22 5"? - in ding dat buten eltse diskusje stiet -, dan moatte wy hoeden wêze mei in ütspraek as: wol bisunig- je, mar net by de gemeenten. Ik moat tajaen dat de hear Geerts de problematyk düdlik ütlein hat. Hy hat net steld dat der net bisunige wurde moat, hy hat allinne sein dat de wize hwerop en de mjitte hweryn net goed binne. Fier- ders haldt de moasje dit yn: wy sprekke üs ofkarring üt, punt. Dan hat men in died steld troch to siz- zen dat men it der net mei iens is. Der komt lykwols net in forfolch. Om ek dat biswier to underfangen, dogge wy in ütstel ta wiziging fan it leste part fan de moasje. Wy forskiIIe hwat fan miening oer de fraech oft "wij kunnen dit niet aanvaarden" swierder is as "afkeuren". Gefoelsmjittich komt by my "af keuren" swierder oer. Wy sizze yn üs ütstel dat wy it regear ütnoegje ta oerliz. Dat fine wy in düdli- ke forbettering fan de moasje. Wy stelle üt om de oerwegings sa't dy neamd wurde yn de moasje fan de PvdA stean to litten. De konstatearringen bliuwe ek stean mar dêrunder komt as bislüt in nije tekst, nam- mentlik: besluit 1als zijn mening uit te spreken dat het huidige bezuinigingsbeleid ter zake van de ge- meentefinanciën, zowel voor wat betreft de systematiek als ten aanzien van de omvang van de bezuiniging, niet kan worden aanvaard; 2. dringt er bij de regering op aan om in overleg met de Raad voor de Gemeentefinanciën en de VNG te komen tot een zodanige bijstelling van het beleid dat voorkomen wordt dat de bezuinigingen in onevenredige mate op de gemeenten worden verhaald; 3. draagt het college van b. en w. op deze motie ter kennis van de regering te brengen." Dit is dus in oanfolling op de tekst sa't de hear Geerts dy oan üs foarlein hat. Mei dizze oanfolling der by is myn fraksje ré en stypje de moasje. Ik haw der gjin bihoefte oan op de skogings fan myn kollega's yn to gean, sjoen de tiid. Ik soe wol graech inkele opmerkings meitsje wol Ie oer de biantwurding fan it kolleezje. Yn it foarste plak hat de boargemaster antwurde op opmerkings oer de wurkgelegenheit en de spee ding fan de rykstsjinsten. Ek oer de Bysündere Regionale Taslach hat hy it hawn. It greate bilang foar Ljouwert om dy taslach to krijen en ek it rjocht dat Ljouwert der neffens my op hat as men hiel Frys- lan bisjocht, underskriuwe wy folslein. Yn myn skoging haw ik inkele wurden sein oer de fêstiging fan de universiteit. De boargemaster gie dêrop troch en de hear Geerts hat dêroer ek in moasje yntsjinne. Dy moasje haldt yn dat tasizzin- gen honorearre wurde moatte. Wy binne it fan herte mei dizze moasje iens. Wy binne fan bitinken dat tasizzingen troch in ryksoerheit, al binne it dan tasizzingen fan in eardere minister, honorearre hear- re to wurden. Hwerom haw ik dan in opmerking makke lyk as ik makke haw? Ik bin fan bitinken dat wy as ried eins rjocht hawn hienen - ik sjoch it net as in forwyt - op in petear oer dizze problematyk, yn hokker foarm dan ek. Yn dat petear soe de fraech oan de oarder komme moatte hoe't it totale gemeen- tebistjur fan Ljouwert réagearje moast op de problematyk sa't dy foar üs leit. It is in bikend forskynsel dat troch bisunigingen yn de bou - ik tocht dat dat in part fan de swierrichheden is - en lege kubike- meterprizen it projekt mear yn elkoar skoud is dan alteast de bidoeling wie en dat dit ien fan de rede nen is hwerom't der minder groungebruk nedich is. It is ek in bikend feit dat de measte universiteiten op'e lange dur fêst komme to sitten om't der gjin ütwreidingsmooglikheden binne. Dizze mooglikheden binne yn Ljouwert wol foar hannen. Wy moatte dy ek feilich stelle foar de fierdere takomst. Ik soe my ek foarstelle kinne dat der, nettsjinsteande it feit dat men foar dy ütwreiding yn de takomst groun re- servearret, by de wize fan bouwen fan nou dochs noch wol in gebiet fait oan to wizen hwerfan men seit dat it in oare bistimming hawwe kinne soe. Ik hie it aerdich foun as wy as ried, foardat wy mei dit hiele spul nei buten kamen, üs miening hjiroer jaen kinnen hienen. Ik haw der bigryp foar dat men dit nei buten bringt lyk as men it nei buten brocht hat, nou't der in gelegenheit wie om soks to dwaen, mar ik bin wol fan bitinken dat dit in punt is hwerfan ik sizze moat, ek nei de petearen yn de Kommis- je In goede ried, dat wy as ried derby in bytsje oan'e krapperein kommen binne. Dat hat ek de reden west fan myn opmerking yn earste ynstansje. De foarsitter hat ek noch hwat sein oer de slutingstiden fan de horeca-bidriuwen. Hy seit dat it al- legearre wol hwat tafalt en dat der foldwaende oandacht oan bistege wurdt. Ik haw der düdlik myn twifels oer. Ik leau net dat it sin hat en gean hjir al to djip op yn, hwant dan slute wy joun ek net op'e tiid. Ik soe de foarsitter wol freegje wol Ie om dizze saek ris yn de Kommisje foar lepenbiere Oarder to bisprekken. Der soene wy ek krije moatte in oersjoch fan de slutingstiden sa't dy oan de underskate eta blissementen oplein binne. Wy moatte dan in bisprek hawwe oer de fraech yn hokker foarm der tafor- sjoch ütoefene wurdt. Hwat my oanbilanget kin dit punt dan fierder fan de agenda offierd wurde. De foarsitter hat ek sprutsen oer de südtangint. Hy seit dat wy üs net ütlitte moatte oer de hichte fan subsydzjes en oer bydragen dy't Ljouwert jowt, mar dat wy koertse moatte op de mooglikheit om in selde subsydzje to krijen as wy by de easttangint hawn hawwe. Ik bin dat fan herte mei de foarsitter iens, al- 23 S8 linne, iennige sekerheit op dat punt is dochs wol fan great bilang. Wy ynvestearje as gemeente Ljou wert yn de takomstige südtangint op dit stuit greate bidragen. Wy stekke jild yn de untjowing fan plan nen, yn de oankeap fan groun en nei myn gefoel dogge wy dat sünder dat der foldwaende sekerheit is dat der in subsydzjetitel komt dy't foar Ljouwert oanfurdber is. Ik hie der dan dochs bihoefte oan om op dy problematyk en dy risiko's to wizen. It liket my dat de risiko's foar üs réeel binne. As gemeent- like oerheit binne wy neffens my net by steat en bitelje foar de oanliz fan dizze tangint bidragen dy't yn de tsientallen persinten (fan it totale bidrach) rinne, hoe great de bihoefte oan in südtangint hwat de forkearsofwikkeling oanbilanget ek is. Op foarhan dogge wy dingen dy't wy miskien dwaen moatte, mar wy rinne düdlike risiko's dy't miskien net oanfurdber binne. Ik hie allinne de yntinsje om der de fin ger by to lizzen, net mear en ek net minder. De hear Rijpma hat in tige enthousiast forhael halden oer hwat de tsjinst allegear dien hat. Yn myn skoging haw ik dêrfoar al inkele wurden fan wurdearring ütsprutsen. Hwat dat oanbilanget soe men siz ze kinne dat wy op ien line sitte. Dochs kaem de wethalder op my oer as in fjildhear dy't yn in hiel slim me posysje sit en in reekgerdyn leit. Alles hwat eins it deiljocht net fordrage kin, waerd wei efter it reekgerdyn. Al hoe best it ek giet, der is dochs wol iennige reden ta krityk. Ik wol net ütputtend wê ze, mar de wethalder fortelt bygelyks alhiel optein dat de Landbuurt fan start giet en ek dat Huzum- Bornia nije wike sneon oanpakt wurde sil. Dat is dan wol in start yn in terrein dêr't net in heistelling wêze kin en dus eins net in start wêze kin; allinne om't it wykkomité klear is, wol men mei de meast pri mitive middels bisykje jin gesicht to rédden. Lykwols hat lepenbiere Wurken net by steat west om op in ridlike termyn de untslüting fan dizze gebieten en de strjitten en de riolearringen oan to lizzen, sadat de bou wol inkele moannen fortraging underfine sil. Ik fyn dat spitich. Ik nim dit alles de wethalder miskien noch net iens sa kwea of, mar ik fyn it wol kwealik as der dan fol fjur forkundige wurdt dat it dochs sa'n goed ding is dat dy bou fan start giet. De bou giet net fan start, hwant der is neat. De strook by de Grinzerstrjitwei hat men forjitten. De wethalder seit dat men dêr net oan ta kom men is. Hy wist der wol fan, it stiet yn syn boekje, seit hy. Dat is allegearre hiel moai. Ik haw yn myn skoging sein dat ik oannim dat myn fraech hjiroer, as de wethalder op dit stuit net in ofdwaend andert jaen kin - in ofdwaend andert hie der wol oan -, fan't maeitiid yn in plan oan de ried fortaeld wurdt. Yn dat plan moatte ek de finansiéle konsekwinsjes op düdlike wize nei foaren brocht wurde. As dat ho norearre wurde kin, dan haw ik bést de tiid om op sa'n plan to wachtsjen, hwant it wurk kin op dit mo- mint dochs net ütfierd wurde. Ik haw wol hwat biswieren oer de finansiéle konsekwinsjes fan dit gefal. Yndertiid hawwe wy dêr in kredyt foar biskikber steld. Dat jild is yn it wetter smiten. Wy moatte nou in folslein nij kredyt bipale. Soks sil wol op rekken komme moatte fan it bistimmingsplan Cammingha- buorren, mar dat hearre wy dan wol. De wethalder skodhollet fan né. Ik haw in idé dat dit by in üt- klaeide PlantsoenetSjinst der net by kin, mar ik wachtsje mei bilangstelIing dit punt of. Dan nou de problematyk fan it Lijempf-terrein en de untsluting fan dat terrein. Myn fraksje hat wiisd op de needsaek dat der foar dat terrein op koarte termyn in ütjowingsplan komt. De wethalder is oan dizze opmerking foarby gien. Ik nim wol oan dat hy der goede nota fan nommen hat en dat dat yn de rin fan it kommende bigreatingsjier ek bliken docht. Dan hat de wethalder noch sein dat der hwat de léste wite flekken yn Camminghabuorren-Noard oanbilanget foorstellen binne om dy mei preemjewenten A op to foljen. Dat moat dan geweldich wêze. As dizze wenten in forfanging binne fan preemjekeapwenningen B, dan kin ik it der folslein mei iens wêze. Ik leau wol dat wy as gemeente safolle mooglik gebruk meitsje moatte fan de preemje A. As lyk wols ek foar in part frije-sektorkavels brukt wurde, dan haw ik dêr myn twifels oer. Wy hawwe hjiroer fragen steld by de ofdielingsgearkomsten en op it momint fan biantwurding die bliken dat der noch 350 gadingmakkers wiene, dy't net in oanbieding hienen. Ik haw der hwat muoite mei as yn dy sitewaesje frije-sektorkavels omruile wurde foar preemje A. Dit hat twa gefolgen. Minsken dy't ré binne om yn de frije sektor in hus to bouwen, kinne net in kavel oanbean krije, hwant aenst stiet der in oar hus op. in oar gefolch is dat de fortichting yn Camminghabuorren frij great wêze moat as de wethalder - optimis- tysk - folhaldt dat it finansieel in slutend gehiel wurdt. Ik haw it idé dat it wervjend karakter der hjir- mei net fleuriger op wurdt. In léste opmerking is dizze. De hear Geerts is yngien op myn wurden oer de parkearkelder. Hy sei dat ik der wol hwat al to moai tsjinoan seach. Ik bin dat net mei him iens. Ik bin it wol mei him iens dat it yn earste ynstansje net sa bést gie. Nei de wiziging fan de tariven is it tal parkearders aerdich greater wurden. Dêrmei birikke wy neffens my twa dingen, yn it foarste plak dat de parkearproblema- tyk, dêr't de kelder foar boud is, yndied nou foar in part oplost wurde kin. De taryfwiziging bitsjut eins allinne mar in forleging fan de tariven foar langparkearders. Ik leau dat it yn haedsaek de koartparkear- ders binne dy't harren auto yn de kelder delsette. Nettsjinsteande dat, is it "image" fan de parkearga- raezje foar dizze parkearders hwat forbettere. Om dy reden haw ik ek yn myn skoging sein dat wy mei greate bilangstelling de sifers fan it kommende jier ofwachtsje sille, om't ik fan bitinken bin dat dy wol- ris tige tafalle kinne. It taryf foar de koartparkearders is ommers met leger wurden, wylst dizze parkear-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1980 | | pagina 30