21 man, dy't ek efter de skermen sjoen hat. Dochs moat ik sizze dat dizze wurden my réeel oan dogge. De ried kin yndied net genoch tsjinspul jaen tsjin de minsken dy't de hiele dei dwaende binne mei ge- meentlike fraechstikken. De riedsleden binne en bliuwe goedwollende amateurs dy't it oan tiid, en ik moat der by sizze oan spesialisearre fakkennis, untbrekt. Alle ynspraek en iepenens op alle gebiet was- ket dat it wetter fan de sé net of. De folgjende stap sil dan ek wêze moatte dat it lidmaetskip fan de ried in folsleine baen wurdt en ek as sadanich bitelle wurdt. Takomme jier binne der wer forkiezingen foar de gemeenteried. Ljouwert sil dan mooglik konfrontearre wurde mei hwat men neamt in program- kolleezje, dy mooglikheit sit der yn. TGke rekkenmasters binne al oan it rekkenjen slein en sjogge dat as in reéle mooglikheit en neffens harren ek wol as in winsklikheit. Men soe der frede mei hawwe kinne as de partijen harren meiinoar fine koenen op in soarte fan regearakkoart. It wurdt lykwols in faeije saek as de forhdlding yn de ried yn it algemien sadanich wurdt dat ien partij it to sizzen krijt, de min- derheit soe dan elke kear oerspile wurde troch de mearderheit. Ik soe dat seis in forkearde untjowing achtsje, hwant yn de westerske demokrasy heart men altyd rekken to halden mei de minderheit en ik bin bang dat de machteleaze ried fan de hear Steijvers dy't syn macht werom hawwe moat net jilde sil foar de minderheit. By de algemiene aspekten fan it bilied steane dit soarte oerwegingen fansels net, mar dat kin ek net best, hwant it binne politike saken. De bistjurlike réorganisaesje dy't taret wurdt sil fierrikkende gefolgen hawwe foar de gemeente- Yn it biliedsplan wurdt der nochris it ien en oar fan sein. Der wurdt mei klam foar pleite dat de saken dy't tichte by de boargerij steane ta it foech fan de gemeenten hearre moatte. It is foar my in fanselssprekkende saek, mar as men dit soarte fan dingen konkretisearret blykt dat de wegen fan gemeenten en provinsje en ek it ryk utinoar rinne. It is ek foar de gemeenten in hwat pynlike en ek gefoelige saek om't yn us steatsbistel de gemeente altyd folie ak- tiver west hat om nije dingen dêr't forlet fan is oan har to luken as de provinsje. De provinsje hat al tyd - it heart hast ta in stikje bistjurstradysje - in ofwachtsjendein yn it gat hingjende klub west dy't op't lest dan seit: Nou foarut dan mar, as it moat. Sjoch, dit soarte psychologyske faktoaren spyI je mei in rol as it ta in taekfordieling komt tusken gemeenten en provinsje. Dat de gemeenten tsjin de to machtige provinsje bisykje in mienskiplik front to meitsjen leit yn de reden en dêrmei is de regiofoar- ming yntrodusearreIn hwat hibrydyske konstruksje, in konstruksje dy't gjin fjirde bistjurslaech wêze wol en dochs dy kant utgiet. Ik stean der twifelriedich foar oer, dat mei bikend wêze. Oan de iene kant seit men: Ja, in nuttige saek. Men bisiket om hwat in demokratyske struktuer to bringen yn de los- fêste forhaldingen tusken al dy kolleezjes fan b. en w. en oan de oare kant is dêr it Iibbensgreate gefaer dat yn de regio's in greatere gemeente in lytsere, de plattelansgemeente, oerhearskje sil. Sa is de regio Ljouwert neffens my hwat to great, der hie romte west foar in regio mei Harns en Frjentsjer. It hie better west en diel Fryslan op yn seis regio's. Der binne mear dingen yn dizze ried dêr't men och sa toloar- stellend oer docht en dat is de planologyske kearnbislissing ynsake de forstedskingsnotaUt in eachpunt fan nationael bilied kin men jin yntinke dat men de bifolking dy't de stêd de rêch takeart - dat jildt binammen foar it Westen - opfangt yn kearnen. Op dy manier wol men de griene romte yn Flollan bisykje to sparjen. Foar soksoarte fan groeikearnen dêr't der fjouwer fan binne mei hwat men neamt in ofrinnende taekstelling oant de tachtiger jierren ta en in stik of tsien gemeenten mei in nije faekstelling jildt dan it Iokaesjesubsydzje foar dat it mooglik meitsje moat om to ,konkurrearjen mei de grounprizen yn de oanslettende gemeente. Dêr wurdt o sa spitich oer dien. Ik haw ris neilêzen hwat men fan sa'n groeistêd forwachtet. Wolnou, tusken 1980 en 1990 moat der yn sokke groeistêdden 10.000 oant 15.000 nije wen- ten boud wurde. Nou is it ek wer net sa dat dizze wenten op ien en itselde plak boud wurde moatte- Né, men kin se ek oer doarpen en oer aparte bistimmingsplannen utsmarre, dat mei allegearre wol. Nou leit it foar de han dat in stêd as Ljouwert dat draechflak foar syn foarsjenningen sa breed mooglik hawwe wol. Mar ik weagje it dochs to bitwifeljen oft de krekt foarme regio it wol sa op priis stelle soe as de such- krêft fan Ljouwert sa great wêze soe dat de minsken nei Ljouwert kamen to wenjen. It propagearjen fan saken as groeistêd sil it meiinoar oparbeidzjen yn regioforban wer underwrotte; ik achtsje dit in hwat twaslachtige holding. Mar datselde dualisme konstatearje ik as ik sjoch dat, wylst de nije bistim mingsplannen fol rinne, de binnenstêd tagelyk untfolke wurdt. Yn fiif jier binne der tuzen minsken wei tein lies ik forline wike yn de krante- Hwant stel dat Ljouwert yndied de opdracht krige om 10-000 wenten yn dy neamde perioade der by to bouwen, dan soe dat folslein yn striid wêze mei de doelstel lingen fan it streekplan dat in ynwennertal fan 94.000 neistribbet. Al sokke plannemakkerijen binne wol moai, mar salang men de minsken net forplichtsje kin om dêr en dêr to wenjen, sil de uttocht ut de stêdden trochgean. Dy uttocht is al lang lyn bigoun; it hinget gear mei de wolfeart; it is de priis dy't de stêd bitelje moat foar de wolfeart fan de boargers. Yn 1870 gyngen de rike minsken al wenjen yn it Goai en de dunstreek. Efkes letter, yn de tweintiger en tri tiger jierren, waerden de rannen fan de stêd folboud. Yn 1950 bigjint de massale uttocht, dat wie de tiid dat Jan Modael en al dy oaren harren in auto tastean koenen. Dêrmei bigoun de filefoarming op de wegen ek. De trek rjochtet him hoe langer hoe mear nei wenplakken dy't stees fierder fan it sintrum óf lizze. De statistiken wize it wer ut, it binne de jonge minsken mei bern, foar trije fjirde diel jonge minsken fan under de 45 jier hwer't 50% fan hwat mear to fortsjinjen hat as Jan Modael. De stêd bliuwt it domein fan de al linnesteanden, men kin it der rounom op nei léze. As ik by de fragestellerij ek pleitsje foar mear wenningen foar de al- linnesteanden yn de binnenstêd dan komt dat troch dizze konstatearringDat men yn de beide Hollan- nen dy stream flinderflechtigen opfange wol yn bipaelde kearnen dy't mei ït iepenbier forfier bitsjinne wurde kinne liket in logyske oolossing. Mar om nou dyselde methoade ta to passen yn Ljouwert liket my in hwat al to greate yngreep en ek net yn oerienstimming mei de réaliteit hjirre. Hwat wy hjir kon statearje is in maetskiplik forskynsel dat net maklik om to bugen is. Wy sjogge it yn Ruslan, wy sjogge it yn alle biskaefde lannen fan West-Jeropa. Ik sjoch it as net oplosber, it wurdt in saek fan Cammingha- buorren fol en de stêd leech. De untwerp-bigreating 1978 en it untwerp-biliedsplan foar de kommende 5 jier jowt gjin tokoarten to sjen. De finansiéle forhaldingswet fait gunstiger ijt as rusd wie; meimekoar twa miljoen ekstra. Mar ek de eigen ynspanning om troch middel fan de bilêstingen ta in gunstiger resultaet to kommen is fan sels net in wei dy't altyd tapasd wurde kin, ek yn dat opsjoch moat men oan it wurd "wervend karakter" wol tinke. Dat Ljouwert frijhwat A.C.-wurken krigen hat is in ding om wïïs mei to wêzen, mar oan de oare kant is de reden hwerom dat mooglik wie, ntl. dat men hjir in wurkleasheitspersintaezje fan 8 hie, in ding om minder bliid mei to wêzen. Ik wit net hoefolle minsken yn Ljouwert op't heden op dy A.C.-wurken wurkje, mar foar de hiele provinsje wie dat dit jier 450 en dat is in ofrinnende saek; takomme jier, 1978, is it tal noch mar 158. It is in bikend feit dat dy A.C.-wurken foaral yn de bou- sektor lizze, wylst foaral de tsjinstesektor en de metaelarbeiders dêr hast net genoch fan profitearje kinne. It is mei it tawizen fan dizze wurken in ienrjochtingsforkear, gemeente en provinsje hawwe dêr in bytsje oer to sizzen en dat soe eins wol oars kinne en ek oars moatte. Mar by alle ynspanningen op dit gebiet, is it dochs in toloarstel lende konstatearring dat Ljouwert stadich mar wis itselde per- sintaezje wurkleazen krijt as de hiele provinsje. It liket der op dat wy yn de takomst mei in bliuwend tal minsken dy't net mear oan de slach komme sille to rekkenjen hawwe. Hwa't fan dizze pessimis- tyske ynstelling utgiet sil him offreegje oft it net tiid wurdt om plannen to meitsjen foar dizze groep minsken. It tal minsken dat net mear ynskeakele is yn it arbeidsproses is foar it hiele lan nou 1 op 33- It wie de léste jierren 1 op 7. En nou mei it gjin wurk hawwen al in straf wêze, noch greater wurdt de straf as men dan ek jitte gjin deitaek hat. Lokkich forhongeret net ien mear yn dit Ian, mar it soe foar mannichien in seine wêze as er him of har nuttich meitsje koe by it wurk foar de jongerein of foar de alderein. It soe, tinkt my, in underdiel wêze kinne fan in algemien wolwêzensplan dêr't de provinsje en de gemeenten mar foar to soargjen hawwe nou't in great part fan de maetskiplike soarch nei de legere bistjursorganen ofskoud wurdt, ik mei wol sizze troch it wanbihear fan it ryk. Sa komt in stik désintralisaesje ynienen tichterby om't de ryksoerheit ek gjin kans mear sjocht om de hiele maet skiplike soarch noch in bytsje ridlik funksionearje to litten. It tal helpen yn de tohuzen dat in jier of tsien noch 1 op 7 d 8 wie is nou al slonken ta 1 op 3 en dat sil oer in pear jier wol 1 op 1 wêze sa as yn de forpleechtohuzen, hwant ek it opnamebilied wurket dat yn de han nou't der aenst al frijhwat oan de minsken mankeare moat, wolle hja opnommen wurde. Nou kin men oan de iene kant sizze: Lit de minsken dy't jitte hwat soun binne salang mooglik yn harren eigen hus en yn de harren fortrou- de omjo!wing. it is ien fan de dingen dêr't wy altyd foar ivere hawwe. Ik soe der lange forhalen oer halde kinne hoe't ik der jierren forlyn by de doedestiidske wethalder Van der Schaaf foar pleite haw, mar doe wie de trend dat aide minsken yn tohuzen moasten om't hja dêr folie better forsoarge waer den; dat wie de normale opfetting. Ik sjoch it dochs, by alle ungelok, as in stikje soun réalisme, mar dan sille der wol oanpaste wenten, tsjinstesintra en dat soarte fan foarsjenningen by komme moatte. De ekstra-murale soarch sil dan opfierd wurde moatte en dêrfoar sille der tal fan minsken ynskeakele wurde kinne, sij it nei alle gedachten op frijwillige basis. Dêrfoar plannen to meitsjen liket my in goede saek, hwant it docht bliken dat dy oerheveling fan de macht fan de gesinssoarch fan it ryk nei de provinsje net in maklike operaesje is. Yn ien fan de léste stikken fan steatssiktaris Meijer mei de titel "Nadere standpuntbepaling" docht it wol bliken de steatssiktaris syn foarkar hat foar it ynskeakeljen fan greate oantallen fri jwil ligers. Sapas is al sein dat dat gjin nije Ontwikkeling is, yn it boarterstun-wurk en yn de amateursport sjogge wy dat forskynsel ek al lang. Dizze frijwilligers kinne dan wurk fine yn de klub- en buerthuzen. Soks wurdt dan ynjown troch hege idéalen as de minsken seis biluke by it wurk, mar it komt der op del fansels dat it frijhwat goedkeaper is. Ik sjoch ït yn mannich opsjoch net altyd as in efterutgong, ik fyn ek dat de boarger dy't it al sa goed hat wier wol in stikje help biede mei oan minsken dy't der minder foar steane. De opfolger fan de hear Meijer sil der foar soargje moatte dat dizze hiele operaesje net mear komt to kostjen as it nou kostet en as ik it goed haw moat dit hiele systeem yn 1 980 draei je. Mar it liket my ta dat wy aenst foar in frjemde situaesje komme to stean as frijwilfigers yn klub- en buerthuzen eins neist de bitelle krêften stean moatte en ik sjoch op in fierdere termyn ek noch wer dat al dy sosiale akadeemjes hjir grif de gefolgen

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1977 | | pagina 11