- 8 - Yn it plan is sprake fan 5^% flats. It is wol bikend dat ik net in great foarstanner bin fan flats mar ik leau dochs dat men yn de rin fan de tiid tsjin in lytse oanfolling fan it "assortiment" flats biswierlik né sizze kin. Hwat my oanbilanget, ik fyn dat dat der wol yn sitte moat. Dan in oar probleem. Oant safier wy nou binne is it dudlik dat dit it wurk wie fan de stêddeboukundige tsjinst fan de D.S.O. mei help fan it buro Kuiper. De haedstruktuer dy leit nou fêst, tominsten sa wurdt it steld. De earstkommende-fase sil de forkaveling fan de flek wêze. Myn fraech is nou:Hwat is de miening fan it kolleezje, hoe docht men dit? Ik tocht dat der forskillende mooglikheden wienen. Jo kinne sizze: Dizze minsken binne der mei dwaende, dy hawwe de struk- tuer yn'e holle, as wy oan harren nou ek de forkaveling oerlitte dan hawwe wy de minste bitizing by it praten mei de forskillende bouwers. Mar derby is it wol sa dat it de fraech is oft, as jo de eask stelle dat jo in goed plan hawwe moatte en strak fêst halde wolle oan de eask fan 50 wenningen per architekt, it dan to oanfurdigjen is dat it hiele plan Camminghabuorren forkavele wurdt troch ien stêddebou- kundich buro, hoe goed dat dan ek wêze mei. Soenen wy ek yn de for kaveling net mear forskaet krije as mear goede minsken dêr oan wurk- je? As ik siz dat mear goede minsken dêr oan wurkje moatte dan réa- lisearje ik my dat dat finansiéle konsekwinsjes hawwe kin. Ik nim oan dat by de bioardieling fan de grounpriis troch de provinsiale direksje en by de bioardieling fan in oanfraech foar subsydzje troch de minister bisjoen wurde sil hwat de kosten binne dy't de gemeente Ljouwert opfierd hat by it birekkenjen fan de grounpriis en oft dat allegearre goed dien is. De minister sil wol in x-bidrach foar stêd deboukundige kosten per wenning yn'e holle hawwe. Litte wy nou, om it forhael net to yngewikkeld to meitsjen, ris oannimme dat dat 500,per wenning is. Dan soe it nijsgjirrich wêze to witten hoe folie der nou noch fan dy 300,-- oer is. Ik haw it idé dat it kol leezje dêr net in antwurd op hat. (De heer Rijpma (weth.): Weet u dat al van te voren?) (De hear Singelsma: Jo kinne it nea witte.) It fait wol ris ta, woene jo sizze, mynhear Singelsma. It is foar my de fraech oft it mooglik is dat, as in wenningbouforiening - litte wy it simpelste gefal mar nimme - sa as yn it forline syn ar chitekt in forkavelingsskets ynleverje lit, hy in bipaeld persin- taezje fan de grounkosten dy't foar de forkaveling biskikber binne krijt. Of giet men der fan ut dat de tsjinst de forkaveling docht en dat de bouwer dy't hwat wol mar sjen moat hwer't hy it jild wei hellet? Op dizze fraech wol ik graech in dudlik antwurd hawwe. De hear Knol hat sein dat de korporaesjessjoen kaert 12, yn in efterofhoekje drukt binne, wylst de korporaesjes yn it forline 90% fan de bou réalisearre hawwe. Hy freget him óf: Moat dat nou? Ik wit net krekt hoe't it sit, mar as de hear Knol it seit dan nim ik oan dat it wier is. As de korporaesjes yn it forline yndied 90% fan de bou hawn hawwe dan hawwe hja ek op de moaije plakjes boud. (De heer KnolWij hebben nog nooit eerder een plan met een wervend ka rakter gehad.) Der sit altyd mear as 10% moaije plakjes yn in plan, dus as hja 90% hienen dan hienen hja ek in part fan de moaije plak jes. (De heer Knol: Maar dit is natuurlijk iets nieuws, want wij hebben nog nooit wervende plannen gehad.) Wy hawwe altyd "wervend" boud, wy neame it nou allinne foar it earst. (Laitsjen) Hwat dy for- dieling op kaert 12 oanbilanget, us fraksje hat dêr gjin swierrich- heden mei. As ik siz dat wy dêr gjin swierrichheden mei hawwe dan fordiskontearje ik dêryn dat yn it foarstel fan it kolleezje de ka vel J foar in great part bistimd is foar de biskutte sfear. As wy dat yn kaert 12 fordiskontearje dan fyn ik de fordieling oer it ge- biet ridlik. - 9 - Dan soe ik noch in inkele opmerking meitsje wolle oan de han fan de moaije kaert dy't jimme dêr ophongen hawwe. Jimme hawwe dy kaert dêr mei sin ophongen en dan moatte wy dêr ek gebrük fan meitsje. As ik de kaert der by haw kin ik makliker dudlik meitsje hwat ik bidoel. It giet my even om de griene stroken rounom al dy flekken. Ik haw hjir al ris in pleit fierd foar it forlytsjen fan de grienstrook oan de eastkant omt dy dochs tsjin de Griene Stjer oan leit; meitsje dat stik grien hwat lytser en bring dat grien yn de wyk. Nou hawwe jimme it yn de wyk brocht en nou is it wer net goed. It giet my hjirom. Oan beide kanten fan it wetter dat fanóf it Alddiel de wyk yn rint hat men in folslein griene strook oanjown en de bibouwing mei net oan it wetter ta komme; in eintsje fierderop is dat ek sa. Wy prate oer in "wervend" karakter en ik tocht dat dan ien fan de punten dêrby wie dat der in mooglikheit is om in hus to bouwen mei in tun oan it wet ter. Ik bin my der fan biwust dat it foar de wyk as sadanich fan great bilang is dat der ek in kuijerpaed lans it wetter leit. (De heer Ten Brug (weth.): Een "Brandenburger" paadje.) Ja, mar wy moatte se hjir net allegearre in opdruk jaen, hwant dan is de iene fan it paedtsje en de oare wer fan hwat oars; it hat lykwols wol yndruk op my makke, mefr. Brandenburg. Mar as men oan de sudkant fan dat wet ter in kuijerpaed lans it wetter makket is it neffens my net nedich om it oan de noardkant ek to dwaen; men kin dan oan de noardkant fan dit wetter huzen projektearjede tun op it suden en oan it wetter ta. Dy wenningen kinne in hegere priis opbringe. Dat hdldt yn de to tale eksploitaesje fan it plan yn dat de preemjekavels hwat goedkea- per kinne en dat it hiele plan der better fan wurdt. Ik tocht dat sawol yn forbdn mei it "wervend" karakter as foar de eksploitaesje it grien lans it Alddiel, it grien oan de noardkant fan it wetter hwer't ik it krekt oer hie en it grien lans it wetter in eintsje fierderop nei it sintrum ta der ut helle wurde moat. Hjir op dit plak haw ik der minder op tsjin; dêr sil noch wol hwat komme, dêr is de Plantsoenetsjinst noch net hielendal oan ta kommen. (De heer Janssen: Dat is particulier.) Net 100%. (De heer Janssen: Het is geen openbaar groen.) Nou, dit wiene sa inkele winsken oangeande it grien. Ik wol graech witte oft der perfoarst oan beide kanten fan dat wetter in kuijerpaed komme moat. It is in frij lang wetter. As jo de iene kant lans roun hawwe dan binne jo al lang bliid dat jo wer thus binne, dus de oare kant hat gjin sin. De heer Visser: Ik zou graag even aan willen haken bij de woorden van de heer Buising over de onderwijsvoorzieningen in Camminghabu- ren. Uit de stukken blijkt dat er niet een eenduidig standpunt naar voren gekomen is in het overleg tussen de partners. Ik geloof dat daar ook wel een reden voor is. Bij de prognoses werkt men in Leeu warden altijd met de z.g. belangstellingspercentages. Die liggen bij het openbaar onderwijs op 50%» bij het prot. christelijk onderwijs op 40% en bij het rooms katholiek onderwijs op 10%. Ik dacht bij mij zelf dat dat mogelijk een rol heeft gespeeld bij de keuze van de si tuering van de scholen. Nu is 10% verschil tussen openbaar onderwijs en prot. christelijk onderwijs niet zo groot, maar het zou er aan de hand van de te verwachten leerlingenaantallen toch in kunnen resul teren dat men te maken zou krijgen met geamputeerde scholen; daaronder versta ik dan de niet volledige, 6-klassige scholen. Naar mijn mening zou dat een rol gespeeld kunnen hebben. Daardoor komt natuurlijk de hele situering in het gedrang. In verband daarmee kan ik mij dus in denken dat de vereniging P.C.B.0. haar keus heeft laten vallen op het centrum van de wijk. Nog veel moeilijker ligt de zaak bij het r.k. onderwijs waar men dus rekent met een belangstellingspercentage van 10. Daarvoor is natuurlijk elke spreiding over de wijk uitgeslo-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 5