienskip dêr, dy moatte brükt wurde foar de lytse wettersport; dat is de trend op't heden ek op it departemint yn Den Haech. Steatssekretaris Meijer hat lésten sein by it iepenjen fan in jachthaven: Wy moatte foaral each hawwe foar de lytse wettersport. My tinkt, it soe in goed ding wêze as wy dingen dy't krap binne reservearje foar de kollektiviteit, foar de lytse boatsjes. It fait my op dat men hyltiten, ek yn de Contouren nota, nei it yndividu sjocht; dy moat mear oan wolwêzen hawwe, dy moat mear oan sizzenskip hawwe. Mar ek de mienskip, de kollektiviteit moat dêr hwat mei dwaen kinne. Oer de wenten seis hat Axies al hiel hwat moais sein. Ik bin it dêr ek mei iens. Hja hawwe hjir in alderaerdichst projekt op tafel lein dat der fan utgiet dat men bouwe moat foar de minsken. Der binne forskillende soarten minsken, wy witte sa stadichoan wol dat der net ien gelyk is. Mar oars kinne wy it krekt sa krije as hwannear't ik destiids in pak kocht by in bikende konfeksjehannel hjir. (De heer Janssen: Stond u ook al in de krant?) Né, dat hoegde net. Dan pakte dy man my by de broek beet sa efter yn de rêch en sei: It past mynhear, sjoch ris even, en dan treau hy my foar de spegel. (De hear Ten Brug (weth.): Dat hoecht hy nou net mear to dwaen.) Né, dat soe mei jo mis kien noch al kinne, mar dat slagget mei my net mear, hja kinne net mear om my hinne. (Laitsjen) Mar hwat ik sizze woe, as jo dan mei de nijkeap thus kamen dan stienen jo der midden yn. Ik bin ek bang dat wy hjir in konfeksjehus taparte krije, sa fan: Sjoch, hjir hast ien. Uteinliks hat de minske mei syn libbensstyl rjocht op dat hUs dat hy seis winsket. De yndustriéle wentebou stiet ek ta om yn in geweldige fariaesje to bouwen. Wy tinke altyd mar dat yndustriéle wentebou al linne mar. unifoarmiteit ynh&lde moat, mar dat is net sa, de yndustry kin in geweldige fariaesje meitsje yn de wentebou. De gong fan saken mei de bouwers is in hiel eigenaerdige saek. Wy wurde deasmiten mei brieven ü.o. fan mynhear Kats. Nou lit ik my fuort net forkatse fansels, mar dochs. Boubidriuw Frysl&n hat ek al brieven skreaun. Ik tocht by mysels: Hwerom soenen dy earst buten spul set wêze? Nou haw ik dêr wol myn theory oer ennou ja, de paden nei it gemeentehtls binne ek wol to finen. Ik bin der ek wol foar dat pleatslike bouwers oan de bak komme. It soe goed wêze as de weth&lder ek ris regelmjittich de Frankfurter Allgemeine lies, in dutsk blêd dat in protte ynformaesje oer bouaktiviteiten jowt. Dêryn stiet ek dat de boumerk sa mar ynstoarte kin troch de greate bouwers dy't net oan harren forplichtings foldwaen kinne. Yn dy krante wurdt altyd pleite foar lytse bouwers, dy binne folie minder kwetsber. En foaral ek nou't Lubbers eins it lytse bidriuw en it middenbidriuw stypje wol is der, soe ik sizze, alles foar to sizzen om ris to sjen oft der ek in mooglikheit is foar de hwat lytsere undernimmers Ik waerd der al hwat kjel fan dat men yn Camminghabuorren kaeijen bouwe wol. (De hear Rijpma (weth.): Dy stoarte ek allegearre yn.) Bin ne dat wier stiennen kaeijen? Ik haw dy nota trije kear lézen en ik bin it net tsjin kommen, mar goed, jo wurde op't lést bidriuwsblyn. (Laitsjen) Mar ik tocht, doe't de hear Heidinga it wurd naem, 100 jier lyn wie de Willemskaei in griene kaei. It soe fansels wol sa akultureel wêze - en dêr sjoch ik dit kolleezje net foar oan - as jo dêr stiennen muorren bouwe soenen. Ik sjoch harren noch wol foar sa kultureel oan dat se dat net dwaen sille. De Voorzitter schorst, om 21.15 uur, de vergadering voor de eerste pauze De Voorzitter heropent, om 22.00 uur, de vergadering. De heren C. de Jong en J. Schaafsma (weth.) zijn inmiddels ter ver gadering gekomen. De Voorzitter: Er zal nu van deze zijde een reactie worden gegeven op hetgeen voor de pauze door de raad naar voren is gebracht. De heer Rijpma (weth.): De rolverdeling is zo dat ik de eer toebe deeld heb gekregen als eerste te mogen antwoorden op vragen en opmer kingen uit de raad. Daarna zullen achtereenvolgens de heren Achterhof en Van der Ree over een aantal zaken opmerkingen maken en dan zullen de heer Van Kats en ik nog even overleggen of er bepaalde dingen over

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 10