18 van onze bevoegdheden gebruik te maken, niet om het college te pesten maar om een bijdrage te le veren aan het formuleren van het beleid. De hear Singelsma: Nei al itjinge de oare fraksjefoarsitters hjir nei foaren brocht hawwe kin ik bi- gjinne mei myn slotskóging. (De hear Ten Brug (weth.): Slotskóging?) Dat hawwe jo goed bigrepen. Ik haw bigrepen dat de oare fraksjes eins al it materiael oandroegen hawwe hwertroch myn foardracht in bytsje bigrypliker wurdt. Ik haw bigrepen dat it wier is hwat sapas in man my op strjitte taróp. Hy sei: It binne minne hounen yn Den Haech, dek-opDat wie de teneur fan tal fan redefieringen dy't hjir hjoed halden binne. It gyng oer sintralisme en desintralisme. By de algemiene skógings heart it ta de folkloristyske gebruken om ek in pear motys to produsearjen dy't dan mei in spesiale koerier nei Den Haech brocht wurde. It binne ornaris motys der't elkenien it yn it foaren al oer iens is; it binne eins skotten yn in leech doel, motys. Fan de ried wurdt forwachte dat de hiele folksfortsjintwurdiging der efter stiet. Dat is hjoed ek it gefal en ik nim oan dat de ried - wy hawwe dat al sjoen - ienriedich aenst de fust omheech stekt nei Den Haech under de utrop: FijSoks hellet de krante altyd wol, hwant men mei dan Wiegel forwite dat hy foar de tribune spilet, alle fraksjes binne der net fiis fan. Mar it mooiste momint yn myn eagen is altyd it momint as de yntsjinner fan de moty de rispinge ynhellet en biskieden glimkjend yn de stoel werom sakket. Dat moaije momint kinne wy aensen wer fan genietsje. Dit foarrjocht, it yn untfangst nimmen fan it hantsjeklappen fan it folk, is allinne de greate fraksjes biskern. De lytse fraksjes sille dit greate foarrjocht nea dielhaftich wurde. Nou mei in lytse fraksje ek tuzen kear itselde biweard hawwe, sa yn de trant fan Den Haech heint us by de tomme, it andert fan de greate bruorren sil altyd wêze: Sjoch ris feint, de V.N.G. haldt dat wol yn de gaten, wy hawwe gjin forlet fan in aparte moty hjiroer. Sjoch de hannelingen yn it forline. It skeelt in bulte hwa't it seit, seit in bikend Frysk sprekwurd. Fan dit soarte net-skreaune demokratyske spulregels liz ik net wekker. Ik haw dat al sa faek meimakke. Mar it is formaeklik to sjen as in greate fraksje in moty yn- tsjinnfet dêr't men eins ek net under ut kin as oare partij hoe't dy oare partij dan bisiket om der krekt hwat in oare moty fan to meitsjen, sadat it ien wurdt fan eigen makkelei. Hwant it giet yn de Neder lanske polityk hjirom dat de iene partij net tofolle foardiel hat en de oare partij net tofolle neidiel. Dizze C.D.A.-moty - hy wie yn it foaren al oankundige en ik haw him ek brukt as tekst foar myn preek - is oanlieding foar my om op dizze steatsfadije efkes djipper yn to gean. Sjoch, it Nederlanske parlementaire stelsel is wol ris as foarbyld steld foar de Afrikaenske untwikkel ingslcinnen dy't nei de bifrijing fan it kolonialisme in eigen demokrasy opbouwe moasten. Yn sokke lannen dêr't forskillende stammen mekoar op libben en dea bisochten ut to roeijen wie in demokrasy dêr't ien partij de mearder- heit hie fansels net brukber. De Ingelske demokrasy mei nou ris de konservativen de baes en dan wer La bour soe de deastek bitsjut hawwe foar untwikkelingslannen. It Nederlanske foarbyld wie in folie bet ter foarbyld, sei de Amerikaenske undersiker Leibhardt, hjir wol bikend nim ik oan. (De hear Ten Brug (weth.): Ja wis.) Ik tocht, hy forstiet my net iens, mar dat is wol it gefal. (Laitsjen) Hy kriget der in kleur fan. Hwat hjir neist my sit - ik sit hjir yn de rjochter wjuk fan de ried - is yn wêzen in byme- koar fage espeltsje lytse partijen, omt se stik foar stik minmachtich wienen hawwe se de lapen gear smiten. Foaral de K.V.P. mei in stees fierder werom rinnende oanhang is de gongmakker fan it C.D.A. en dêrfan is Van Agt de greate smaekmakker. Fan 1948 oant 1972 binne de konfessionele partijen ef- terut roun fan 54,7% nei 31,3%. (De hear Jansma: Yn Fryslan?) Yn it hiele lan, dat hiene jo net for wachte. (De hear Ten Brug (weth.): Dat is hwat slimmer.) Ik moat der by sizze, de net-konfessionele partijen binne ek efterut roun, mar net yn dy mjitte. (De hear Bijkersma: De V.V.D. net.) Ik kom aenst wol even by de V.V.D. Sa is de frjemde situaesje untstien dat alle partijen minderheitspartijen binne. (De Foarsitter: Hat dat hwat to meitsjen mei algemiene skógings yn de gemeenteried?) Jo hawwe dat sa- pas tsjin de oare hearen ek net sein. Ik forsykje jo dat ek net tsjin my to sizzen. (De Foarsitter: Ik freeg- je it allinnich mar.) O, nou ik sil my dêr neat fan oanluke. (Laitsjen) Ik bin konkreet yn myn antwur- den, ik hoopje dat jo aensens by de motys ek sa konkreet binne. Sa is dus de frjemde situaesje untstien dat alle partijen yn Nederlan minderheitsparti jen binne dy't allinne mei allerhanne kompromissen it meimekoar bisykje moatte to roaijen. Sa untsteane der reade kabinetten mei in wyt rantsje en wite ka binetten mei in reade ranne. En krekt sa as yn Afrika de stammen harren meiinoar formoedsoenje moat te, sa moatte ek de politike lieders dat hjir dwaen. En dat fait net altyd ta. Ommers, de basis fan de maetskippij libbet noch yn stamforban hjirre. Wy fochten as jonges fan de iepenbiere skoalle - dat witte jo ek noch wol, wethalder - tsjin dy fan de kristlike skoalle, net sa as op de film sabeare mar mei ynmoed en mei oerjefte. Us buorfrou - dat moat ik noch efkes sizze - dy't roomsk wie joech har gunsten oan de roomske winkelman; se wie hwat ienkennich. En as se al ris by need in healpoun kofje nedich hie dan kocht se by in oare winkelman stéfêst in pakje fan Douwe Eiberts, hwant dat wie ek in roomske firma. Wy libben doe yn de tiid fan it manicheïsme, dat wie in aide godstsjinst fan de Perzen dêr't allinnich mar twa goaden wienen, dy fan it goede en dy fan it kweade, fan it Ijocht en fan it 19 skaed. Yn dy situaesje libje ek noch forskillende Nederlanders, dy miene dat der mar twa opfettingen binne, it goede en it tsjoede. Dizze forsuilde en konfessionalisearre maetskippij wie nou it founemint dêr't it Ian, it ryksregear, in kabinet op bouwe moast. Mar dat wie nou krekt it frjemde, wylst de ba sis fan de maetskippij ütinoar lei founen de lieders mekoar oan de top. Foar it gewoane folk wie dat eins in unbigryplike saek, hwant dy tochten dat de keamerleden mekoar ek mei it mes efternei sieten. Mar dit ideologisearjen nei de basis - dat giet hjoed de dei noch stees troch - en it akkommodearjen oan de top joech Nederlan in stabile demokrasy, sa stabyl seis dat men rêstich sprekke koe fan in ym- mobile demokrasy. Foar de oarloch, oant 1939 ta, hat dit tal fan kabinetten oplevere dêr't gjin sosia- listen yn sieten. Eins wol hwat sneu, hwant de sosialisten hienen yndertiid, yn 1917, meiwurke oan it gelyk stellen fan it bisünder underwiis mei it iepenbier underwiis. It algemiene kiesrjocht wie harren diel, mar de earste pasifikaesje levere harren net in meidwaen oan it regear op. De perioade en it for- sin, sa't men dat dan seit, fan Troelstra kaem dêr efkes efteroan. Der soe earst in nije krisis en in twad- de oarloch op kommende wei wêze moatte foar't de sosialisten as in fatsoenlike partij weardich keurd waerden. De krisis mei it plan fan de arbeid fan Jan Tinbergen en Hein Vos dy't net alle hope mear fêstige hienen op de steatsekonomy en op it steatssosialisme wie der wierskynlik net frjemd oan dat de sosialisten meidwaen koenen. It mei mekoar iens wêzen oan de top hie syn biswieren, it hie ek ta ge- folch dat de hearen fan de top allerhanne dingen under mekoar regelen. Hjir falie yn dizze seal - ek hjoed wer - gau ris de wurden: it Haechske sintralisme. Mar hwat dat nou krekt ynhaldt jowt men jin yn de regel gjin rekkenskip fan. Men tinkt oan in machtich parlemint dat yn it foarste plak opkomt foar de Hollanske bilangen. Mar dat parlemint is in frijhwat dualistyske ynstelling. Yn dat parlemint sitte de generalisten neist en faek foaroer de spesialisten. En it binne krekt dizze generalistyske parle- mintariërs, de minsken dus dy't de bilangen foarinoar oer ófweage moatte, dy't it óflizze moatte tsjin de spesialisten, dy't de dielbilangen fordigenje. Troch dit politike dualisme is it Nederlanske bislis— singssintrum sunder mear swak to neamen. Mar dêr komt by dat de forsuiling in hiele protte foech oan de sintrale oerheit unttrutsen hat. Dy forsuiling en fordieldheit meitsje koö'rdinaesje oan de top need- saeklik, in koördinaesje fan partikuliere organisaesjes dy't ridlik wurket, mar de forantwurdlike minis- tearjes hawwe der net folie gryp op. Sa binne yn wêzen tal fan oerheitstaken oan it bilied unttrutsen en tolanne kommen yn in sletten sirkel dêr't de biliedsbislissingen falie. Yn dy ring operearje de spesi alisten, de fortsjintwurdigers fan fakbounen en wurkjowers, de deskundigen fan oare bilangegroepen, de keamerspesialisten en de amtners - de fjirde macht - dy't de biliedsbislissingen tariede moatte. It sintralisme yn de Nederlanske polityk is oars as men ornaris tinkt. It is net yn it foarste plak de macht fan it regear en it parlemint, mar folie mear de macht fan de forsuilde bilangegroepen dy't harren bi- lied op sintrael nivo koördinearje en dat allinne mar dwaen kinne by de graesje fan in passive efter- ban. As de izeren ring de swiere taken oan him lutsen hat bliuwe der foar de legere oerheden de min der bilangrike oer. Komme der al dingen dy't to meitsjen hawwe mei libbensskóging en dat soarte din gen dan jildt as foarnaemste regel dy fan de evenredigens. Net ien partij mei tofolle neidiel hawwe of tofolle foardiel. Binne der baernende kwestjes dan wurde dy earst in skoftke yn de iiskast set. Yn Den Haech seit men: Se wurde oer it wykein hinne tild. De folgjende stap is dan dat politike kwestjes wer om brocht wurde ta technyske problemen, se wurde, om sa mar to sizzen, depolitisearre. Dat werom bringen ta in suver technysk probleem kin fansels net barre yn de iepenbierens. Men kin der Jan mei de pet en oare fortsjintwurdigers fan it "kaas- en broodvolk" net by bruke en dêrom siket men de smu- kens op fan de sletten gearkomste. Der lekt fansels altyd hwat fan üt, hwant de measte minsken binne sa lek as in tsjems. De geroften en de heisa dy't dêr op folgje binne net fan de loft en nei dizze ynge- wikkelde proseduere folget dan de knooptrochhakkerij fan it regear en fan de legere oerheden en dan fait der in bislut dat faek forkeard utpakt. Dizze spulregels wurde net fêststeld troch it steatsrjocht, mar it binne de net-skreaune politike regels sa as dy foarme binne yn de polityk fan al den dei. It leit foar de han dat dizze spulregels allinne tapast wurde kinne as de boargerij passyf is en der binnen de suilen in greate mjitte fan loyaliteit is. Mar hoe langer hoe mear docht it bliken dat it mei dy loyali teit binnen de suilen ut de han rint en dat ek de boargerij bigjint op to sprekken. Kranten en televisy hawwe de minsken kritysk makke, oars hie allicht it systeem fan ideologisearjen oan de basis en mei mekoar opwurkjen oan de top üs in ymmobile demokrasy jown oant yn lingte fan dagen ta. Mar sunt 1966 mei it optreden fan Nij Links, D'66 en P.P.R. is de top sa stadichoan ek utinoar dreaun. De stam- haden hawwe yn de heechste regionen spul mei inoar. Dat neame wy it polarisearjen en it leit foar de han dat it Nederlanske parlemintaire systeem op sa'n manier minder oantreklik wurdt foar de untwikke lingslannen. De aksjegroepen binne in nije krisisfaktor yn de polityk, it is in normael forskynsel wurden. Ek yn dizze stêd binne de aksjegroepen aktyf. Nou binne de aksjefierders yn de regel minsken dy't kritysk foar de oerheit en syn dieden oer steane, mar harren krityk rint ornaris lyk op mei in mear as gemiddelde bilangstelIing foar de polityk. Boppedat binne de aksjefierders as regel minsken mei in mear as legere skoalle-opliedingHja bigjinne as regel mei in bipaeld konkreet doel oan to pakken, sa as

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 10