6 great part fan de bifolking skynt it foldwaende to finen ienris yn de fjouwer jier syn fortsjintwurdigers, de riedsleden, to kiezen. Men soe dan ek sizze kinne dat troch de ynspraek sa't wy dy kinne de yn- floed fan bilangegroepen en fan aksjegroepen relatyf great is. Men soe oan dit probleem frij swier tille kinne. De C.D.A.-fraksje is lykwols fan miening dat de wearde fan de ynspraek op dit stuit perfoarst greater is as de biswieren. Dochs sille wy by de fortaling fan de ynspraek mei de niiskrekt neamde om- stannichheden wol rekken balde moatte. In oar punt dêr't ik by dizze skoging in pear opmerkingen oer meitsje wol is it folgjende. Us amt- ners binne fan't jier, foar safier't wy dat bioardielje kinne, wer under swiere druk set. De fraech oft wy sa troch gean kinne moat, tocht ik, steld wurde. As men op dizze fraech in andert jaen wol sil men earst fêstste11e moatte hwat de oarsaken fan dy druk binne. Yn it foarste plak is der in swiere druk trochdat der under druk fan hegere oerheden hieltiten wizigingen yn de foorstellen ynboud wurde moat te. Ik kom der aenst noch op werom. Yn it twadde plak is der in swiere druk trochdat op bipaelde ge- bieten de amtners algeduerich mei in efterstan to krijen hawwe, hwat ekstra wurk meibringt. Oer de efterstan by it meitsjen fan bistimmingsplannen sil us fraksje mei in foarstel yn dizze bigreatingssitting komme. len fan de oare leden sil der, as de oanhalden punten oan de oarder komme, it wurd oer fiere. Ek it great oantal kommisjes en rieden en binammen it to faek byinoar kommen fan dizze kommisjes en rieden freget it nedige fan de tsjinsten. It greate foardiel fan dizze gong fan saken is lykwols dat wy as ried tige ier yn de saken bi hel I e wurde en wy, nei't wy hoopje, mear ynfloed hawwe. Ek de al neam de ynspraek bringt it nedige wurk mei foar us amtlik apparaet. Alles oersjende haw ik der dochs forlet fan us korps amtners, op hokker plak hja ek steane, üt namme fan de C.D.A.-fraksje in wurd fan tige tank to bringen foar al datjinge dat hja yn 1976 dien hawwe. Nou wol ik in pear opmerkingen meitsje oer in tal saken dy't yn 1976 fan start gean koenen. Yn it foarste plak hat it us fraksje tige deugd dien dat nei jierren fan praten en fan soms greate spanningen de Fryske universiteit dit jier yndied utein set is. It is sawol foar üs gemeente as foar hiel Fryslan in ynstitut fan sa'n greate wearde dat it goed is it hjir apart to neamen. In soartgelikense wichtige saek achtsje wy de réalisearring fan de definitive husfêsting fan de universiteit. Kin it kolleezje hjir noch meidielingen oer dwaen? Ek de gearwurking tusken de trije sikehuzen stimt us fraksje ta foldwaning. De fierdere Ontwikkeling sille wy mei bilangstelling folgje. As leste punt fan it werom sjen neam ik it düdlike bigjin fan it „herstel fan de binnenstêd. Dit bigjin wekket forwachtingen foar de takomst. Hwat dy takomst oanbilanget sil sawol it kolleezje as de ried him der foar hoedzje moatte om mei in greater part fan de binnenstêd to bigjinnen as wy oan kinne. Wy binne as gemeenteried hjoed byinoar om de greate biliedslinen foar de kommende jierren to lu- ken. Derby freget ek de bistjurlike réorganisaesje us omtinken: nije provinsjes, gemeentlike weryndie- ling, fordieling fan taken tusken provinsje en gemeenten en de regiofoarmingAs gemeentebistjur wurdt men konfrontearre mei in trochgeand proses fan réorganisaesje. Dat soks net hwat nijs is en net allinne hwat fan dizze tiid docht klear bliken üt in sitaet fan Petronius dy't libbe sa'n 65 jier nei Kris- tus. Dizze man wie pro-konsul fan Bytinië. Hy praette gjin Frysk, mar ik haw it oerset, hy skreau yn dy tiid: "Ik kaem ta it ynsjoch dat wy by it tanimmen fan de jierren net oan de oanstriid untkomme om eltse nije situaesje oan to pakken mei in réorganisaesje en hoe treflik kinne wy op dy wize de ylluzje wekje fan foarutgong, wylst wy yn wezen de grounslach lizze foar bitizing, ungaedlikens en mismoe- digens." Dit sitaet(De hear Ten Brug (weth.): Hoe aid wie dy man doe?) Jonger as jo nou bin ne. (De hear Singelsma: In A.O.W.-er.) Dit sitaet wiist üs der mei klam op om altyd wach to wezen en net star tsjin eltse foroaring to wezen, mar as gemeentlik bist jur by in fierdere ütholling fan taken troch provinsje of regio der op ta to sjen dat der in funksioneel yninoar passend gehiel oerbliuwt sa- dat wy as ried de forantwurdlikens foar it bistjur fan dizze gemeente drage kinne. Folle slimmer leit it mei de forhalding tusken ryk en gemeente. Dat men sawol yn Ljouwert as yn Den Haech oer in bulte dingen gelyk tinkt mei blike üt in sitaet üt de ynlieding op de memoarje fan taljochting op de bigrea- ting fan Binnenlanske Saken foar 1977: "Inspraak, medezeggenschap, decentralisatie van bevoegdhe den, openheid en openbaarheid, het kritisch volgen en benaderen van bestuurders en hun plannen, het zijn reeds oude begrippen, maar zij hebben in de laatste tien jaren nieuwe accenten gekregen. Groe pen, soms permanent, soms van tijdelijk karakter, nu eens met algemene doelstellingen, dan weer ge richt op specifieke terreinen, eisen de mogelijkheid op hun inbreng te leveren tijdens het proces van besluitvorming. Dit idee van een op wederzijdse afhankelijkheid en vertrouwen gebaseerd bestuur geldt niet alleen voor het optreden van de overheid naar buiten. Het geldt evenzeer voor de verschillende overheidslagen in hun onderlinge betrekkingen. Ook overheidsinstanties hebben elkaar nodig, ze zijn veelal geroepen taken gezamenlijk te vervullen. De tijd waarin "lagere" overheden zonder meer aan vaardden wat "hogere" instanties wensten is - als die er al ooit is geweest - zeker niet de onze. De ze ontwikkelingen moeten worden beschouwd als van grote positieve betekenis en als een verrijking van ons democratisch bestel, mits zij niet leiden tot een miskenning van de fundamentele positieve betekenis van de representatieve democratie. Inspraak door belangenorganisaties, erkenning van de waarde en betekenis van actiegroepen, inschakeling van organisaties van burgers bij de uitvoering van overheidstaken zijn uiterst positieve ontwikkelingen, maar zij mogen niet leiden tot ondermijning van de betekenis en de bevoegdheden van direct door de gehele kiesgerechtigde bevolking gekozen orga nen." Oant safier dit sitaet. Wy hawwe as ried fan Ljouwert düdlik it gefoel, mar ek de erfaring dat ministearjes de wet oan de gemeenten foarskriuwe. Wy achtsje it as C.D.A.-fraksje in normale saek, ja seis in plicht, dat dejinge dy't subsydzjes jowt der ek op tasjocht hoe't dy subsydzjes brükt wurde. Mar it mei net in foarskriuwen wêze hoe't de subsydzjes bistege wurde moatte! Wy forwachtsje dan ek sok- ke wetlike foarskriften dat in eigen bilied mooglik bliuwt. "Veto's" fan dekonsintrearre rykstsjinsten en syn amtners lizze üs swier op'e mage. It foech fan de ryksoerheit fia de beurs wurdt neffens üs stadich- oan to great. Wy soenen as C.D.A.-fraksje dan ek graech de folgjende moasje yntsjinje wol Ie mei it forsyk dy to forstjüren nei de minister fan Binnenlanske Saken, nei de fraksjes dy't sit hawwe yn de Twadde Keamer en nei de Foriening fan Nederlanske Gemeenten: "De gemeenteraad van Leeuwarden, in vergadering bijeen op maandag 13 december 1976, con stateert dat meermalen bij de (verdere) uitwerking van door het rijk gesubsidieerde objecten voorwaar den worden gesteld die niet in overeenstemming zijn met door de raad genomen besluiten. De raad acht deze gang van zaken onbevredigend, omdat een objectieve beroepsmogelijkheid ontbreekt waardoor het niet mogelijk is tegen bovengenoemde nadere voorwaarden daadwerkelijk verweer te voeren (gou den koorden). De raad van Leeuwarden dringt aan op het tot stand komen van een zodanige procedure dat aan zijn autonome bevoegdheden recht wordt gedaan." Dizze moasje is troch alle fraksjes yn dizze ried ündertekene. Krityk op in hegere bistjürslaech is tige maklik, mar om it seis goed to dwaen is in oare saek. Dat is noch net sa ienfaldich. Ek yntern - ik haw dat niiskrekt al efkes neamd - binne wol dingen dy t faeks better kinne. De omset fan üs gemeentlik bidriuw nimt alle jierren ta. Men krijt wolris it idé dat it hjir en der hwat üt'e han bigjint to rinnen. Siktaris, ts jinsthadenb. en w. en ried sjogge a 11 e— gearre wol harren eigen oandiel, mar hat elts wol in foldwaend totael oersjoch Freegje hja harren wol of oft de saken dêr't hja mei dwaende binne passe yn it gehiele ramt? Yn dit forban wol ik de folgjende opmerking meitsje. Us fraksje is fan miening dat amtlike nota's net yn de iepenbierheit brocht wurde meije as der net in, eventueel foarlopich, stdnpunt fan b. en w. oan tafoege is. Der is, leau ik, yn oprjochting in kommisje ad hoe - dit is al in aid stik hwant hy is yntusken al oprjochte - foar bistudearring fan de taek en de wurkwize fan de funksionele rieden. Us fraksje giet der op dit stuit noch fan üt dat it bineamen en de rapportaezje fan dizze kommisje yn it kommende bi- greatingsjier plak fine sil. Yn it ófroune jier hat de ried op foarstel van b. en w. in pear bislissingen nommen om to kommen ta réalisearring fan Camminghabuorren. De wichtichste hjirfan wie wol de oanfraech by it ryk om lo- kaesjesubsydzje. De takenning hjirfan en de bitingsten hweründer binne op dit momint noch net bikend. In eventuele gunstige bislissing sil men yn forban brinpe moatte mei it stdnpunt fan dep. steaten oer de Nota Wenjen. len fan de taken fan b. en w. foar it kommende jier sil wêze üs ried dy foorstellen to dwaen dy't nedich binne om yn 1978 yn dy nije stedswyk bouwe to kinnen. It loslitten fan dit tiidskema is foar de C.D.A.-fraksje net to fortarren. Foar in oar punt de wenningbou oanbi lang jende soe ik nou oandacht freegje wolle en dat is de bou fan wenningen foar minsken op jierren. Foar dizze groep biwenners fan us gemeente is op it med fan de wenningbou - üs fraksje hat dêr al faker oer praet - to min dien. Us fraksje freget mei klam om dêr by de rehabiIitaesje en de nijbou yn de saneamde skyl om de binnenstêd greate oandacht oan to bisteegjen, dus om yn de skyl ek to tinken oan de bilangen fan de minsken op jierren. Wy dogge dit omt bliken docht dat it resultaet fan de ynspraek yn dizze gebieten hast altyd in pleit is foar it bouwen fan gesinswenten. Dit lit him ek wol forklearje, under mear üt soarch foar in foldwaend heech learlin- getal foar de basisskoallen. Us fraksje forwachtet dat by it fêststellen fan it bilied mear oandacht as oant nou ta skonken wurde sil oan it bouwen fan hüzen foar minsken bp jierren. Oer de wenningbou yn üs doarpen binne by de ófdielingsgearkomsten troch us fraksje in pear op merkingen makke. Ek hjoed soene wy graech de hope en de winsk ütsprekke wolle dat der yn it kom mende jier in mooglikheit komt dat der ek yn üs doarpen bigoun wurde kin mei it bouwen fan in tal wenten. De C.D.A.-fraksje forwachtet yn it kommende jier foorstellen fan b. en w. op dit punt. As léste punt wol ik in pear opmerkingen meitsje oer de binnenstêd. It ófroune jier hat in bilang- ryk jier west. De restauraesje fan de Greate Tsjerke is hast klear en de omjowing wurdt oan arbeide. Ek binne der bidriuwen oankocht dy't op in oar plak binnen üs gemeente in nije fêstiging opsette. Frij- kommende plakken kinne foar it „herstel" fan de wenfunksje in wenbistimming krije. Wy hawwe hwat soarch dat de tarieding fan nije plannen to folie tiid freget. It is absolüt mis as frijkommende panden twa jier ticht spikere sitte of ófbrutsen wurde ear't de nije bistimming realisearre wurdt. Wy sille üs as

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 4