6 tal bewenners üt de Roekstrjitte dy't tichteby it Roekenêst wenje, de foarsitter fan de stifting dy't it Roekenêst yn eksploitaasje hat en uteraard de acht oanwêzige riedsleden fiere it wurd yn de gearkom- ste fan dizze kommisje. Yn mearderheid beslüt de Kommisje foar de Romtlike Oardering har earder utsprutsen advys te hanthavenjen. Dêrfoar en dêrnei komme der brieven fan de minsken dy't yn de om kriten fan it Roekenêst wenje. Op 26 jannewaris beslüt de gemeenteried mei 20 stimmen foar en 12 stimmen tsjin dat it bestimmingsplan Vogelwijk op'en nij besjoen wurde sil wat it perseel Roekstrjitte 45 oanbelanget. Ear't it yn de ried ta in stimming kaam, hat de wethalder de ried ütdruklik en faker as ien kear foarhalden dat it nimmen fan in tariedingsbeslüt in proseduere yn gong set wêrby't de be langen sawol fan it Roekenêst as fan bewenners fan de Roekstrjitte tsjinelkoar ofwoegen wurde. As it tariedingsbeslüt troch de ried ofwiisd wurde soe, dan soene de beswieren fan de bewenners fan de Roekstrjitte swierder woegen wurde as de beswieren fan it Roekenêst. De foarsitter fan de ried hat ütdruklik sein dat, as de ried it tariedingsbeslüt nimt, soks betsjut dat de ried feitlik de yntinsje hat om it plan te wizigjen. Oars soe it neffens de foarsitter wol hiel frjemd wêze om in tariedingsbeslüt te nimmen. De wethalder wiist der dan op dat de ried noch mar koartlyn al besletten hat yn te stim men mei de ütwreiding fan it Roekenêst mei it each op de alderein. Hy doelde op de earderneamde akkommodaasjenota en hy pleite der nochris foar it beliedsfoarnimmen fan de ried, nammentlik üt wreiding foar de alderein op dat plak, net op foarhan unmooglfk te meitsjen troch nee te sizzen tsjin it kolleezje-ütstelo Dan komt de stimming: tolve riedsleden sizze nee en tweintich sizze ja. Dêrnei skriuwe b. en w. fiif brieven nei ferskate minsken üt de omkriten fan it Roekenêst respektivelik har ren rjochtskundige riejouwers wêryn it gemeenteriedsbeslüt fan 26 jannewaris meidield wurdt. Ek de minsken fan it Roekenêst krije berjocht en de nedige papieren foar it oanfreegjen fan de boufergun- ningen wurde tastjoerd. Achttjin minsken üt de omkriten fan it Roekenêst komme begjin maart mei beswierskriften en freegje oan de Ried fan State ophalding fan it riedsbeslüt. De ütspraak fan de Ried fan State is al op 26 maart en haldt yn dat it fersyk fan de achttjin minsken ofwezen wurdt. Mynhear de foarsitter, foar in goed begryp fun ik nedich om dizze saken op in riichje te setten, foar't ik by de saak kom wêroer wy daliks beslisse moatte. It troch de Riedsadvyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften ynnommen stanpunt is bekind. Ik wol graach myn stanpunt taljochtsje. Dit stanpunt is it minderheidstanpunt fan de Riedsadvyskommis je foar de Berop- en Beswierskriften. Ik bin nammentlik fan betinken dat ik oangeande it net untfank- lik ferklearjen fan de beswierskriften troch de Ried fan State stipe fine kin yn in ütspraak fan de of- dieling Rjochtspraak fan de Ried fan State fan 23 juny 1978 yn in soartgelikense situaasje yn de ge meente Oirschot. Yn de gemeente Oirschot gie it ek om in tariedingsbeslüt dat allinnich mar nommen wie om nei ofjefte fan de ferklearring fan gjin beswier it mooglik te meitsjen in boufergunning ofjaan te kinnen. De ofdieling Rjochtspraak fan de Ried fan State makke doe üt dat it tariedingsbeslüt wol as in beskikking beskoge wurde koe, mar dat de appellant dêrtroch noch net rjochtstreeks yn syn be lang troffen waard. Dit tariedingsbeslüt hie, sa sei de ofdieling Rjochtspraak fan de Ried fan State, op himsels noch gjin neidielige gefolgen foar de minsken üt de omkriten. It beslüt makke it allinnich mar mooglik dat folgjende beskikkingen nommen wurde koenen, lykas ofjefte fan ferklearringen fan gjin beswier en boufergunningenDe gemeenteried fan Oirschot hie dêrom de appellant net untfank- lik ferklearre en krige dêr gelyk yn. Wolno, mynhear de foarsitter, de saak mei it Roekenêst yn Ljouwert leit krekt sa as it neamde ge- fal yn Oirschot en dêrom sis ik ek hjir: net üntfanklik ferklearje. Ik wit ek wol dat de ofdieling Rjocht spraak fan de Ried fan State wolris oars besluten hat yn situaasjes dy't dêr wat op lykje, bygelyks doe't omwenjenden beswier hiene tsjin in wenweinkamp. De ferskate ütspraken kinne maklik betizing bringe yn de Riedsadvyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften - dat hat al bliken dien - en miskien op dit momint ek noch wol yn de gemeenteried. Dêrom wol ik üt namme fan myn fraksje in berop dwaan op de gemeenteried om yn neifolging fan it stanpunt fan b. en w., sa as dat ferdigene waard yn de Riedsadvyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften, de beswierskriften net üntfanklik te ferklear jen. It beslüt fan de gemeenteried fan 26 jannewaris moat neffens üs fraksje hanthavene wurde. As dat net it gefal wêze soe, geane de aktiviteiten sa't dy no barre gewoan troch, mar is de kans om mear mooglikheden te skeppen foar de alderein, just no't de Lanbuert folboud wurdt, foargoed fer- sjoen. Dat moat de ried him jun bewust wêze. Wy binne üs ek bewust dat de beswieren fan de omkri ten net te licht achte wurde moatte. Mar, sa haw ik lézen üt de beskikking fan 26 maart fan de waar- nimmend foarsitter fan de Ried fan State oer dizze saak, üt namme fan de gemeenteried fan Ljou wert is tasein dat oan de te ferlienen boufergunning sadanige betingsten oangeande it tsjingean fan ludhinder bun wurde si lie, dat it gebou foldwaan sil oan de easken foar rekréaasjeynrjochtingen, lyk as dizze der neffens de Wet op de ludhinder binne of komme sille. It stiftingsbestjoer hat my ferseke- re dat de plannen dy't hja hawwe noch fierder gean dan itjinge wetlik foarskreaun is oangeande de ludhinder en dat it noch hegere easken datoangeande stelt. De ofdieling Rjochtspraak fan de Ried fan 7 State seit fierder noch dat it foar b. en w. mooglik is om op grun fan artikel 258 fan de Bouferoarde- ring betingsten te stellen oangeande de oerlêst fan parkearde auto's, brommers en fytsen. Tsjin de te ferlienen boufergunning is foar de omjowing berop mooglik fia de wet AROB. Dat berop is ek mooglik as it om nije musykfergunningen gean soe en by it ofjaan troch GS fan ferklearringen fan gjin beswier. Tsjin de wiziging seis hawwe de omwenjenden de rjochtsmiddels op grün fan de Wet op de romtlike oardering ta harren beskikking. Ek de ried hat yn in letter stadium as it moat noch wol foech. As b. en w. nammentlik de boufergunning ofjun hawwe en der komme beswieren, dan kin de ried as dy dat wol noch wol yngripe. Mocht de ried yn mearderheid fan betinken wêze dat de beswieren fan de omwenjenden wol ünt fanklik binne en yn oansluting dêrop ek noch fan betinken wêze dat it riedsbeslüt fan 26 jannewaris net ynlutsen wurde moat, dan wol ik dochs noch it folgjende opmerke. Yn de gearkomste fan de Rieds advyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften hawwe de omwenjenden wiidweidich harren beswie ren nei foaren brocht, sawol munling as skriftlik. Sjoch mar ris nei de steapel papier dy't wy doe hie- nen, wol fiif oant seis sentimeter heech. It die bliken dat de ütnoeging oan it stiftingsbestjoer troch in fersin op it stedhüs nei in ferkeard adres tastjoerd wie. Dêrtroch wie it stiftingsbestjoer net yn de gelegenheid doe harren miening te jaan. Nei ofrin fan de gearkomste hat de skriuwer fan de rieds advyskommisje telefoanysk kontakt han mei de foarsitter fan it stiftingsbestjoer en doe ynformaasje krigen. Dy ynformaasje is tastjoerd oan de riedsadvyskommisje. Dêrnei - ik haw der seis oan meiwur- ke - is de Riedsadvyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften ta it advys kommen sa as it no foar üs leit. Ta ynformaasje fan de gemeenteried dy't oerstreamd is mei beswieren, wol ik dochs probearje de saak wat te objektivearjen. Ik haw de ofrune wiken petearen han mei fertsjinwurdigers fan minsken dy't yn de omkriten fan it Roekenêst wenje, mei de foarsitter fan it stiftingsbestjoer en mei de behear- der fan it Roekenêst. De behearder is in man fan tsjin de sechstich jier en oan syn oardiel hechtsje ik grutte wearde, mynhear de foarsitter. Wêr giet it om? De beswieren fan de minsken üt de omkriten fan it Roekenêst jilde benammen foar de sneontejunen. Foar it besykjen fan gearkomsten troch de jongerein oan it Roekenêst op sneon- tejun wurde tagongskaarten ofjun. Men moat foarof kaarten hawwe om yn it Roekenêst te kommen, om te foorkommen dat der tefolle ferkearde dingen barre. It oantal tagongskaarten, 150, leit fêst. De un- derfining is dat as der 80 oant 90 jongelju binne men dit oantal al in hiele protte fynt. No kin men sizze: haldt dêr mei op, mar ik leau seis dat it net in goed ding is. De polysje dy't der ek al ferskate kearen yn behelle west hat, seit dat hja graach sjogge dat der minder jeugd yn de binnenstêd is. Dat betsjut dat de jeugd yn de butenwiken ek in plak hawwe moat. It is benammen de jongere jeugd dy't op sneontejunen yn it Roekenêst komt, sa yn de leeftyd fan 14, 15, 16 en 17 jier. Wat sizze de al- den fan dizze bern? Wy wol Ie üs bern op sa'n leeftyd net nei de binnenstêd hawwe. De alden fine dat harren bern yn it Roekenêst feilich binne en wy sizze: dat moat sa bliuwe. Fierder is der yntiid al in hiele protte dien oan it staljen fan de fytsen. Der is al in romte makke wêryn sa'n 40 oant 50 fytsen stean kinne. Troch de wike is der net safolle te dwaan yn it Roekenêst. It is in militair honk dêr't fiif oant tolve militairen juns komme om nei de televysje te sjen en dy't foar alve ure it Roeke nêst wer ferlitte. Dan wurdt der dus ek net folie lést feroarsake. Wêr giet it no fierder om? Men hat benammen it each op de alderein en foar dizze groep wol men primair de ütwreiding réalisearje. Dêrby is it meinommen dat ek de jeugd in wat bettere akkommodaas- je kriget. Mar it is düdlik net sa om troch de ütwreiding mear aktiviteiten foar de jeugd te organisear- jen en düdlik ek net om mear jeugd oan te luken dan oant no ta it gefal is. As wy jun nee sizze en meigean mei it mearderheidsadvys fan de Riedsadvyskommisje foar de Berop- en Beswierskriften, fine wy dat de saak foar it Roekenêst definityf op slot sit. Wy fine dat wy as ried dêroan net meiwurkje meie. Gearfetsjend: ferklearje yn't earste plak de beswieren net üntfanklik en jow yn't twadde plak net allinnich de bewenners mar ek it Roekenêst in kans. In kans, dat kin no noch. De Foarsitter: Ik nim oan dat jo üt namme fan jo seis en üt namme fan jo fraksje praten hawwe, mynhear Jansma. Jo seine nammentlik dat jo üt namme fan de minderheid fan de riedsadvyskommisje sprieken, mar dy is hjir net oanwêzich. Ik nim dus oan dat jo persoonlik as riedslid en üt namme fan de fraksje sprutsen hawwe, mar net üt namme fan dy minderheid. De hear Jansma: Ik haw üt namme fan de fraksje sprutsen, mynhear de foarsitter. De Foarsitter: Goed, dan sille wy dat fêstlizze. De hear Jansma: Ik tocht ek dat ik sein hie dat ik üt namme fan de fraksje spriek.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1981 | | pagina 4