II. het onder I bedoelde gebied aan te wijzen als stadsvernieuwingsgebied en zorg te dragen voor aan melding hiervan bij de minister van V.R.O." De motie is ondertekend door de heer Buising en door mijzelf. De hear Miedema: Ut namme fan de C.D.A.-fraksje soe ik graech in inkele opmerking meitsje wolle oer it struktuerrapport Huzum-west sa't it kolleezje Cis dat oanbean hat. Der fan dtgeande dat it in struk- tuerrapport is en dat wy joun de greate linen dêrfan fêststelle, kin ik sizze dat wy foar in great diel mei- gean kinne mei hwat it kolleezje Cis foarstelt. Om mei de maklikste underdielen to bigjinnen bin ik it mei mefrou Brandenburg iens as hja seit dat it greatste diel fan dit gebiet net folie problemen opleveret. Der binne lykwols wol twifels yn és fraksje dat de parkearproblemen yn Huzum-west op in ridlike manier op lost wurde sille yn it bisteande strjittepatroan. Wy sjogge mei bilangstelIing Cit nei foorstellen fan it kol leezje oer forkearsoplossingen en de oanpassing fan it strjittepatroan yn dat gebiet. Dan it Triool. It kolleezje stelt foar om neat oan it Triool to dwaen. It gebiet wurdt konservearre en mei in jier of hwaf sjogge wy op'e nij. It liket my dat wy, as wy dizze hannelwize folgje, ek it Triool slope kinne. Ik leau net dat dat in goede saek wêze sil. Dit binne tri je strjitten dy't in eigen buertsje, in mienskip foarmje mei allegearre eigen wenningen. Ik tocht dat dit wenningen wienen dy't fan binnen goed renovearre binne en foldogge oan ridlike weneasken. De biwenners binne der alteast kontint mei. De swierrichheden dêr't dizze minsken mei sitte - ik haw forskillende petearen mei harren hawn - binne it butenunderhald en de greate mienskiplike dakken mei de sinkgoatten. Wy sjitte tokoart om dat fan de groun to krijen. Myn fraech omtrint dit punt is: Is it kolleezje ré, as der frege wurdt oft de Stêdsfornij- ingskorporaesje dêrmei helpe kin, advizen jaen kin en it organisearje kin, om der ja tsjin to sizzen? Ik leau dat dit in reéle mooglikheit is. De Stêdsfornijingskorporaesje is der nou krekt foar ditsoarte fan pro blemen. Wy binne sa lokkich dat wy de biskikking oer dit ynstrumint hawwe en dêrom tocht ik dat it in goede saek wie as de Stêdsforni jingskorporaesje him ris mei it Triool bimuoide sadat ek dizze wyk net al- linne konservearre wurdt mar safolle oan dien wurdt dat de wyk jit tsientallen jierren mei kin. It sit der yn, mar dan sil der al hwat barre moatte. len opmerking noch oer de struktuer fan de wegen yn Huzum-west. Myn kollega Visser sil der strak ek noch in opmerking oer meitsje. Ik soe op dit momint de opmerking meitsje wolle dat it oerlêst fan it forkear yn dizze wyk foar in great part werom to fieren is ta it riden fan de stedsbus. In pear jier forlyn hawwe wy in oersjoch hawn fan hwat de kosten wienen fan it asfaltearjen fan de totale route fan de steds bus. Wy binne der doe hwat fan skrokken en dat plan hat neffens my dan ek net folie fuortgong hawn. Ik soe dochs graech wolle dat it kolleezje ris bisjocht hokker mooglikheden der binne om eat oan de route fan de stedsbus troch Huzum-west - yn wezen in foralder jende wyk dy't in protte lest hat fan de stedsbus en der graech of wol - to dwaen troch de strjitten to forbetterjen. Ik leau net dat dit in punt is dêr't wy joun oer bislisse kinne. Ik wiis it kolleezje der allinne mar op en ik wachtsje de foorstellen op dit mêd yn it Jcommende bigreatingsjier mei bilangstel ling óf. Dan de problematyk fan de Hollanderwyk en de Simon de VIiegerstrjitteWy hawwe mei nocht as fraksje kennis nommen fan de aktiviteiten fan de biwenners fan dizze buerten. Wy hawwe in protte skrift- like ynformaesje krigen fan dizze minsken. Wy hawwe der forskate petearen fierd en miskien hawwe wy der ek wol freonen krigen. It is oan de aktiviteit fan in great part fan dizze biwenners - as ik de adfor- tinsje yn de Ljouwerter Krante sjoch dan siz ik fan alle biwenners - to tankjen dat wy nou sa fier binne dat yn de Hollanderwyk renovaesje mooglik is. It is net yn it earste plak oan it kolleezje en oan de ried to tankjen mar oan de biwenners seis. Mei de konstatearring fan dit feit losse wy net folie op. Dizze wyk hat de muoite nommen om buorkundich to meitsjen hwat hja wolle. Hja hawwe in adfortinsje yn de Ljou werter Krante setten en dêryn hawwe hja harren easken étienset. Dat binne der nochal hwat: "Renovatie voor de huidige bewoners, inspraak, betaalbare huren, betere controle, behoud van speelgelegenheid, geen verlenging van de d'Hondecoeterstraat, behoud van de hele Hollanderwijk en wonen in de Simon de Vliegerstraat." Nou, big j in dan mar. It makket wol yndruk, mar wy binne der dêrmei net ét. Hwat is yn wêzen it probleem? As wy yn dizze ried bislute om de Hollanderwyk to renovearjen, hwat yn wêzen foar net ien yn dizze seal in punt is, dan is it probleem dat dit in ticht biboude wyk is dy't boud wurden is yn in tiid dat de lju bliid wienen dat hja in steech hienen sadat hja efterom koenen mei de fyts. Doe hienen hja fierders ek net folie easken en wennen dêr gelokkich. Mar de tiid giet syn gong, der wurde nije wiken boud en ek de Hollanderwyk untkomt net oan de foroaringen yn dizze maetskippij: ek yn de Hollanderwyk binne auto's kommen. Der wurdt frege hwerom't men yn oare wiken wol boartersplak haf foar de bern en hwerom t hja dat net hawwe kinne. Op dit momint hat men noch in boartersplak op de Hollanderhof, mar troch foroaring yn it trasé fan de wegen en troch de forlinging fan de d'Hondecoeter- strjitte is dat in forlern boartersplak foar de Hollanderhof hwant men kin dêr net komme. Wol dizze reno vaesje slagje dan sil der yn it foarste plak in boartersplak foar de bern komme moatte. Der sil ek in oan- tal parkearplakken foar de biwenners fan de Hollanderwyk komme moatte as men dizze strjitten foar in 7 great part foar it forkear ófslute wol. As men dat as in feit biskoget, dan sil der earne romte makke wur de moatte. Dan is de kar frij ienfaldich: de tastan fan de wenten yn de Hollanderwyk is oanmerklik bet ter as dy fan de wenten yn de Simon de Vliegerstrjitte en dan kinne jo maklik sizze dat de Simon de Vlie- gerstrjitte ofbrutsen wurde moat. Alle rapporten geane yn dy rjochting. (De heer P.D. van der Wal: Behal ve dat van de bewoners.) It rapport fan if Yngenieursburo It Noarden sprekt dédlike tael. Der is in alter native priisoanbieding dêr't ik dédlik myn twifels oer haw, om't dy net it totale pakket fan kosten om- fiemet. Wy sitte mei de grins fan hwat de minister tastean wol. Al dizze oerwegingen nimme net wei dat wy hiel maklik prate kinne oer de huzen fan de Simon de Vliegerstrjitte mar dat wy yn it foarste plak pra te moatte oer de biwenners fan de Simon de Vliegerstrjitte. As men it bilang en de fakomst fan de Simon de Vliegerstrjitte foarop stelt, dan moat men ta in konklézje komme. Hwaf myn fraksje oanbilanget is dy konkluzje de foigjende. Ik biIuk mei jou goedfinen, mynhear de foarsitter, de moasje fan de P.v.d.A. der fuort mar by, dan kinne wy miskien gau fa saken komme. De P.v.d.A. seit dat der in totale planuntwik- keling komme moat, in bibouwing fan de Hollanderhof, fan de Simon de Vliegerstrjitte en fan de Van Loonsfrjitte mei boartersplak en mei parkeargelegenheit. As wy forfangende nijbou plege sille foar de minsken fan de Simon de Vliegerstrjitte yn dyselde strjitte, dan haldf dat yn dat dizze biwenners earne oars hésfêste wurde moatte om't hja tydlik in oar underkommen hawwe moatte en ét harren libbensmien- skip moatte. Dat is allegearre noch wol to dwaen as der mar forfangende wengelegenheif wie. Mei de Lin- naeusstrjitte hawwe wy ienich learjild bitelle, tocht ik. It is forhipte slim om foar dizze biwenners for fangende wengelegenheif to finen, hwant wy sille dochs earst ófbrekke moatte ear't wy nij bouwe kinne. It bilang fan dizze biwenners freget der neffens my om dat dizze ried allinnich mar in goed bislét nimme kin as der bisletten wurdt ta bibouwing fan de Hollanderhof, al hoe't it my oan it hert giet. Ik hie dy Hollanderhof graech bruke wollen foar kantoaren ensfh. Ik doar dat net foar to stellen, hwant as wy tsjin de minsken fan de Simon de Vliegerstrjitte sizze dat hja der wei moatte om't wy de huzen ófbrekke, dan is if Cis earste plicht om to soargjen dat it oare hus dêr't hja dan yn kinne foar harren klear stiet. Op dat momint kinne wy ta ófbrekken oergean en kin ik meigean mei de moasje. As dy operaesje klear is en as in great part fan de biwenners dy't werklik boun binne oan de wyk in herhésfêsting krigen hat yn de Hol landerwyk, dan krije wy in ynrjochtingsplan foar de Simon de Vliegerstrjitte en dan kinne wy bisjen oft wy dy hiele streek nedich hawwe foar parkear- en boartersplak of dat der ynsidentiel ienige bibouwing mooglik is. Ik haw dêr myn twifels oer, mar op it momint dat dat foorstel yn de ried komt is dat oan de oarder. Nou is oan de oarder: Hwat dogge wy mei de minsken Cit de Simon de Vliegerstrjitte? As de ried bislét ta ófbraek, hwer kinne wy harren dan hésfêste? Myn fraksje doart it net oan en lit de saek fierder op syn birin, hwant dat dogge wy yn wêzen. As wy nou de moasje fan de P.v.d.A. oannimme dan giet men hiel hurd oan if tekenjen. Men bigjint der mei om foar de Hollanderwyk in lyts bistimmingsplan to meit sjen, mar net ien wit hoe't it moat. Moatte dêr allegearre wenningen komme, moat dêr boartersplak kom me, moat dêr parkearplak komme? De dudlikste, de koartste en de béste oplossing is om de Hollander wyk to bibouwen mei forfangende wengelegenheif foar de biwenners fan de Simon de Vliegerstrjitte. Is dy operaesje slagge, dan krije wy de foigjende fase: in yndieling fan de dan braek lizzende groun. Op dat momint bisldt de ried oft dêr ek noch wenningbou mooglik is. Dêrom giet myn fraksje akkoart mei de bou fan forfangende wengelegenheif foar de biwenners fan de Simon de Vliegerstrjitte op de Hollander hof. Dan hawwe wy noch in punt en dat is it forlizzen fan de Wynhornstersfrjitte. Mefrou Brandenburg hat sein dat hja dêr net foar wie om't wy dat jild better bruke koenen. Ik haw dêr myn twifels oer. Dy Wyn hornstersfr jitte kin yn in net al to fiere takomst wol ris in ridlik oantal forkear to forwurkjen krije. As de N.S. syn plannen klear hat en it greate gebiet dat de N.S. dêr yn eigendom hat biboud wurdt, dan kin dizze strjitte wol ris in drokke forkearsdyk wurde. Om in sa optimael mooglik wengenot fan de renovear re Hollanderwyk to krijen binne wy der foar om de mooglikheit to undersykjen om de Wynhornstersfr jitte dochs to forlizzen. Hokker kavels dan forlein wurde moatte en hokker kavels net, dat sjogge wy dan. Wol le wy lykwols dizze mooglikheit undersykje, dan moatte wy earst probearje in streek groun fan it spoar to keapjen foardaf dizze mooglikheit yndied in mooglikheit wêze sil. Om dat to birikken haw ik in moas je makke dêr't it foigjende yn stiet: „De ried fan de gemeente Ljouwert, byien op 16 maeije 1978, draecht it kolleezje op it bisprek mei de N.S. fo iepen jen oer de oankeap fan in stripe groun lans de Wynhornstersfr jitteDit om it mooglik to meitsjen it trasé fan dizze strjitte hwat nei it noarden forlizze fo kinnen." Dizze moasje is mei-undertekene troch de hear Visser. Mevrouw Van Dijk—van Terwisga: Wij hebben de volgende opmerkingen over het vaststellen van het structuurrapport Huizum-west. Wij hebben met grote belangstelling al die dikke rapporten over dit gebied gelezen. Daarbij is ons opgevallen dat de bewoners in het begin zo weinig hebben gereageerd op de mi nimum- en maximummodellen voor verbetering van openbaar groen en voor meer speel- en parkeergele-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1978 | | pagina 4