18 forwyt dien wurde kin. As dizze minsken as partikuliere undernimmers frege wurdt in bod to dwaen op in pand dat harren sa düdlik leit, dat harren sa düdlik kansen jowt om harren undernimming to forsterkjen, dan soenen hja foar harren seis net goed wêze as hja fan dy mooglikheit gjin gebrük makken. Ik sit dan ek mei it greate probleem: Is it reéel op dit momint dizze minsken to straffen troch né to sizzen? Hwant dat soenen wy nei myn bitinken yn wezen dwaen moatte. It twadde punt - dêr wol ik graech in klear en düdlik antwurd fan de wethalder op hawwe - is: Hoe binne de statuten fan de stichting? Hwat is it foech fan dizze ried? Ik mien - ik hear straks oft ik it goed haw as net - dat, as ien fan us wethdlders foarsitter is fan de stichting, de ried omt dy de bi- sluten goedkarre moat in frij greate ynfloed hat; de ried moat dan ek de mooglikheit hawwe om dizze saek eventueel werom to draeijen. Wy krije by üs gewoane grountransaksjes altyd foorstellen fan it kol- leezje op it momint dat de ünderhannelingen sa fier binne dat de foarlopige keapakte op tafel leit, mar dochs kin de ried yn folie frijheit bislute om al of net to keapjen of to forkeapjen. Koart sein, wy bin ne tige toloarsteld oer de wize hwerop de stichting de ünderhannelingen fierd hat. Wy miene ek dat dy op bipaelde punten düdlik faeld hat. Us fraech is: Hokker mooglikheden hat de ried op dit momint? De hear Singelsma: Der is eins net sa folie ta to foegjen oan de ütiensetting fan de hear Miedema. As men dit riedsbrief earst lést dan krijt men de yndruk dat it in frij gewoane transaksje is, mar de minsken fan de ruiIforkavelingskommisje hawwe üs wiidweidich ynformearre oer hoe't de gong fan saken west hat. It earste kontakt hat west fan de stichting mei de S.B.L. en der woerden ofspraken makke dy t op't lest resultearren yn it feit dat men it folslein meiinoar iens wie, de stichting "Het Nieuwe Stads weeshuis" dus en de S.B.L. Dat bislüt hat noch altyd rjochtsjïIdichheït; as de S.B.L. der op stiet kin dy noch altyd sizze: Foar dat bidrach is de pleats oan üs forkocht. As de S.B.L. syn rjochten wit - en dat is wol sa - en op syn rjochten stiet dan is dat de priis. Letter is de S.B.L. ferge noch heger to gean omt de lanbougrounen de leste moannen ófgryslik omheech flein binne en doe hat de S.B.L. jitris in bod dien. Nou seit de hear Miedema: De neven De Boer kin neat forwiten wurde. Ik wit dat noch net sa krekt. Ik krij sterk de yndruk dat op dy dei dat it forhege bod fan de S.B.L. binnen kaem efkes letter in heger bod fan 13.000,--(De hear Miedema: Né, dat wie der earder. Moarns wie it bod fan de neven De Boer der en middeis hat de S.B.L. it bod forhege.) It is al tafallich dat der sa'n lytse tiidromte tusken leit en dat der sa'n lyts priisforskil op 1 .127.000,-- is. Ik krij sterk de yndruk dat hjir "tipt" is. As dat it gefal is - ik kin it net biwize - dan is dit in rare saek, foaral ek omt de hearen De Boer 1.000,- mear bidriuwsbiëinigingspreem je jowe; it is 10 kear de hierwearde dy't men fan de S.B.L. krijt. Myn fraech oan de wethalder is: Giet dy forgoeding oer de 28 hektare of giet dy forgoeding oer de 35 hek- tare, dus ek oer it stik dat der by hierd wurdt, hwant dan soe ek de hierder noch tusken wal en skip komme to reitsjen. Ik fyn dat hjir forskriklik minne dingen bard binne. Yn it foarste plak is it gjin gewoonte dat, as men yn sé giet mei in aspirant-keaper, dat trochkrüst wurdt troch in oare keaper; dat is gjin goed keap- penskip. Yn it twadde plak is it in faeije saek dat in pear boeren-giganten de groun krije dy't eins oan de mienskip fan boeren dêr ta komme moat hwant dêrtroch soenen tal fan boeren de mooglikheit krije harren bidriuw rendabeler to meitsjen. Ik fyn dizze gong fan saken dus to forsmiten en ik hoopje dat dizze forkeap ek net troch giet. De hear Buising: It is, hoewol 't it der miskien net op lykje soe, fansels ek üs fraksje net üntgien dat der yn forban mei dizze saek hwat swierrichheden binne. Dêrom soe ik üt namme fan de fraksje op dit stuit sizze wol Ie dat wy üs stelle kinne efter in great part fan hwat de hear Miedema sein hat. Dêr komt dan noch by dat wy fine dat - dat is in punt dêr't üs fraksje ek great bilang oan hechtet - sokke grou- nen yn gemienskipshannen hearre to wêzen en dat fan de mooglikheit fan de forkeap oan de hearen De Boer yn elts gefal gjin gebrük makke wurde moat. De Foarsitter: Foar't ik weth. De Vries it wurd jow soe ik graech earst even it prinsipiéle punt oan de oarder stelle wolle: Hwat is it foech fan de ried? Hwat moatte wy as kolleezje oan de ried foarliz- ze en hwat moat de ried goedkarre, hwer hat de ried it foech om ja of né to sizzen? Ik moat de ried der dan wol op wize dat ried en kolleezje beide net it foech hawwe to bioardieljen op hokker wize de stichting syn transaksjes ta stan bringt. Wy binne hjir fansels ek tsjinoan roun, ek wy wisten dat der op merkingen wienen en wy hawwe üs dêr wiidweidich op bired. It foech fan de ried giet net fierder dan - dêrom is dit goedkarringsrjocht oan de ried jown - it hoedzjen fan it bisit fan dizze stichting. Hwan- near't de stichting syn bisit fan'e han dwaen soe foar in bidrach ünder de wearde of sa dat it bisit yn gefaer komt dan is it de ried dy't seit: Né. Hjir mei dus gjin forgeliking lutsen wurde mei oankeapen en forkeapen dy't it Grounbidriuw docht. Dat is in hiel oare saek, dêrby is de ried gjin biheining oplein, dêrby kin de ried op alle grounen sizze dat it net trochgiet; as de ried mient dat it, om de hichte fan 19 de priis, om biliedsoerwegingen of hwat ek, net moat dan seit de ried dat it net trochgiet. It is seis sa dat de ried sünder opjefte fan redenen - nou stel ik it hwat swart-wyt - sizze kin dat de saek net trochgean mei. De ried hat yn dat gefal dus it léste wurd. Mar yn it gefal dat nou oan de oarder is mei de ried allinne mar bioardielje oft de stichting wol goed hannele hat hwat it bisit fan de stichting oanbi- langet, oft hja miskien ünder de wearde gien binne dy't hja krije koenen, oft hja net hwat forkeapje wolle dat hielendal net forkocht wurde moat omt dêrtroch it bisit fan de stichting yn gefaer komme soe. Dat is dus oan de oarder. De fraech dy't oer bliuwt is: Kinne wy yn dizze ried prate oer de wize hwer op it stichtingsbistjür hannele hat? Ik moat, hiel formeel, sizze dat dat net kin, dat is it foech fan it bistjür. As immen dy't foar dat bistjür oer stiet - oft dat de S.B.L. is of in boer of hwa ek - mient dat it bistjür net goed hannele hat dan sil dy de wei gean moatte dy't eltse keaper of forkeaper gean moat dy't mient dat hy forkeard bihannele is, dus nei de rjochter stappe. De S.B.L. of hwa ek dy't mient dat hy net goed bihannele is moat dus nei de rjochter stappe, dy kin net by de ried komme. Ik moat dus formeel wol sizze dat wy hjir net diskussiearje kinne oer de wize hwerop dit bard is tusken it bistjür, de S.B.L. en de neven De Boer. Ik nim dit even foar myn rekken omt weth. De Vries foarsitter is fan de stichting "Het Nieuwe Stadsweeshuis". Ik stel üt namme fan it kolleezje dus dit prinsipiéle punt oan de oarder en ik moat wol sizze dat dit punt net yn oanmerking komt foar diskusje yn dizze ried. B. en w. binne fan bitinken dat de stichting hwat it punt dat wy bioardielje moatte oanbilanget goed hannele hat, dy hat bisocht - dat moatte hja ek dwaen - in sa heech mooglike priis foar de groun to krijen. Wy hienen it bistjür op'e fingers tikje moatten as it dat net dien hie, mar dat is even in oar punt. Ik moat de ried dus foarstelle om de minsken dy't hjirby bilutsen binne mei to dielen dat, as hja miene dat de stichting net goed hannele hat - ik wol my dêr leaver net oer ütlitte hwant dan soenen wy al op de forkearde wei wêze -, wy harren forwize moatte nei de rjochter. Ik leau dat wy sa hannelje moatte hwant oars soenen wy net korrekt hannelje. (De hear Miedema: Hwat stiet der krekt yn de statuten? Is dat hjir by de hdn?) Ja, dy hawwe wy hjir wol, mar dêr stiet it net yn. (De hear Miedema: Dan hat it ek net folie krêft as der neat yn stiet.) JawolWy hawwe fansels de statuten der ek by pakt en hawwe doe üntdutsen dat der net yn de statuten stiet hwerop dit goedkard wurde moat. Wy hawwe dejingen dy't doedestiids de ünderhannelingen fierd hawwe en de statuten opsteld hawwe frege hwat doe de groun- slach west hat. Dêr is düdlik üt kommen dat it goedkarringsrjocht fan de ried allinne om de troch my niis neamde reden fêstlein is. Doe hawwe wy it juridyske aspekt neisjoen. En nou kom ik op it probleem fan de goedkarring. Hwer kinne wy dan noch oan fêst heakje, ófsjoen fan itjinge sein is troch dejingen dy't de statuten opsteld hawwe oer de eftergroun fan hwat hja dien hawwe? Wy hawwe neigien - wy hawwe dêr oerliz oer hawn - oft wy werom gripe kinne op artikel 228 fan de Gemeentewet dat oer ynstansjes giet dy't goedkarring jaen moatte oan oan- en forkeapen. Dêr kinne jo dan oan üntliene dat wy oan sa'n oan- of forkeap gjin goedkarring jaen kinne: "a. wegens strijd met de wet; b. wegens strijd met het algemeen belang; c. op gronden, ontleend aan het financieel belang der gemeente." Dêr hawwe wy gjin düdlik haldfêst oan(De hear Singelsma: Ek net oan "strijdig met het algemeen belang"?) Ik moat sizze dat wy net oars konkludearje koenen dan dat dit giet oer it goedkarringsrjocht fan dep. steaten op gemeentlike transaksjes. Jo kinne heechüt sizze dat jo dit forgelykje kinne, mar wy kinne net oars dwaen as it statüt pakke en neigean op groun hwerfan it goedkarringsrjocht oan de ried jown is. Ik siz dit net omt wy üs der óf meitsje wolle, wy hawwe hjir swier oer diskussiearre, hwant wy koenen de problemen fansels ek. (De heer Van der Wal: Mogen wij dan wel nee zeggen en dan zonder motive ring?) Nee, maar dat is bij het goedkeuringsrecht van g.s. ook zo; die mogen ook alleen maar kijken naar het bedrag waarvoor gekocht of verkocht wordt. (De hear Miedema: Ik moat üt jou wurden bigripe dat de wethalder net antwurdzje sil?) De wethalder kin op dit momint wier net antwurdzje hwant dan komme wy yn in diskusje tolanne oer de saek en prate wy net oer it bilied fan de gemeente mar oer in bilied dêr't wy gjin foech oer hawwe. Ik wit net oft dit punt wachtsje kin. Ik fyn it bést dat wy noch in kear in notysje foar de ried meitsje hweryn wy punt foar punt sette hwat ik nou forteld haw en ek hwer op dat basearre is. (Mevr. Smit: Maar dan los van deze verkoop?) Als dit niet zou kunnen wachten wel, maar dat weet ik niet. (De heer De Vries (weth.): Alles is al getekend.) Het kan ook wel los van deze kwestie. Wij kunnen de zaak wel meer in het algemeen stellen. Wij zijn hier ook voor het eerst mee ge confronteerd want dit heeft in al die jaren nog niet eerder gespeeld met aan- en verkopen van de stich ting. Wij werden er mee geconfronteerd en zijn in de problematiek gedoken; wij konden echt niet an ders dan de door mij naar voren gebrachte conclusie trekken. (De heer De Jong: Ik meende dat de aller laatste clausule van de voorlopige koopakte was dat die alleen gehonoreerd zou kunnen worden met goedkeuring van de raad.) Het gaat er alleen maar om om welke reden de raad goed kan keuren en af kan wijzen; dat is het enige waarover ik praat. De heer De Vries (weth.): Ik heb er eigenlijk toch wel behoefte aan om een verklaring af te leg gen. (De Voorzitter: Goed.) Wanneer uit de informatie van de heer Miedema zo nadrukkelijk blijkt dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1977 | | pagina 10