A
18
- dat it yn it ramt fan it homobelied wichtich is om de noarm fan
heteroseksualiteit te trochbrekken,
- dat by it trochbrekken fan de noarm fan heteroseksualiteit
manlju en froulju, dy't iepenlik foar harren homoseksuele foar-
kar ütkomme, in wichtige rol spylje,
- dat dit benammen op it mêd fan ünderwiis en foarming fan be
lang is,
- dat de behinderings om iepenlik foar de homoseksuele foarkar
üt te kommen benammen yn wurksitewaasjes noch tige grut bin-
ne
- dat wy op dit stuit net oer foldwaande ynformaasje beskikke
oer stüdzjes dy't oare gemeenten mooglik dien hawwe nei de
mooglikheden en foar- en neidielen fan it by foarkar oannimmen
fan iepenlik homoseksuele manlju of froulju, soks mei it each op
it trochbrekken fan de noarm fan heteroseksualiteit,
docht it fersyk oan it kolleezje
- om üt te sykjen wat de mooglikheden binne om yn guon funk-
sjes by foarkar kandidaten oan te nimmen, dy't iepenlik foar
harren homoseksuele foarkar utkomme,
- en de ütkomsten fan dizze ynventarisaasje ta diskusje en be-
slütfoarming oan de ried foar te lizzen."
De moasje is mei-ündertekene troch de hear Duijvendak.
Dan wol ik noch in opmerking meitsje op it mêd fan de sünens en wol oer aids. It
noardlik aids-oerlis hat- dizze simmer in aids-plan foar it „Noorden des lands" opsteld.
Wat wy graach witte wolle is oft dit plan by de gemeente bekend is, om't it üs in goede
saak liket dat neigien wurdt hoe't ek de gemeente in bydrage leverje kin oan it slagjen
fan dit plan.
By eintsjebeslut wol ik noch wat sizze oer de ütfiering en de ütbou fan it no fêst te
stellen belied. Wy hawwe der noch net safolle betrouwen yn dat it mei it oannimmen fan
dizze nota fierder wol goed komme sil mei it homobelied. It giet hjir om nij belied, de
saak moat noch hielendal fan'e grün komme en it giet om fasetbelied. Wy hawwe sjoen
hoe stadich it emansipaasjebelied foar froulju him üntwikkele hat en hokker behinderings
oerwün wurde moasten. Te min amtnertiid, wjerstannen, in gebrek oan emansipaasjegefoe-
lichheid yn bepaalde sektoaren, ensafuorthinne. Wy ferwachtsje dat dizze behinderings ek
by it homobelied liede sille ta fertraging, as it belied net in düdliker plak krijt yn de
gemeentlike organisaasje. Yn de reaksjenota fan b. en w. oer de ütfiering en de fierdere
üntwikkeling fan it belied stiet neat oars as dat de wethalder fan Emansipaasje ek ferant-
wurdlik is foar de koördinaasje fan it homobelied. Hoe tinkt de wethalder dat wier te
meitsjen? Opdracht jaan ta it ütfieren fan alle maatregels, tasicht halde dat dat yndied
bartnije üntwikkelings folgje, ensafuorthinne. Dat is, liket üs, in takepakket dêr't in
amtlike wurkgroep de hannen fol oan hawwe soe. Wy begripe dat ek de PvdA-fraksje oer
dit punt soargen hat. As men no al foarsjen kin dat de ütfiering fan it belied behindere
wurde sil troch it üntbrekken fan in amtlik draachflak, wêrom dan in jier wachtsje op in
teloarstellende rapportaazje en net fuortendaliks in wurkgroep ynstelle fan amtners en
eventueel ek noch eksterne saakkundigen? Wy fine dat it homobelied dat wy jün fêststelle
in krêftdiedige ütfiering fertsjinnet. Yn in moasje bepleitsje wy dan ek dat der in wurk
groep ynsteld wurdt en dat der amtnertiid frij komt om it homobelied stal te jaan. Yn dy
moasje stiet it folgjende:
Moasje II.
„De gemeenteried fan Ljouwert, gearkommende op 8 septimber
1986,
betinkende
- dat it ütfieren en fierder üntwikkeljen fan in homobelied troch
it oannimmen fan de reaksjenota op de Homo-nota in prioriteit
is,
- dat dy ütfiering en fierdere üntwikkeling fan it homobelied om
in koördinearre oanpak fan it kolleezje, de ried en amtners fre-
get,
- dat de polityk/bestjoerlike betrutsenheid regele is troch it ho
mobelied ünder te bringen by in koördinearjend wethalder en
by de Kommisje foar Emansipaasje-oangelegenheden
- dat lykwols de ynpassing fan dit fasetbelied yn it amtlik appa
raat noch net sadanich strukturearre en yn amtlike tiid fêstlein
is dat garandearre is dat it belied mei faasje fierd wurdt en
droegen wurdt troch alle ófdielings
- dat by it üntwikkeljen fan nij belied de ynbring fan eksterne
saakkundigen o sa wichtich is,
19
jout it kolleezje yn betinken:
- in wurkgroep yn te stellen, foarsitten troch de koördinearjend
wethalder, besteand üt meiwurkers fan de ferskate ófdielings
en mooglik üt eksterne saakkundigen,
- yn it takepakket fan in (tal) amtner(s) romte frij te meitsjen
om it gemeentlik homobelied fierder te üntwikkeljen."
Ek dizze moasje is mei-ündertekene troch de hear Duijvendak.
Hjirmei bin ik oan it ein fan myn ferhaal.
De hear Bilker: Yn üs maatskippij is gelokkich de léste jierren rom omtinken foar
groepen dy't yn in efterstanssitewaasje ferkeare. Wy hawwe lésten de Nota Etnyske groe
pen hjir behannele en no leit foar üs de Nota Reaksje op de Homo-nota Ljouwert. Dit al
les fait ünder it hiele proses fan emansipaasje. Men moat dit proses ek sjen as in sosjaal-
kultureel maatskiplike üntjouwing, wêr't dizze ferskate emansipearjende groepen net op
harren seis steane. By al dizze befolkingsgroepenby elts yndividueel minske giet it
dêrby om lykweardigens. As dy lykweardigens der noch net is foar dizze groepen en
minsken, dan sille der betingsten opsteld wurde moatte om dizze efterstelde groepen mear
kansen te jaan om harren in lykweardige posysje ferkrije te litten. No leit foar üs de re
aksje fan b. en w. op de Homo-nota. Dêr wol ik üt namme fan üs fraksje it folgjende oer
sizze.
Sa as jo witte, foarsitter, is dizze problematyk al inkelde jierren yn üs partij yn dis
kusje. Der hat twa jier lyn in aparte partijried oer gear west en doe binne der inkelde
ütgongspunten oer fêstlein. De diskusje wie dêr doch net mei ófrün, dy giet yn partij-
ferban noch hieltiten fierder. Sommige fraksjes yn dizze seal folgje dat mei grutte ynte-
resse, haw ik murken. Sa as ik niis stelde kin de emansipaasje fan homofilen net los
sjoen wurde fan oare emansipearjende groepen. Dêrom jildt foar it CDA as algemien üt-
gongspunt dat elts minske op grün fan bibelske tsjügenis fundaminteel lykweardich is,
nettsjinsteande oertsjüging, ras, geslacht, aard, ófkomst en/of ekonomyske posysje. Dit
jildt fansels foar eltsenien persoanlik, mar it fait faak net ta yn jins eigen libben dêrnef-
fens te libjen. It is lykwols wol de opdracht foar elts minske persoanlik. Om dy lykwear
digens te berikken en dy te garandearjen sil dêr no en yn de takomst nei stribbe wurde
moatte, op hokker mêd en yn waans ferantwurdlikheid dan ek. Elts minske sil ommers ta
syn rjocht komme moatte as minske, oft men no homofyl of heterofyl is en hoe't syn lib-
benswize dy't dêrmei oerienkomt dan ek is. Mei elkoar en net tsjinoer elkoar sille wy
wurkje moatte oan in harmonieuze maatskippij, wêryn't wy elkoar net sear dogge om üs
aard of libbenswize. Yn it ferline is dat spitigernóch mar al te faak bard.
In oar ütgongspunt is solidariteit. Dat ferplichtet üs om op te kommen foar dejingen
dy't eftersteld binne om harren homofyl wêzen. It oerheidsbelied en sa ek dat fan de ge
meente sil der op rjochte wêze moatte om homofile minsken lykweardich te behanneljen. De
oerheid hat dan ek in betingstenskeppende en foarljochtsjende taak om de emansipaasje
fan dizze en oare groepen te begelieden. De gemeente sil, hoewol't hja seis dat emansi-
paasjeproses net stjoere kin, in foarbyldfunksje hawwe kinne om behinderingen fuort te
heljen dy't dat emansipaasjeproses yn'e wei steane. Dy opset docht yndied bliken üt it
antwurd fan it kolleezje yn syn reaksje op de Homo-nota Ljouwert. Ek op it lannelik mêd
hat de oerheid in grutte taak, foaral as it giet om de wet jouwing. It wittenskiplik buro
fan üs partij hat okkerdeis in rapport ütbrocht „1 1 samen". Guon hawwe dat hielendal
al lézen. It is in diskusjestik, dus it is noch net fêststeld. Dat jout in rjochting oan fan
de lannelike wetjouwing hoe't de ferskate relaasjes en dus ek de homofile relaasjes harren
rjochten en plichten ferkrije kinne lykas de gesinnen dy hawwe. Ek hjir is wer sprake
fan dy lykweardigens. Ien fan de meast swiere punten dêrby is it spanningsfjild tusken
de begjinselen fan de lykweardigens en fan de spriede ferantwurdlikheid. It is hjir lyk
wols net it plak om dêr in diskusje oer te fieren. Mei it wetsütstel „Wet gelijke behande
ling" sil dêr fêst de kommende tiid mear düdlikheid oer komme. En dat is in taak fan de
nasjonale polityk. Yn it regearakkoart fan it twadde Kabinet-Lubbers is dêr in düdlike
tekst oer opnommen. Neffens dizze tekst sil der foar 1 july 1987 in wetsütstel yntsjinne
wurde. Hooplik sil dat in soad ündüdlikheden weinimme.
Foarsitter, ik wol no inkelde punten üt de Homo-nota en de reaksje dêrop oanstippe.
Wy kinne üs fine yn it kolleezje-antwurd as der stiet dat homofreonlikheid net óf te twin-
gen is. Soks kin ek net troch middel fan in subsydzjeferliening. Yn paragraaf 3.b wurdt
steld dat noch dit jier in non-diskriminaasje artikel yn de Algemiene Subsydzje-oardering
oan de ried foarlein wurde sil en dat dan mei sa'n bepaling yn'e han subsydzjes oan yn-
stellings dy't diskriminearje wol of net takend wurde kinne. Mar yn paragraaf 3.C.3 side 9
stiet dat homofreonlikheid net óf te twingen is en dat men net samar subsidiearjende yn-
stellings twinge kin, want as men dat docht berikt men it tsjinstelde. De gemeente wol
dan earst in foarljochtsjende taak ütfiere. Kloppet dit wol? Dit liket mei elkoar yn striid.
Earst sizze fan wol in non-diskriminaasje bepaling yn de ASV en op grün dêrfan wol of