11 10 de fragen wie oanmerklik better as wy wolris hawn hawwe. De ynlieding op it bi liedsplan hat it sterk oer forsoberjen, in spitigernoch tige bikend wurd it leste healjier. Ik fiel folslein gfin ropping om yn it ramt fan dizze algemiene skoging in fisy to jaen op de sosiael-ekonomyske sitewaesje yn Nederlan. Myn fraksje is fan bitinken dat de problemen - en dy binne der! - net oplost, ek net foar in part, wur- de meije troch in hegere bilêstingheffing yn it gemeentlik bilied. Alteast yn earste ynstansje net. Wy steane ek noch folslein efter it kolleezjeprogram, hwer't dit oanjowt dat wy ütgean moatte fan in slutende bigreating. It kolleezje hat dan ek in goede bislissing nommen, doe't it troch it oanjaen fan in oantal bisunigingen de ried in slutende bigreating oanbea. Oft de posten, der't op bisunige is, de goede wienen, kom ik straks op werom. De bisunigingen fan dit jier wurde net foun yn in werom- draeijen fan tsjinsten oan de boargers, mar binnen it gemeentlik apparaet. Dat is in treflik idé, mar is dit wol réeel? Wy libje yn in tiid fan bistjurlik en maetskiplik nochal hwat foroarings. Yn it foarste plak ryks- regelingen en wetten by de ütfiering hwerfan de gemeente in greate taek hat. Bygelyks de Wet op de ludhinder, de Miljeuwet en yn wezen ek de Wet iepenbierheit fan bistjur. Stik foar stik treflike saken, mar ek saken dy't foar de gemeente in protte wurk meibringe. Nim bygelyks ek de bydrageregelingen op it mêd fan it wolwêzen en yn 1982 ek op it mêd fan de folkshüsfêsting. By it weromrinnen fan de konjunktuer mear klanten foar de sosiale tsjinst, mear foar hiersubsydzje en gemeentegaransje. Maet skiplik ek wizigingen: dieltiidbanen, emansipaesje en nije opfettingen oer it funksionearjen fan it ge- sin. Yn dat ramt in greate stiging yn de fraech nei opfang fan bern. Oer dit léste punt hawwe wy de léste riedsgearkomste in wiidweidige diskusje fierd. Foarsitter, dizze opsomming is net folslein, mar jowt wol in line oan, nammentlik dizze, dat troch bistjurlike en maetskiplike foroaringen de druk op it gemeentlik apparaet hieltyd greater wurdt. Desin- tralisaesje fan bistjurlike taken is in goede saek. Maetskiplike foroaringen hat in oerheit op yn to spyl- jen. Oft de groei fan de ütkearingen üt it Gemeentefuns yn forban hjirmei foldwaende omheech giet, is in relevante fraech. Oft sjoen dizze untjowingen in slutende bigreating birikt wurde kin troch in of- remming fan it oantal meiwurkers, is in twadde fraech. De oare side, dêr't tige bisunige wurdt, is it Onderkommen fan siktarij en tsjinsten. Sil in tsjinst goed funksionearje kinne, dan sil de hüsfêsting oan ridlik to stellen easken foldwaen moatte. Binam- men de hüsfêsting fan de DSO foldocht net mear oan dizze eask. Wie hjirfoar de kazerne ornearre, it kolleezje stelt nou foar om oare mooglikheden to sykjen. Us fraksje kin it hjirmei iens wêze. Hat it kolleezje op dit stuit ütsicht op in oplossing foar it romtegebrek by de DSO? Op hokker termyn soe in foorstel de ried birikke kinne, sadat ek foar dizze greate groep meiwurkers ütsicht op in bettere wurk- sitewaesje untstiet? Wy hawwe der bigryp foar dat dizze oplossing net ienfaldich wêze sil. Fan underskate kanten wurdt de mooglikheit fan in wenbistimming fan de kazerne wer oandroegen. Us fraksje sjocht wenjen yn de kazerne wol as allerlêste needsprong. Op dat plak kinne hiel goed wen- ten boud wurde, mar allinne nei ofbraek fan de kazerne. In undersyk om to kommen ta in mooglike for- keap as kantoar of gebou foar miskien hannelsdoelen soe de ynstimming fan üs fraksje wol hawwe. Dat wy nei 1 jannewaris 1981 sa gau mooglik ta bislissingen komme moatte, is tink ik de hiele ried it oer iens. Rinteforlies en passe op de aide opstal freegje greate sommen jild en dy passe net yn in sobere bi greating. Om reden dat de hear Geerts oer dit punt prate sil, kom ik op dit stuit net mei in ütstel. In oar punt dêr't ik yn it totael noch wol de oandacht op fêstigje wol, is de organisaesje fan it wurk. It fait hieltyd wer op hoe'n great oantal meiwurkers oan ien en deselde bisprekking dielnimt. De werklike ynbring yn it petear is fakentiids lyts. It twingt biwundering of hoe't men eagenskynlik mei bi- langstelling folget hwat fortsjinwurdigers fan ynstellingen en buro's of riedsleden nei foaren bringe. By in goede forslachjowing soe in part fan dit "omsittend laech" nuttiger en mei mear nocht harren tiid ear- ne oars bruke kinne. By in great apparaet as dat fan üs gemeente soe by in effisiëntere offurdiging nei gearkomsten in reéle bisuniging mooglik wêze. Yn it foargeande haw ik al sein dat üs fraksje gjin foarstanner wêze soe fan forheging fan lésten. Wy sitte hwat de unreplik-guodbilêsting foar it eignerspart oanbilanget oan it maksimum. De basis fan dizze bilêsting is yn wêzen de ütkearing üt it Gemeentefuns. By in mooglik sakjen fan de ütkearing üt it Gemeentefuns freegje ik hokker gefolgen soks hawwe kin foar de hichte fan de maksimumgrins fan de unreplik-guodbilêsting. De kans is al great dat by in weromrinnen fan de konjunktuer de forhalding tus- ken personielslêsten en bistegingen ungunstich wurdt. It kolleezje hat dit ek sjoen en stelt dan nou foar om de post personiei minder hurd stige to litten. Wy kinne dêrmei akkoart gean, as it kolleezje tasiz- ze kin dat it it wurkoanbod yn de han hat en yn de han haldt. Sjoen de nije taken en de ütwreiding fan bisteande taken sil ütwreiding fan it oantal meiwurkers yn de kommende jierren wol needsaeklik wêze. It kolleezje neamt yn it oanbiedingsbrief ek al de mooglikheit fan bisuniging op subsydzjes by in stellingen fan wolwêzen en stichtingen mei of sunder kulturiel doel. Ek bisuniging op underhald wurdt neamd. Dat sil dan bisuniging op needsaeklik underhald wêze, fierder gongen wy al nea, en dat is net sunder risiko. Koartom, it liket der düdlik op dat wy yn in tiid fan akkommodaesjenota en plannen foar it wolwêzen mei it jild de greatste problemen krije. Ek de gemeentlike subsydzjes, yn hokker foarm ek, sille düdlik miskien op'e nij bisjoen wurde moatte. Dit wienen sa inkele opmerkings en fragen nei oanlieding fan de foorstellen dy't it kolleezje docht, mei namme oer personiei en hüsfêsting. Nou in inkele opmerking oer hwat oare Onderwerpen. Koartlyn is üs oanbean it jierforslach 1979 fan de gemeentepolysje. Kommissaris Nienhuis skriuwt dêryn in "Ten geleide". Hy seit dêryn under oare: "De polysje is in fortsjinwurdiger fan oarder en ge- sach. Mar de opfetting hwat under dizze bigripen forstien wurdt rint nochal hwat ütien." De kommis saris wiist hjir düdlik op ien fan de swierrichheden fan dizze tiid: as twa itselde sizze, bidoele se net itselde. Hoewol't jo, mynhear de foarsitter, yn de earste ofdielingsgearkomste tasein hawwe dat it to tale bilied ien kear it jier yn diskusje komme sil, haw ik dochs op dit momint ien fraech. Under oarder forsteane wy under oare dat wetten en regels fan de oerheit neikommen wurde. Yn üs stêd binne hiel hwat iepenbiere gelegenheden mei in offisiéle forgunning om iepen to wê zen oant sa en sa let. It komt üs foar dat it de léste tiid mei dy slutingstiid net sa krekt nommen wurdt. Foar de rêst fan de binnenstêd en ek foar it herstel fan de wenfunksje is it nedich dat oan dizze slutings- tiden de han halden wurdt. Hjiroer soenen wy graech de miening fan de foarsitter fan dizze ried hear- re wolle- In oar punt dêr't ik in inkele opmerking oer meitsje wol, is it fleanfjild. Dit alteast hwat de wurk- gelegenheit oanbilanget nei't ik tink op ien nei greatste bidriuw fan Fryslan, hat it léste jier op in net to béste wize yn it nijs west. Feit is dat de kombinaesje fan Wet op de ludhinder en fleanfjild slimme gefolgen hawwe kin foar de doarpen dy't krekt buten de gemeentegrins lizze. Hjir wurdt it probleem net greater of lytser troch. Us fraksje is fan miening dat: a. forpleatsing fan de basis net oan de oarder komme moat, ek mei it each op de ekonomyske gefolgen foar dizze regio; b. aksjes tsjin it oerlêst net rjochte wurde meije tsjin de basis mar yn Den Haech halden wurde moatte; c. it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert in ynbring halde of krije moat by it bistudearjen fan oplossin gen om it oerlêst sa lyts mooglik to meitsjen. Oangeande it punt fan de wurkgelegenheit soe ik graech in inkele opmerking meitsje wolle. De soarch hjiroer is by üs allegear oanwêzich. Greater wurden fan it probleem liket réeel oanwêzich. It kolleezje hat der by de ried op oanstien om yn it ramt fan de romtlike oardering terreinen biskikber to stellen foar kantoarfêstiging, bygelyks yn Huzum-BorniaFoorstellen ta forkeap en dêrmei réali- searring fan plannen bliuwe oant nou ta üt. Alles hwat op dit stuit réalisearre wurdt en yn tarieding is, is in gefolch fan partikulier inisiatyf. Nou hawwe wy neat op partikulier inisiatyf tsjin, mar it bi lied fan de gemeente liket hjir net sterk. In forgelykbere saek is de oanbieding fan boukavels foar de frije-sektorbou by wenningen. Partikuliere bou is in goede saek, sawol foar folkshüsfêsting as foar de wurkgelegenheit. In gemeentebistjur dat forkeap fan dizze terreinen as in tige krap distribüsje-arti- kel bihannelet, is slim forkeard dwaende. Hjirop oanslutend in opmerking oer it Lijempf-terrein. Yn de ofdielingsgearkomste is troch it kol leezje antwurde dat ütjefte yn wêzen wachtsje moat op de oanliz fan de Eastergowei. In foarlopige oansluting fia Huzum-Sixma soe kinne. Derfan ütgeande dat de réalisearring fan de Eastergowei noch seker tsien jier op him wachtsje litte sil, liket üs dizze opstelling net forantwurde. It tarieden fan in untsluting fia it terrein fan de gebouwen fan de reiniging en in ütjefteplan foar it Lijempf-terrein li ket üs heechst nedich. It lizze litten fan Lijempf-terrein en Klanderijbuert yn de hjoeddeiske steat is om underskate redenen net oanfurdber. Op forskillende manieren binne de birjochten oer in mooglike bibouwing fan de Aide Fémerk ta üs kommen. De mooglikheden wurde troch it kolleezje undersocht en dat is ek de taek fan it kolleezje op dit momint. Oer dit punt soe ik graech twa algemiene opmerkings meitsje wolle. In mooglike réali searring fan in stik heechweardige wurkgelegenheit op dit plak hoecht hwat üs fraksje oanbilanget net yn't foar ofwiisd to wurden. It opnimmen fan in stik iepenbiere parkeargelegenheit yn it projekt dêrre, soe wolris de foarkar boppe de alderheechste priis foar de groun hawwe kinne. Twa oare opmerkings yn it ramt fan de wurkgelegenheit binne de neikommende. Fan great bilang, ek yn dit ramt, is dat yn tsj instel I i ng ta folie oare dielen fan it Ian de wenningbou op in heech peil, alteast hwat kwantiteit oanbilanget, trochgiet. Wurdearring foar dizze treflike saek mei ek wolris üt- sprutsen wurde. Yn dit ramt is it ek forbliidzjend dat de wenningbou yn Wurdum en Wytgaerd nou oan- gean sil. Foar dizze doarpen in tige wichtige oangelegenheit. Hat de wethalder hjiroer noch neijere meidielingen, dan soe ik dy graech fan him hearre wolle. Hwat de yndustriéle wurkgelegenheit oanbilanget hat üs gemeente it foardiel dat in net unbilang- ryk part fan de totale yndustry direkt forban haldt mei lanbou, in ekonomysk frij sterke bidriuwstak. In omstannichheit dy't ek noch sein wurde moat, is dat troch in sterk foroarjend Jeropeesk bilied de stan fan saken drastysk wizigje kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1980 | | pagina 6