10 11 Foar t ik neijer yngean op inkele saken üt it riedsbrief, wol ik in pear algemiene opmerkingen meitsje en inkele konstatearringen dwaen. Yn it foarste plak dit. De tiid dy't üs noch jown is om plan nen to meitsjen en dy üt to fieren is koart. Oars komt de help foar in protte wenningen to let. Twad: De ynspraek hat düdlik west: rehabiIitearje en net amovearje. Tred: De minister hat de renovaesjepriis fan foaroarlochse wenningen yn trochsneed fêststeld op 54.000, Sjoen de prizen dy't by oanbi- steging ut'e bus komme, is de kans op réalisearring net great. Fjird: Is it wier dat de minister by de foarlopige fordieling fan it budget 1% fan dat budget foar Fryslan fêststeld hat? Fyft: De Ynterim-Sal- doregeling is bilangriker foar de gemeentefinansjes as foar de biwenners fan de to renovearjen wiken. Secht: It meitsjen fan de plannen, it oproppen fan forwachtings en it ütfieren fan de plannen binne trije forskil lende saken. It sawnde punt: De minister hifket plannen op soberens en doelm jittichheit. Dat is in noedlike saek. In inkele opmerking fan us kant nei oanlieding fan it riedsbrief. In oar lid fan üs fraksje, Cor de Jong, sil hwat de dielplannen oanbilanget noch inkele fragen stelle. De 80%-regeling is net buten wurking steld, mar der is minder fan to forwachtsjen as yn it forline. Ik tocht dat dat in dudlike saek wie. Itselde jildt foar it subsydzje foar it forbetterjen fan strjitten. Hjir is yn forskillende wiken, mei rjocht nei myn idé, hwat unrest oer untstien; de hear Buising hat hjir ek oer praet. Hoe sjocht it kol- leezje dit? De ütfiering fan wurken, sunder gebruk fan dizze regelingen meitsje to kinnen, wurdt nef- fens my net in maklike saek. Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje binammen foar Huzum-West, Hu- zum-Doarp en oare wiken dy't hjiroan tafoege wurde kinne? Kinne hjir neijere meidielingen oer dien wurde? As gemeenteried hawwe wy der wer in fad by krigen, nammentlik de provinsiale Stedsforni j ings- kommisje. Der wurdt grute - de advizen binne lykwols net iepenbier - dat ofbraek net underoan op it listke fan dizze kommisje stiet. Dat is in lestige saek. Der is steld - de hear Buising hat dêr ek oer praet - dat de stedsfornijing foar in hiel great part in foarm fan wolwêzen is. Us fraksje is it dêrmei iens. Yn wezen prate wy joun net oer al of net stedsfornijing, wy prate joun oer it ynkorporearjen fan de nije mooglikheden op finansieel terrein dy't de gemeente Ljouwert krigen hat. Stedsfornijing is dus eins net oan de oarderWol is oan de oarder dat èn de provinsje èn de ryksoerheit in greater foech krije op dit med en dat it foech fan de ried, dy't it tichtst by de wiken stiet, minder wurden is. Bi nammen hwat renovearring en amovearring oanbilanget, is dit net in maklike saek. De foarm fan ynspraek, sa't dy west hat, hat goed west. Yn de rapporten stiet düdlik to lezen hwat der üt dy yn spraek kommen is. Ik bin dan ek fan bitinken dat it advys dat it kolleezje yn it riedsbrief oan de ried docht, nammentlik dat men foar bihald fan it eigen karakter fan de wyk en foar renovaesje is, in goed advys is. Wy steane dêr dan ek fan herte efter. Men soe üt dizze inkele wurden opmeitsje kinne dat wy folslein tsjin amovearjen binne. Dat is net hielendal wier. As de oerheit, ek de ryksoerheit, frij folie jild yn in bipaelde wyk stekt, dan is it ré- eel om to sizzen dat dy wyk dan ek wer 20 of 25 jier mei kinne moat. Dus dan moat it mooglik wêze om dêr mei 1 0 of 15 jier noch mei nocht to wenjen. Dêrfan ütgeande moat der romte komme, der moat hwat grien komme en der moatte foarsjenningen komme, binammen hwat it parkearen oanbilanget. Om romte to krijen sil Ie der oankeapen dien wurde moatte en si He der hierwenningen ofbrutsen wurde moat te. Dit is ien fan de swierste punten fan dit riedsbrief. It kolleezje freget hjiroer in ütspraek fan de ried en dat is nei myn miening ek torjocht. Wy hawwe op dit terrein in lyts bytsje learjild bi te I Ie yn Aldegleijen. Wy witte hokker swierrichheden dêr west hawwe en as ried wienen wy net gelokkich mei de Ontwikkelingen sa't dy dêr west hawwe. Wy moatte dan ek op üs iepenst wêze hwat it oankeapjen fan eigen wenningbisit oanbilanget. Yn it riedsbrief wurdt ek düdlik steld dat it foar de gemeente net mooglik is "de huidige eigenaren financieel schadeloos te stellen". En dat hat neffens my altyd noch ien fan de easken west dy't de Nederlanske wet stelt. It probleem wurdt dan great, binammen yn in wyk mei in soad eigen wenningbisit. Wy hawwe hjir op dit momint net in oplossing foar. Wy soenen it koll eezje wol forsykje wol Ie ris nei to gean oft it mooglik is om, as straks de plannen yn in fierder stadium binne en eksakt bikend is hokker panden üt it partikulier wenningbisit foar ofbraek oankocht wurde moatte, net oer in priis to praten mar oer in forfangend pand. Yn in wyk dêr't regelmjittich fan eigendom foroare wurdt, moat it foar de gemeente dochs ek mooglik wêze inkele panden oan to keap- jen en dy üt to ruiljen. Mei de eigner kin dan praet wurde oer it forskil yn wearde. Dit soe miskien in bettere basis wêze as de manear hwerop't wy yn Aldegleijen to wurk gien binne. Sa't it dêr gien is, hat myn fraksje greate muoite mei. Ik tocht dat it op dit momint net sinfol wie om noch düdliker to wurden It parkearen. Wy kinne wol akkoart gean mei de noarm sa't dy yn it riedsbrief steld wurdt. Dat is lykwols in simpele konstatearring, de ütfiering is gans swierder. Yn it untwerp-riedsbrief wurdt praet oer "parkeerdekken"; dit wurd kom ik ek yn forskate nota's tsjin. Dizze foarm fan parkearen hawwe wy dochs wol hwat müoite mei. As men yn dizze gemeente regelmj ittich bouforgunn ingen ofwiist - to- üiÜÜ rjocht - op basis fan wolstan, dan liket it my raer ta dat op deselde basis fan wolstan yn in wenwyk parkeardekken makke wurde kinne. Ik wol net safier gean en siz dat in parkeardek nea kin. Der sil miskien earne wolris in forgetten hoekje wêze dêr't sa'n parkeardek wol réalisearre wurde kin. Oer it algemien is myn fraksje lykwols fan bitinken dat in parkeardek in "onding" is. Jo sille der mar njonken wenje Mei de foorstellen fan it kolleezje hwat de Gemeentewerf en de ynbring fan gemeente-eigendom men yn de ISR-plannen oanbilanget, binne wy it folslein iens: in gesprek op nivo oer de wearde hwer- under dizze panden ynbrocht wurde moatte. Wy hawwe joun allegearre in moaije roas krigen. Dat hat fansels in bitsjutting. De biwenners fan de Goudenregenstrjitte hawwe hwat swierrichheden mei in bislissing dy't wy forline jier nommen hawwe. Forline jier wie it mooglik om foar dit gebiet ynspraek to leverjen, wy hawwe dêrfoar jounen yn Sealen Schaaf halden en nou moat it opiens oars. Ik haw der wol bigryp foar dat dizze minsken muoite hawwe mei de bislissing dy't wy nommen hawwe, mar ik wol hjir dochs by opmerke dat it effekt forline jier greater west hie. Nettsjinsteande dat hat men ek nou it folste rjocht om jin to oppenearjen. It binne lykwols noch plannen en dizze plannen komme foar't se ütfierd wurde noch yn de Kommisje lepenbiere Wurken en yn de Forkearskommisje. (De hear Rijpma (weth.): En yn de ried.) Yn in letter stadium fansels ek yn de ried. Nei myn bitinken moatte dizze plannen dan wer kritysk en konstruktyf bisjoen wurde. In bisunder punt, dêr't ik op dit momint op wize wol en dêr't ik my wol hwat soargen oer meitsje, is de geludshinder yn de Goudenregenstrjitte yn de takomst. Foar nije wiken moat de rekkenmasine der hast by om it oantal desibels üt to rekkenjen en om nei to gean hoefier in hus fan in forkearsdyk of lizze moat. Nou giet it om in bisteande strjitte en om bisteande wenningen, hwer't men minder mooglikheden hat om hwat oan de ludsoerlêst to dwaen. Om't it forkear gans tanimt, soe de geludshinder de noarm wolris düdlik to boppe gean kinne. Foar dit aspekt freegje ik by de neijere üt- wurking alle oandacht. Dan noch in slotopmerking, dy't giet oer it wolwêzen. Hjiroer is hwat forski.l fan miening tusken de ISR en de gemeentlike ynstansjes. Ik haw der wol oan om eksakt to bigripen hwat it forskil is. Ik soe graech wol Ie dat de wethalder yn syn biantwurding nochris op dit aspekt yngiet en probearret üs dat düdlik to meitsjen, sadat wy witte hwat wy bislute. De heer De Beer: Na er jarenlang voor gepleit te hebben om in aanmerking te komen voor de Inte rim-Saldoregeling, was het op 25 januari dan eindelijk zover. Op dat moment werd ook duidelijk dat er nog veel werk verzet moest worden. In een zeer kort tijdsbestek - ongeveer drie maanden - heeft de werkgroep een geweldige prestatie geleverd. Was het voor ons al een hele toer om al deze stukken te lezen, de werkgroep heeft kans gezien ze tijdig te produceren. Namens mijn fractie zou ik allen, die hieraan hun bijdrage hebben geleverd, willen bedanken. Gezien de korte tijd die beschikbaar was moest er snel en ook doeltreffend gewerkt worden. Dat er daardoor niet voldoende tijd was voor meer inspraak dan nu het geval is geweest, is jammer. Uit de stukken is echter gebleken dat, met uitzon dering van het gebied Oldegalileën, voor de rest van het gebied Schil-Oost nog voldoende inspraak komt, als er voor dit gebied uitvoeringsplannen gemaakt moeten worden. Voor het gebied Oldegali leën geldt dat er al een uitvoeringsplan is, terwijl de rest van Schil-Oost alleen aangewezen wordt als stadsvernieuwingsgebied, hetgeen vergeleken kan worden met een structuurplan. Op bladzijde 15 van de raadsbrief, onder punt 8, stelt u dat er een herzien programma komt, waarbij de walmuren binnen het ISR-gebied de eerste urgentie krijgen. Met klem willen wij benadruk ken dat er zo spoedig mogelijk plannen voor de walmuren gemaakt moeten worden, gezien de slechte toestand waarin deze zich bevinden. Ik bedoel dan met name de walmuren aan de Weaze en de Voor streek. Wij zijn het eens met het uitgangspunt: wonen als hoofdfunctie. Uitgegaan moet worden van hand having en rehabilitatie van de woningen, mits uit een degelijk onderzoek is gebleken dat deze wonin gen nog minstens 25 jaar mee kunnen en het geheel financieel haalbaar is. Voor het creëren van speelruimte en groenvoorzieningen en voor het zorgen voor voldoende par keerruimte zullen die woningen, die niet in aanmerking komen voor rehabilitatie, moeten verdwijnen. Het gaat hier om de plaats in de totale structuur. Of dat nu particuliere woningen zijn of niet, mag geen criterium zijn. Alleen wanneer er een keuzemogelijkheid is, dan kan dit punt een rol gaan spe len. Wij onderschrijven dus de argumenten die het uitgangspunt wonen ondersteunen en hopen dat de provinciale Commissie Stads- en dorpsvernieuwing zich met dit uitgangspunt kan verenigen. Over Oldegalileën en de rest van Schil-Oost heb ik nog enkele vragen. Ten eerste: Wanneer is het definitieve plan voor de zuidelijke toegang tot Oldegalileën - het gebied Hoekstersingel - gereed en wanneer start u met het overleg om te komen tot een definitieve interne verkeersstructuur? Ten tweede: Wat zijn de bezwaren om met de uitvoering van de Goudenregenstraat te wachten tot het ge-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1979 | | pagina 6