18 gelyk bihannele waerd. Ik haw der doe trije of fjouwer menuten yn If Frysk praef. (De hear Ten Brug (wefh.): Doe bigrepen hja jo net sa as wy de hear Singelsma.) Doe sei ik: Ik sil mar ophalde hwant jimme forsteane it dochs net. Der ropen lykwols tal fan Iju dt de seal wei: Né, wy forsteane it wol. Dat sil jo goed dwaen, mynhear Singelsma. De hear Singelsma: Ik sei niis tsjin de hear Schaafsma: Ik bin hwat in fleurige leedoansizzer, dat is in merkteken fan minsken dy't ta it bourgondyske type hearre, ik bin typysk in sanguinicus. Ik bin optimistysk fan aerd, sa likef if, mar yn wezen bin ik in greate pessimist. En dan tink ik as ik jimme dêr sa sitfen sjoch, earnstige mannen, jimme binne o sa optimistysk, mar wy forski 11 e krekt oarsom. (De Foarsitter: Réalistysk!) Just, dat wurd hie ik ek noteard, dér kom ik aenst op werom. Fijn dat jo my dat wurd yn de mule jowe as tekst fan'e preek. (Laitsjen) Hwat kinne de minsken de dingen al for- ski 11 end bioardiele, doe't ik nyskes Pief van der Wal hearde dy't it hie oer de efterstanssituaesje hjir yn Ljouwerf op underwiisgebief en nei de pefearen fan de minsken dy't de underwiissituaesje ynventari - searje, tocht ik: Hea, wy spylje hielendal net swak by. Wy steane op underwiisgebief yn it Ian miskien net foaroan mar if kin wier wol sprekken IjeIk tocht doe't ik de hear Bijkersma hearde - ik mei him alfyd graech hearre, hwant hy goait gauris in bal tusken de spylders yn om to knokken en sahwat hin- ne—Hwat kinne wy de ried al forskillend bioardiele. De hear Bijkersma hie it nyskes oer dy "happe ning" fan de minsken dy't by de Keamer fan Keaphannel wienen(De hear Bijkersma: Hja wienen to let.) Ik hie dat hiel oars bioardiele. Okkerdeis hat Prins Claus if nije gebou fan de Keamer fan Keaphannel iepene. Dat is altyd in hiel o heden, soks kin men fan tinken wol hawwe. Pommeranten yn de kraelskroafen broek, mei de "billetikker" oan, witte krekt hwat harren plak is by sokke "happe nings", in heale meter efter de hege gast. (De Foarsitter: Jo kinne sjen dat jo der net by wienen.) Ik bin op in foto ófgien, ik moat de kost ek noch fortsjinje nammentlik. Hoewol, doe't ik de foto neijer biseach merkbiet ik dat de kommissaris, hastich man as hy is, in heale meter foar de hege gast ütroun. Ik tink, hoe sit dit. De trije iepeners fan de safolste koekjefromp wie de earnst fan it antlit of to lézen. Dêr wie ek wol reden ta, hwant de feestreedner, de direkteur fan it Sintrael Planbureau, de hear Van den Beid, hie it ifen oer it fjur hingjen en dat soe aenstouns optsjinne wurde under it motto "Het blijft tobben". Mar der wie jit in oare reden foar dizze earnst, hwant demonstrear jende jongelju hienen krekt de spandoeken héve mei teksten dy't oan dudlikens neat to winskjen oer lieten. Ik fyn dat sa moai, hin, sokke moai je teksten yn de folkstael mei sokke simpele opskriften as "Brandsma mut fut". (Laitsjen) Sokke "slogans" moat ik sa forskriklik om laifsje. Mar it sil jo mar oerkomme dat jo as iepener dtnoege wurde om op to krossen, wylst de oare iepeners forsocht wurdt it krekt iepene bousel mar wer plat to slaen. Mar it hiele selskip wie if der oer iens dat it sportyf fan de prins wie om syn adjudant to freeg- jen sa'n print mei it byld fan de prins der op mei nei Drakensteyn to nimmen, om dêr mooglik to tsjin- jen as kleurplaet foar de jonge prinskes. Stel dy foar dat it hege selskip it mar in stomme streek fan de prins foun hie- Ik siet der efkes oer yn dat hja it sizze soenen mar hja namen it lokkich goed op. Mar ik tink dat de jonge prinskes nei it ynkleurjen fan harren heit wol sein hawwe: "Vader, je stond er gekleurd op." Hwant sjoch, dêr steane jo oan bleat as iepener fan allerhande bousels en al gau wurdt dêr de bygedachte oan forboun dat jo in soarte fan hofleveransier binne fan dit soart produkten. Dat liket my eins net sa fa as ik ofgean op de utliftingen fan de prins doe't hy lésten, ik miende yn Gorkum, sei dat de bile ek sa stadichoan yn de flatgebouwen dy't nei de oarloch boud binne mei. Sjoch, by de demokrasy heart ek dit soarte fan demonstraesjes en lokkich dat wy der om laitsje kinne, mar it jowt ek de foruntrêsting wer fan jongelju dy't it net iens binne mei de manier fan bouwen en mei it boubilied. Guon bistjurders krije mooglik wolris it liif fol fan al dy ynspraek en al dat gedemonstrear - dat hearde ik nyskes fan de hear Bijkersma ek -, mar it is dochs yn wêzen in goede saek dat jonge minsken harren mei forantwurdlik fiele foar ifjinge der yn de stêd bart. Soks soe foar de oarloch eins in unmooglikheit west hawwe. Ik tink, dizze jongelju sille fan de P.v.d.A. wol efkes neamd wurde, hwant it liken my oan de "outfit" to sjen mear mannen fan links as fan de knapeforiening. (De hear Ten Brug (weth.): Dy binne ek net mear fortroud.) Nou, dêr kinne jo ek nuvere snuten fan forwachtsje, as ik sjoch nei de Frije Universiteit dan tink ik: Dêr binne de jonkjes mei it burd hast yn de nekke mar beestjes by. Ik haw altyd oanstriid om sokke jongelju yin biskerming to nimmen, hwant hja binne in minderheit dy't it tsjin de mieningen fan de fêstige oarder opnimme moat, oanf der in tiid komt dat har idéen oernommen binne fan de politike partijen. Mar ik wit seis hwat if bitsjut om as ienling yn to gean tsjin hearskjende opfettingen. Oft men nou opkomt foar de eigen tael, it eigen wêzen, in bytsje nêstwaermte foar de fan natuer en mienskip forfrjemde boarger, in hwat minskliker en lytsska- liger bibouwing, hwat mear ienfald yn it plak dat men de wiisheden fan de greatskalige Hollanske tinkers oanhinget dy't mei harren unifoarme wetten us yn de bisnijing nimme, men wurdt suver biskoge as in hwat simpele geast dy't yn in foarbije tiid libbet. Men moat jin troch sokke dingen net üntmoedig- je litfe, hwant hwa't him roppen fielt of hwa't him kieze liften hat om dit soarte fan untankbere taken op him to nimmen wit yn it foaren dat misbigryp by de boarger en mispriizgjende opmerkingen fan de oerheden syn diel binne. Mannichien haf de profetemantel underweis untgaspe en oan de kant fan de wei falie liften en is stil wei wurden yn de grize kliber dêr11 hy wrantelich en neisfdmjend net de frede fynt dy't hy eins bigearde. Jawis, it hie foar my ek folie makliker west en jow my rêstich del yn de P.v.d.A.-fraksje mei in kleaune read jern "breien met de rode draad" of hjir yn dizze klub in pear swarte sokken op priemen hawn hie. Jo moatte krekt oarsom in flink poarsje selsspot hawwe, it "under statement" sa as de Ingelsen dêr it monopoalje fan hawwe en it witten dat men eins de bisfeande oarder net hookstrooks foroarje kin, en men moat witte dat laitsjen in deadliker wapen is as lilkens. Dochs binne sokke lytse aksidinten dêr't ik it niis oer hie eins de topkes fan de iisbergen fan un- frede dy't under it oerflak bliuwe. Yn de fragelist komme dy oan de oarder as it bygelyks giet oer it net funksionearjen fan de amtlike projektgroepen en de kontakfgroepen fan de ynwenners. It komt ek nei foaren yn de Skylde Simon de VI iegerstr jitte en de Hol landerwyk; wy hawwe if sjoen yn de wyk Bornia dêr't it hast ta in konfliktsitulaesje laet hat. Sokke saken komme fuort ut de fsjinstridige bi- langen dy't de gemeente en de biwenners hawwe. It kolleezje fielt him yn it foarste plak forantwurdlik foar it bilied oer in langere perioade en dêrfoar is in fêste koers nedich dy't net hieltyd wer foroare wurde kin. De ried is wiksel jender, gefoeliger foar direkte signalen ut de maetskippij en is, ek mei de forkiezingen yn sicht, faek hwat mear ré om foar de tribune to spyljen. Sa lizze dy feiten ienfaldich. If kolleezje haf mei to rieden oer de wurkgelegenheit, in drovige saek as men to seil gean moat op in wankel kompas. Dat wankele kompas wurdt foar in part foarme troch ütspraken yn de bikende I.S.P.-rapporfen dêr't ik sa stadichoan in foech boekeplankje fol fan haw en dy't fa de konkldzje komme dat der yn it Noarden 20-000 arbeifsplakken bykomme moatte dêr't in bilangryk part fan yn Ljouwert kom me moat, wol men de wurkleazens fa ridlike oantallen werom bringe- As men dat soarte fan konkldzjes lést en men sjocht jouns de krante yn, dêr't dan ynstiet dat ek forline wike wer 70.000 arbeiders it untslach min of mear foarsein wurdt yn de teksfylsektor - yn in perioade fan sawn jier - dan dogge sokke ISP-rapporten jin slim théorefysk oan. Wolnou, if bilied yn Ljouwert hat rekken to halden mei dy 20.000, of in part dêr fan, al of net tinkbyldige arbeifsplakken dy't foar in great part foun wurde moatte yn de tsjinstesektor, dat wer fo fortalen is mei kantoarebou. Dan komt men yn in konfIiktsituaesje mei de biwenners dy't opkomme foar harren eigen bi langen en harren biroppe op harren earstberter jocht, hja sieten dêr op it lést ek it earste, en gefoelsmjittich is dat in hiel normael utgongspunt. Dit hiele bilied is basearre op idéen fan rapportemakkers dy't fan efter de skriuwburo's moaije theoryen opbouwe kinne dy't iderkear wer troch de feiten efterhelle wurde. Soks wurdt dan yn it oanbiedingsbrief, yn if biliedsplan ofdien by de ekonomyske oangelegenheden: "De concrete ontwikkeling van de bevolking is tot dusverre nog niet geheel in overeenstemming met de taakstelling." Dit neamt men yn de tael in "eufemisme", in forsêftsjende utdrukking. Dizze hiele "luchtbel- en luchtfietstheorie" fordriuwt de minsken al.fêst dt harren huzen, hwant dy kantoaren moatte yn it sintrum komme, oan brede oanfier- wegen en tichfeby it iepenbier forfier. Dit hiele bilied is yn myn eagen frijhwaf sweverich; it is ba searre op Onderstel lings dy't net foarspelber binne. Hwat wol to konstatear jen is, is dat it bertesifer yn Ljouwert leger leit as it lansgemiddelde. Hwat wol foarspelber is en hwat wol to sjen is, is dat de Ljouwerter bifolking foralderet om't ien faldich de jonge minsken, under de fjirtich dus net lytse bern, de stêd utgeane. Seis de 1%-bifolkings- groei wurdt by lange nei net helle. It bilied is ek springerich, it is net konsistinf. De noardtangint leit der as in warskoging, om fan it dimpte Fliet en de Eastergowei mar to swijen. It docht chaotysk oan as ik sjoch nei alles hwat der yn de underskate wiken oeral helle wurdt. Oan plannen untbrekt it net, mar hwa't troch de stêd kuijerét griisf if oan hoe't de forloederingde forwaerleazing en it for- suferjen tanimt. Ik woe dat men hwat minder dingen tagelyk oanpakte en dat men hwat mear ofmakke. Men is, en dat kin ik my ek wol foarstelle, mei alles en noch hwat tagelyk oan de gong. It liket my ta dat de minsken efter de skriuwtafels harren ek wol ris offreechje: Hwat dogge wy allegearre? Wy sitfe yn in tiid dy't elke dei nije Ontwikkelingen to sjen jowt dy't it byld dat wy oant nou ta hienen fan de maetskippij foroaret en if is hast net mooglik om lang, fiif jier is al hast to lang, foarut to sjen. Unfrede bikrupt de minsken en dy unfrede bikrupt ek mannich rieds- of steatelid. Men fielt jin unmach- tich en nou sitearje ik de hear Steijvers, in bikende figuer yn P.v.d.A.-rounten dy't okkerdeis op in kadergearkomste in ynlieding halden hat oer "De Onmachtige ried": "De bineamde boargemaster groeit üt fa in sadanige machtsfaktor dat hy yn feite it ienige en net konfrolearre bistjursorgaen is. Hy sjocht himsels as it haed fan de gemeente, mar de boargerij sjocht dat ek sa. In undersyk yn in seistal gemeen ten hat utwiisd dat seis it kolleezje yn feite net it bilied bipaelt mar in tal amtlike bi liedsadviseurs dy't Onder eigen forantwurdlikheit de biliedsalternatieven selektearje en by einbislut ien kar as de op lossing oan it kolleezje presintearje. De machfeleaze ried sil syn macht wer werom hawwe moatte en tagelyk sil de kiezer yn de gelegenheit steld wurde moatte om yn wurklikheit to kiezen en net allinne fo stimmen." Ik sei al, dat binne net myn eigen wurden mar de wurden fan in hege amtner, in P.v.d.A.-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1977 | | pagina 10