8 Ik soe tri je punten fan de nota sintrael stelle woile. Yn it foarste plak de hüsfêsting fan ien- en twapersoanshüshal dings. Yn de Nota Wenningboubilied 1977 wienen it kolleezje en de mearheit fan de ried noch ridlik optimistysk hwat de takomstige linen fan it wenningboubilied oanbilanget. Yn de oardeljier dy't leit tusken de bihanneling fan dy nota en nou binne der dochs inkele tuzenen oan- fragen om huzen allinnich al üt dizze groepearring kommen. Dit hat wol in skok jown, hwat nei myn miening gunstich is. Wy moatte düdlik stelle dat der, as der sokke greate oantallen yn de sektor ien- eri twapersoanshüshaldings binne dy't net in goede wenromte krije kinne, sprutsen wurde kin fan in "falend" gemeentebistjur. Wy hawwe, tocht ik, wol de opdracht - ik soe der ek fan utgean wol Ie - om dit probleem oan to pakken en hjir mear oan to dwaen as wy yn de ofroune jierren dien hawwe. Dy konstatearring haldt net yn dat der de ofroune jierren neat foar dizze groepearring dien is; dy suggestje wurdt hjir en dêr wolris makke. Yn it ofroune jier is nammentlik 40% fan de tawizingen fan hierwenten nei dizze groep gien. It is opmerklik dat, al is der 40% fan de tawizingen nei dizze groep gien, it oantal minsken dat in wenning siket dochs noch sa ofgryslik tanimt. Dat makket us wol ungerêst. De fraech is: Hwat dogge wy der oan? Yn de foarige wenningbounota gyng it kolleezje der fanut - de ried is it kolleezje dêryn folge - dat de trochstreaming it middel wie tsjin alle kwalen, dus ek tsjin dizze kwael. It kolleezje stelt nou düdlik fêst dat it sa net goed komt. Der wurdt nou mei klam foarsteld om binammen yn it binnen- stêdsgebiet - ik tink dan oan Camstrabuorren, Huzum-Bornia, Aldegleijen en inkele lytsere gebieten yn de binnenstêd - ütdruklik foar dizze groep wenningsykjenden mear to dwaen as wy yn it forline fan doel wienen to dwaen. Dit foorstel komt op üs fraksje tige gunstich oer en it hat dan ek folslein üs ynstimming. Dan komt de fraech nei foaren: Hwat moat der fierder barre? Hoe sjocht men tsjin de trochstreaming oan? Komt dy trochstreaming yndied op gong? As wy yn de ofroune jierren oer dit punt praten, hawwe wy üs altyd op it stanpunt steld dat der in wiziging komme moat yn it wenning- boubilied sa't dat 20 jier yn dizze stêd fierd is, nammentlik mear wenten nei de keapsektor. Forline jier hawwe wy dat stal jown troch in frij greate wiziging yn de persintaezjes. Wy binne altyd noch fan miening dat dat in goede bislissing west hat. Oft it hwat opleveret sil de tiid lykwols noch leare moatte, hwant de bislissing is wol nommen mar net ütfierd. It punt dêr't üs fraksje him hwat soargen oer makket is dat, nettsjinsteande it feit dat der op it momint in greate groep jongerein om in hüs stiet to dringen, der ek in greate groep jongere gesinnen is dy't hwat ynkommen oanbilanget düdlik forlet en ek rjocht hat op in goedkeape wenning. Dizze groep stiet düdlik njonken de ien— en twa persoanshüshaldings as it giet om de trochstreamingsgefal Ien dy't frij komme. Hjirby komt noch dat de bern dy't berne binne yn de sechtiger jierren en dy't nou op de hegere skoal Ien sitte de kommen- de tsien jier ek om in wenning komme. Dizze minsken binne finansieel faek net by steat om in djure wenning to akseptearjenSe meitsje lykwols de druk op de trochstreaming düdlik greater en wy moat te dizze groep dan ek net forjitte. Wy hawwe dan ek üs twifels as der sein wurdt dat de trochstrea ming de oplossing is. As it kolleezje dan ek foarstelt om hwat mear nijbou to rêalisearjen yn it leste stik fan it earste diel fan Camminghabuorren dat dan ütdruklik bistimd is foar de groep fan ien- en twapersoanshüshaldings, dan hat dat folslein üs ynstimming. Wy binne lokkiger mei dit ütstel as by- gelyks mei in ütstel om de bisteande projekten in oare yndieling to jaen, sadat se geskikt waerden foar dizze groep. As wy dat dwaen soenen, dan kaem it hiele skema fan skoal Ien en sa yn great ge- faer en de Ontwikkeling fan Camminghabuorren soe dan problemen jaen kinne. It foorstel dat it kol leezje nou docht is réeel en ik leau dat it ek it iennige is dat wy op dit momint it beste réalisearje kinne Oer dizze saek noch ien fraech yn earste ynstansje. Binammen oer it gebiet Camstrabuorren soe ik graech ynformearre wurde wolle. Op hokker termyn tinkt it kolleezje dêr bigjinne to kinnen? Tinkt men der oer om dêr studinteflats to bouwen? Ik soe dat nammers in gaedlik plak fine. Hwat binne de idéen oer de bibouwing fan dit gebiet? Hwannear kin de ried dêr foorstellen oer forwachtsje? Op dizze fragen soe ik graech in andert hawwe wolle. It twadde punt is de wenningbisetting. Yn de nota stiet in bisifering oer de bisetting per hus: dy is de léste trije jier omleech gien fan 2,82 nei 2,69 persoanen. lt kolleezje bliuwt optimistysk - dat is fansels net forkeard, allinnich, it optimisme moat wol réeel bliuwe - en giet der fanüt dat de wen ningbisetting yn 1990 2,40 wêze sil. Ik fyn dat düdlik to optimistysk. Ik bin lykwols net by steat om it mei sifers to wjerlizzen en ik wol joun net fjochtsje oer jimme ja tsjinoer myn né. Ik haw wol greate twifels oer dizze prognoase, binammen om't wy sjen kinne dat der yn it Westen fan üs lan al stêdden binne dy't op dit momint op in wenningbisetting fan 2,40 sitte. Fierders is it sa dat der stêd- den binnen West-Jeropa binne dy't al under de 2 sakke binne. Ik bitwifelje dan ek oft it réeel is om oan to nimmen dat Ljouwert yn 1990 net djipper sakke is as 2,40. Ik haw der op dit momint gjin bi- hoefte oan om op basis fan dizze sifers en op basis fan de twifel dy't ik ütsprutsen haw in wiziging fan de nota foar to stellen. Ik haw der wol bihoefte oan der op oan to stean dat wy de kommende 9 jierren de Ontwikkeling fan dit sifer tige sekuer folgje. Wy moatte üs nammentlik wol réalisearje dat, as dit sifer 1/10 mear sakket as wy forwachtsje, dit 1.000 wenningen bitsjut. Ut publikaesjes docht bliken dat de greate problemen yn de wenningbou, dy't men op dit momint yn it Westen underfynt, foar in great part to witen binne oan forkearde prognoases op dit punt. De kans dat de Ljouwerter ried him dêr joun oan skuldich makket is wol oanwêzich. Dit wie it ütsprekken fan in stikje soarch; ik hoopje dat it kolleezje dizze saek sekuer folget, myn fraksje sil dat wis wol dwaen. It tredde punt dat ik yn earste ynstansje nei foaren helje wol, is de forhalding tusken hier- en keapwenningen. It kolleezje is nochal sterk yn syn nota hwat de spegeling oan lannelike sifers oan bilanget. As forgelikingsmateriael kin dat tige gunstich wêze en it hat ek wol syn nut. Op'e ein fan de rit moatte jo jo fansels wol réalisearje dat de lannelike sifers wol bilangryk binne, mar dat it bi- palend is hoe't it mei de fraech binnen Ljouwert leit. Hwant oer hokker gemeente prate wy en foar hokker gemeente moatte wy in wenningboubilied fiere? Dat is de gemeente Ljouwert. In gemeente dêr't troch alle tiden hinne in greate fraech west hat nei hierwenningen en ek in gemeente dêr't de leste tsien jier it persintaezje gadingmakkers foar in hierwenning ünevenredich tanommen is, om't der frij folie lju dy't it bitelje koenen nei in keapwenning buten de gemeentegrinzen gien binne. Dat hat de forhaldingen binnen dizze gemeente düdlik wizige en ik freegje my dan ek of oft wy üs liede litte moatte troch de lannelike forhaldingssifers. Ik tocht dat wy dan üs eigen gemeente net hielen dal torjochte bihannelje. Wy binne de léste jierren al düdlik oan it wizigjen, wy binne fan 60% hier wenningen nei 40% hierwenningen gien. It kolleezje stelt nou foar it to sykjen yn de forhalding 35% hierwenningen en 65% keapwenningen. Sa wurdt it yn de nota steld, mar ik kom dêr mei myn bisife ring net hielendal by üt. Men stelt eksakt foar om de nijbou yn Camminghabuorren yn de forhalding 35-65 to rêalisearjen. Dêrby komt de nijbou yn Huzum-Bornia, Aldegleijen, Camstrabuorren en in kele oare binnenstêdsgebietenIk bin dochs fan bitinken dat, as yn dizze gebieten minimael en mak- simael 50% foar ien- en twapersoanshüshaldens boud wurdt, dat hierwenningen binne. As men dan de totale boukapasiteit fan Ljouwert op in rige set, dan komt men nei myn idé net op in forhalding fan 35-65. As wy foar Camminghabuorren oanhalde op 35-65, dan wurdt de totael-score foar de hier- sektor neffens my hwat heger. Yn it bigjin haw ik al sein dat it nou in gunstich momint is om dizze nota to bihanneljen. Ik haw üt in parse-publikaesje fornommen dat steatssiktaris Brokx in brief ütgean litten hat nei de gemeen- tebistjuren. Ik haw dit brief net by de stikken sjoen, ik wit ek net oft it brief yn dizze gemeente al binnenkommen is. Hwat ik der fan heard haw, is dat de steatssiktaris de wenningwetkavels binnen Nederlan op'e nij fordiele wol. It komt der dan op del dat it Westen fan üs lan folie mear wenning- wetwenningen bouwe mei en dat it Noarden dy ynleverje moat. Ik haw heard dat Fryslan - ik hear aenst graech fan de wethalder oft dit bikend is - sakje moat nei in persintaezje wenningwetwennin- gen fan 15 en dat de steatssiktaris in forhalding wenningwet-preemje-frije sektor foarstelt fan 15-35-50. As dat wier is, dan haw ik dêr in hiel lyts bytsje wurdearring foar. As dat brief der is en as de sifers binne sa't ik mien dat se binne, dan tink ik dat it it forstannichst is om dat brief yn in folgjende ried, nei't it ta ynsjoch lein hat foar de riedsleden, apart oan de oarder to stellen. Dan kin de ried der op in goede wize op réagearje en dat kinne wy nou net. Ik hear aenst graech fan it kolleezje hwat hjir- fan wier is. It kolleezje skriuwt oan it ein fan de nota dat men, ek by in oanhalden fan in forhalding fan 35% hierwenningen en 65% keapwenningen, tinke kin oan in neijere differinsiaesjeMen doelt dêr by op in greater oantal wenningen yn de biskutte sfear, dy't yn wêzen by de keapwenningen teld wur de mar dochs düdlik wenningen binne dy't foar mooglike hierders oantreklik binne. Us fraksje soe it idé om oan dy sektor mear oandacht to bisteegjen fan herte stypje wolle. Wy kinne dan yndied mei in lytser oantal wenningwetkavels ta en wy kinne dochs in diel fan de minder-draechkrêftigen helpe. Hjiroan soe ik noch in punt tafoegje wolle. Ik tocht nammentlik dat der noch in mooglikheit wie dy't wy as gemeentebistjur under eagen sjen moatte. Der is de léste jierren noch in inisiatyf fan'e groun kommen dat miskien hwat de finansiering en de draechkrêft oanbilanget in bytsje boppe de mooglikheden fan de biskutte sfear leit, mar dat düdlik oantrekliker is foar lju mei in lyts ynkommen as in preemje-keapwenning. Dat is de saneamde "bezitswoning"Wy hawwe oant nou ta yn üs lan allinnich kieze kinnen tusken keap- en hierwenningen. De foardielen fan hieren en keapjen binne bikend. By de stichting fan it bisitshus hat men probearre to bioarderjen dat allinnich de foardielen fan hieren en de foardielen fan keapjen kombinearre wurde kinne yn dizze foarm. De neidielen fan it hieren fan in wenning binne bikend: men hat in bytsje rjochten, foroaringen meije net sunder tastim- ming fan de eigner dien wurde en men hat jierliks in fikse hierforheging. De foardielen fan in hier wenning binne: men hat gjin forplichtings en men hat gjin finansiéle risiko's. It keapjen fan in wen ning liket allinnich mar foardelich, men is frij yn syn dwaen en litten, men kin frij forkeapje en de winst kin men ek noch in kear yn eigen buse stekke. De neidielen fan it keapjen fan in hus binne dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1979 | | pagina 5