10 dêr't neffens my ferskil fan miening yn de ried oer üntstean kin. Foar it gemak doch ik dat per haadstik. Yn haadstik 2 "Taak en funktie van de Gemeentelijke Sociale Dienst" wurdt it op 'e nij besjen fan it stelsel fan sosjale foarsjenningen neamd. Foarearst wurdt der gjin wêzenlike feroaring fan taak en funksje fan de GST ferwachte. "Vooralsnog" stiet der yn de notysje. Yn haadstik 3 "Instrumenten waarover de GSD bij de uitvoering van zijn taak kan be schikken" wurdt lokkich wol oanjün dat de sitewaasje noch ünwis is. Dêrom is it in goede saak dat, wannear't ütwreiding fan personiel nedich is, it kolleezje soks docht mei tydlik personiel. It is my bekend dat dit net üngewoan is by oare ütfieringsorganen fan de sosjale fersekering. Yn haadstik 3 wurdt in relaasje lein tusken personielsformaasje, klantebestan en wurkleasheid. Wy misse hjirby it üs soarch jaande geweldige oanboazjen fan it oantal skiedingen, oars sein troubrekken. It besprekken fan haadstik 4 "Het beleid ten aanzien van de minima" hat yn üs fraksje nochal wat tiid koste. Wy hawwe ferline jier ynstimd mei it skriuwen fan in brief nei under oaren it ryksregear en sein dat der mear as oan doe ta rekken halden wurde moast mei de yndividuele omstannichheden fan dejingen dy't in berop dogge op in ütkearing. Koartlyn is der in rünskriuwen kommen fan de Ministearjes fan Binnenlanske Saken en Sosjale Saken en Wurkgelegenheid dêr't yn oanjün wurdt wat gemeenten kinne. Under a oant en mei i wurde dy mooglikheden yn in gearfetting neamd. Wy steane fan herte efter de opdracht dy't it kol leezje oan de direksje fan de GST jün hat om, foarsafier noch nedich, maatregels te treffen om de mooglikheden ta yndividualisearring de folie oandacht te jaan. Us fraksje is ek fan miening - en dat sizze wy mei klam - dat, sa as wy der no foar steane, de keapkrêft fan de echte minima op syn minst gelyk bliuwe moat. Wy wolle werhelje wat wy ferline jier oer de minima sein hawweDe noarm foar in aksep- tabel minimum moat üntliend wurde oan de algehiele üntwikkeling fan de wolfeart. Ik sei niis dat wy fine dat de keapkrêft fan de echte minima op svn minst gelyk bliuwe moat. Wy geane noch fierder. It soe üs hiel wat wurdich wêze, wannear't by de ferbettering fan de wolfeart de keppeling tusken de echte minima en de leanüntwikkeling wer ta stan komt. Doe't dy ünt- keppeling der kaam, hat üs dat sear dien. In protte CDA'ers wienen it dêr ek net mei iens. Us fraksje is fan betinken dat dy keppeling sa gau mooglik wer ta stan brocht wurde moat. Wy binne dan ek wiis mei it Fêstelbrief "Mens, arbeid en samenleving" fan de roomske bis koppen, dêr't ünder oaren yn pleite wurdt foar it hanthavenjen fan de solidariteitsgedachte as rjochtline foar de sosjale wissichheid. Ik bliuw noch efkes by haadstik 4. It docht üs deugd dat yn de notysje mar leafst fjou- wer bledsiden bestege wurde oan it belied oangeande de skulden. It foei my by it bestudear- jen fan de notysje op dat yn it kolleezje-programma, dêr't op side 32 yn oanjün wurdt wat foar punten oan 'e oarder komme moatte yn dizze beliedsnotysje, it belied oangeande de skulden hielendal net neamd wurdt. Wol stiet der earne "etc."; dêr kin men fansels in hiel protte kanten mei üt. Faaks hawwe de gearstallers fan de GST-notysje it CDA-gemeentepro gramma rieplachte. Der wurdt nammentlik by myn witten yn gjin ien oar partijprogramma de Stifting Folkskredyt benammen neamd. It giet derby ünder oaren oer budzjetfoarljochting en dan folget der: "De initiatieven in deze van de Stichting Volkscrediet verdienen volle on dersteuning." Lokkich kriget ien en oar no yn de notysje wol syn gerak. It is slim dat trije fan de fjouwer oanfragen om in skuldregeling te treffen net mear troch de Kredytbank honorearre wurde kinne. De nije namme fan de bank is trouwens fan hjoed óf - yn it Frysk oerset - Mienskiplike Kredytbank Fryslan. Der moat neffens üs wol wat barre. It kolleezje sii in fiiftal üntwikkelingen yn gong sette. Wy steane dêr, sa as jo begripe sille, mynhear de foarsitter, fan herte efter. Yn dit ferban hawwe wy wol in fraach. De finansiering fan de funksjonaris dy't him dwaande haldt mei it projekt Overkreditering komt yn de knipe. Sjocht it kolleezje dêr in oplossing foar? Ik bin sa njonkenlytsen ta oan haadstik 5 "Het voorkomen, respektievelijk tegengaan van misbruik". In hyt hangizer bliek yn üs fraksje te wêzen it omgean mei anonime berjochten. Wy steane in humaan oanpakken fan de klant foar en in optimale tsjinstferliening en gjin ün- nedige kontróle. Wy tinke dat de ferhalding 4 sosjale opspoaringsamtners yn de regio en 35 bütentsjinstamtners yn Ljouwert by de GST in ridlik lykwicht foarmet. Wy hawwe üs óffrege oft it yngean op anonime brieven oer persoanen dy't harren skuldich makke hawwe soenen oan misbrük wol by in humaan oanpakken past. Wy binne nei it ófweagjen fan foar's en tsjin's eins ta de konklüzje kommen dat soks net in humaan oanpakken wêze soe. Der komme jierliks sa'n 130 anonime berjochten by de GST binnen, likernöch twa yn de wike. Is der in splitsing te meitsjen yn oantallen anonime en net-anonime brieven? Wy binne der bést gefoe- lich foar wannear't immen syn namme net neame doar om't hy of sy bang is foar reperkusjes. Der wurde hjoed de dei ek yn Ljouwert wol om mindere dingen minsken öfseame, al as net mei bliuwend letsel. Oan 'e oare kant witte wy wat de gefolgen fan oanbringerij yn in protte diktatoriaal bestjoerde lannen faak binne. Men doar net mear foar in eigen miening üt te kommen. Soks wol, ütsein inkelden, yn üs lan nimmen. Mar moatte jo jo dan, as jo witte dat der by jo buorman ynbrutsen wurdt, stilhalde? It is foar üs gjin fraach mei wa't jo dan soli dair wêze moatte. Dy solidariteit freget dan dat jo de polysje warskögje. Dat soe bést ano- 11 nym kinne as jo reperkusjes fan de misdiedigers ferwachtsje. De foar's en tsjin's ófweagjend niigje wy as fraksje der ta om anonime brieven oan de kant te lizzen en dat ek düdlik oan de boargerij mei te dielen. Mar faaks sjocht it kolleezje kans om mei sadanige arguminten te kommen dat wy der oars oer tinke. Soe bygelyks in oplossing wêze kinne - dat is mar in suggestje fan myn kant - it brief anonym te halden en yn in bysluter namme en adres te neamen? Foar üs definityf stanpunt te bepalen wolle wy de réaksje fan it kolleezje op dit punt graach öfwachtsje. Oer haadstuk 6 "Het Sanktiebeleid in het kader van WWV en RWW" it folgjende. Wy stea ne efter it kolleezje wannear't dat fêststelt dat it sanksjebelied yn it ramt fan de WWV en de RWW oanpast wurde moat, no't dejinge dy't him net oan de regels halden hat en op wa't sanksje tapast wurde moat mar in hiel lyts kanske hat it tiidrek fan de sanksje koarter te meitsjen no't der sa'n grutte wurkleasheid hearsket. Wy binne it net iens mei dejingen dy't fi ne dat men nea en te ninter ünder de bystannoarm komme mei. In koarting oant 95% fan de bystannoarm, lykas it kolleezje no oanjout, fine wy oer in beheinde perioade, respektivelik 6, 13 en 26 wiken, akseptabel. As men net ünder de 100% gean wol bets jut dat dat, as immen no al as net fraude bedriuwt, men altyd wis is fan de minimum bystannoarm. Dyselden dy't op it minimum sitte soenen dan in frijbrief krije om fraude te bedriuwen. Yn prinsipe makket it gjin ferskil as immen fan syn buorman tüzen güne stelt of de GST wolbewust foar tüzen güne oplichtet. Yn beide gefallen is it stellen. It ütgongspunt mei dan neffens üs net wêze: lit mar gewurde. Haadstik 7 "De verhouding tot de kliënt". Ek hjir geane wy akkoart mei de wize wêrop't de foarljochting stal kriget. De foarljochting moat op de persoan öfstimd wurde op it momint dat de klant der ferlet fan hat. Ik haw it foarljochtingsmateriaal, sa as dat yn 'e doku- mintaasjemap lei, ris trochsneupt. Mynhear de foarsitter, ik haw oare moanne 45 jier yn it sosjale fersekeringsfak sitten; ik wit dus wol wat fan de matearje óf. Ik telde yn de map 48 ferskillende folders. In part dêrfan, skreaun yn in foar my ünlêsber skrift, is bestimd foar Turken, Marokkanen en oare bütenlannersMar it grutste part fan de folders is yn it Hol- lansk skreaun. Dy taal kin ik my njonken it Frysk aardich mei réde. Mar om alles te fetsjen wat der yn dy folders bedoeld wurdt te sizzen: in taljochting fan amtners en in minsklik oanpakken yn elts individueel gefal is al it minste wat wy freegje meie. Hoe fynt de kommu- nikaasje plak tusken amtners fan de GST en bütenlanners? Hoe is ien en oar regele en is dat foldwaande? Ik tink dan benammen oan Turken, Marokkanen, Joegoslaven, ensafuorthinne dy't in taal sprekke dy't wy ornaris op skoalle net leard hawwe. Wat de kliïntepartisipaasje oanbelanget binne wy ek foarstanner fan, sa as dat hjit, in "gespreksplatform" mei de direksje fan de GST. Ik wit üt ünderfining yn in fergelikbere si- tuaasje dat soks tige learsum wêze kin en de ütfiering ten goede komt. Haadstik 8 "Startende zelfstandigen". Hjiroer kin ik koart wêze. Wy binne it iens mei de san bledsiden tekst dy't hjiroer yn de notysje steane. Ek de Kommisje foar de Wurkgelegen heid koe him mei de betingsten ensafuorthinne ferienigje. Foaral foarlopich trije moanne lang in romhertich belied sprekt üs oan. Ta beslüt, mynhear de foarsitter, de goede bedoelings en foarnimmens steane en falie mei de wize wêrop't de amtners harren taak opfetsje. Hja sille it goede mei de klant foar hawwe moatte, ek mei dy inkelingen dy't it harren wolris lêstich meitsje. Wy winske harren by harren wurk foldwaning en sterkte. Ik tank jo wol, mynhear de foarsitter. De heer Siemonsma: Het doet ons genoegen dat wij vandaag uiteindelijk de beleidsnotitie GSD kunnen bespreken. De notitie is, in tegenstelling tot de gedane toezeggingen, met gro te vertraging tot stand gekomen. De motieven dienaangaande - deze zijn genoemd in de inlei ding van de beleidsnotitie - zijn interessant. Ik kan mij niet herinneren dat deze motieven eerder een rol hebben gespeeld. Er staat namelijk in de inleiding: "Aanvankelijk waren wij de mening toegedaan u pas een beleidsnotitie aan te moeten bieden op het moment dat meer duidelijkheid verkregen is over de stelselherziening en de gevolgen daarvan." en verder op "Daarnaast heeft een rol gespeeld in het nu eerst verschijnen van deze notitie het feit dat wij u over een aantal essentiële onderdelen van het door de dienst uit te voeren beleid reeds per raadsbrief informatie hebben verschaft." Ik meende dat er alvast een aantal onderwer pen uit de notitie was gelichtomdat de behandeling daarvan eigenlijk niet kon wachten tot het gereedkomen van de gehele notitie. Het lijkt alsof de boel een beetje op zijn kop is gezet. Maar dit even terzijde. Hoewel het vaststellen van de beleidsnotitie een bevoegdheid is van b. en w. is het een goede zaak dat ook de raad vandaag zijn licht over de notitie kan laten schijnen. De raads brief spreekt terecht over het belang van en de belangstelling voor de inhoud van deze noti tie. Het recente rijksbeleid tast de positie van uitkeringsgerechtigden op een ingrijpende wijze aan. In de eerste plaats worden verschillende soorten uitkeringen verlaagd tot beneden het bestaansminimum. In de tweede plaats worden, door toenemende regelgeving met steeds meer controle, uitkeringsgerechtigden steeds meer behandeld als tweederangs burgers. Op

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1985 | | pagina 6