8 De hear Bilker: It hjir foar us lizzende ütstel jout üs fraksje oanlieding ta de folg- jende opmerkings. Yn it foarste plak. Yn de riedsgearkomste fan 17 maaie 1982 moast de ried ek in beslüt nimme oer de behuzing fan it Gemeentlik Wenningbedriuw. Doe leinen de foarütsichten der oars hinne as no. Ek doe mocht ik üt namme fan de CDA-fraksje dêroer it wurd fiere. Us fraksje hat op 17 maaie 1982 har twifel ütsprutsen oer de gearwurking fan us wenningbedriuw mei de Wenningbouferieniging „Beter Wonen". Wy woenen dy kep- peling op dat stuit noch net lizze. Destiids wie dat wol in düdlik punt fan beried om it pan Frisiastate te hieren. De keppeling tusken „Beter Wonen" en it Gemeentlik Wenning bedriuw is lykwols nea lein; it riedsbrief rept dêr ek al oer. Wy binne noch mar sa'n fjouwer jier fierder en no moatte wy hjir al wer mei oan de slach. Spitich dat it allegear sa mei omwegen rinne moat. Yn it twadde plak. Us fraksje is foar nijbou, benammen om't wy fan betinken binne dat de technyske tsjinst en it kantoar by elkoar heare. Dat leveret ommers op him seis al in besparring op. Dêrta moat de hier opsein wurde fan it kantoarenkompleks oan it Süd- fliet. De fraach dy't no boppe komt is: as wy de hier foar 1 oktober 1986 opsizze en it docht nei dy datum bliken dat ien en oar dochs net te realisearjen is binnen dat iene .iier, wat dan? Ien .iier foar it opstellen fan plannen, it oanbesteegjen en de bon liket nis wol krap of der moat fansels in mylde winter komme. Yn it tredde en léste plak de finansjes. Der is berekkene dat der sa'n 1,9 miljoen güne nedich is foar dizze nijbou. De finansjele posysje fan it wenningbedriuw hat der min foarstien, mar der is wer wat romte kommen troch under oaren subsydzjes. It is üs be kend dat de algemiene bedriuwsreserve fan it Gemeentlik Wenningbedriuw noch net al te swiere lesten drage kin. Dêrom wol üs fraksje no al ütsprekke dat it jild foar de totale ynvestearring dy't strak nedich is doelmjittich beheard wurde moat. Wy moatte net foar ferrassings komme te stean. It giet hjir jün om it beskikber stellen fan kredyt foar de nijbouplannen, mar hoe komt it mei de fierdere plannen? De ütwurkings en it kostenas- pekt soenen wy regelmjittich yn de Kommisje foar it Wenningbedriuw werom sjen wolle. Miskien kin de wethalder dêr in tasizzing oer dwaan. It sil wol düdlik wêze, mynhear de foarsitter, dat wy üs stelle achter it te nimmen beslüt. Wy wolle der wol de klam op lizze dat it bedrach dat hjir strak foar ütlutsen wurde moat binnen it stelde ramt bliuwe moat. Mefrou WestraDe PAL-fraksje kin ynstimme mei it plan foar nijbou fan it Gemeentlik Wenningbedriuw no't oan in earder betingst, nammentlik mear ynsjoch yn de finansjele posysje fan it bedriuw, foldien is. Yn de kommisjegearkomste hat by de besprekking fan dit punt koart de lokaasje fan de nijbou oan'e oarder west. Der waard ferwiisd nei dis kusjes dy't dêroer yn it ferline fierd binne. Der is doe ek al fêstlein dat, as der nij boud wurde soe, dat op it terrein fan de technyske tsjinst plakfine soe. Wy fine dat der in oantal neidielen oan dy lokaasje sitte. It plak is min te berikken foar hierders en aspirant-hierders. Tal fan korporaasjes binne al nei desintrale plakken ferhuze. Mei de ferhuzing fan it wenningbedriuw wurdt de berikberheid foar de hierders noch wer minder. In underdiel fan in goed hüsfestingsbelied is neffens üs dat wenkonsu- minten maklik tagong hawwe moatte ta de ferhierders foar ynskriuwing, ynformaasje oer wenten, it stellen fan fragen, ensfh. It argumint dat de hierders fan it wenningbedriuw yn it easten fan de stêd wenje, fine wy net sterk. Foar de bewenners fan bygelyks it Valeriuskwartier giet dat al net op. Boppedat giet ien en oar foarby oan de aspirant- hierders. Der kin ferwachte wurde dat yn de takomst it tal mutaasjes tanimme sil en dat ek sis mar de promoasje-aktiviteiten foar de ferhierders mear fan belang wurde sille. In sintraal plak soe tinkt üs folie better wêze. Wy fine it wichtich dat nochris besjoen wurdt hoe't it Gemeentlik Wenningbedriuw better berikber wurde kin. Men kin dan bygelyks tinke oan in ynformaasje-baalje yn de binnenstêd. Miskien is it yn de takomst seis mooglik om in mienskiplike baalje yn te stel len kombinearre mei in sintrale wenningtawizing. Wy sille dit punt yn de takomst nochris yn de kommisje oan'e oarder stelle. De heer Ybema: Uit de raadsbrief blijkt - dat was trouwens ook al algemeen bekend - dat de samenwerking die in het verleden is nagestreefd met de Woningbouwvereniging Be ter Wonen is mislukt. Het Gemeentelijk Woningbedrijf is wat dat betreft alleen blijven staan. De financiële positie van het Woningbedrijf blijft echter zorgelijk, ondanks enige verbetering zoals uit de raadsbrief blijkt doordat enkele subsidies in de reserves konden worden gestort. Het Gemeentelijk Woningbedrijf blijft de gevolgen ondervinden van de verdeelsystematiek, die nu eenmaal sterk werkt in het nadeel van corporaties die een be trekkelijk oud en daardoor onderhoudsgevoelig woningbestand hebben. Dat laatste heeft ook betrekking op ons Woningbedrijf. De financiële positie van meerdere woningcorpora ties laat echter te wensen over. In het verleden zijn er ook in de pers op dat punt meerdere berichten verschenen. Ik wijs in dat verband even op de positie van St. Jo seph. 9 Een ontwikkeling die ook opvalt is dat veel woningcorporaties de afgelopen jaren nieuwbouw hebben gepleegd. Beter Wonen, de Vereniging voor Volkshuisvesting en de Woningstichting Leeuwarden/Leeuwarderadeel zijn allen nieuw gehuisvest. Waar het D66 met name om gaat is dat wij een situatie vrezen dat wij over enkele jaren woningcorpora ties hebben die vrijwel allemaal in een nieuwe huisvesting zitten, terwijl dan de financiële problematiek van deze corporaties op ons afkomt. Dan zal blijken dat meerdere woning corporaties, waaronder het Gemeentelijk Woningbedrijf, in financiële zin - het gaat hier om een landelijk gegeven - het hoofd moeilijk boven water zullen kunnen houden. Tegen die achtergrond zou ik graag van de wethouder willen weten of alle mogelijkheden zijn onderzocht om te komen tot een samenwerking wat de nieuwe huisvesting betreft van het Gemeentelijk Woningbedrijf met andere corporaties. Dit is voor ons het belangrijkste punt. Op zich hebben wij geen problemen met het realiseren van nieuwbouw voor het Ge meentelijk Woningbedrijf ter vervanging van de toch wel dure huurpanden waarin men nu is gehuisvest. Over het toekomstperspectief, met name wat betreft de grote financiële problemen die misschien de komende jaren op ons afkomen, zouden wij graag wat meer willen weten. Hoe kijkt de wethouder daar tegenaan en vindt hij deze beslissing, in het licht van die situatie, dan wel verantwoord? De hear Miedema (weth.): De hear Bilker hat sein dat de CDA-fraksje op 17 maaie 1982 ek sprutsen hat oer de behuzing en dat hja doe har twifel ütsprutsen hat oer de gearwurking dy't de grünslach wie foar it ütstel dat doe oan'e oarder wie. Ik fyn it spytich, mynhear de foarsitter, - dat mien ik hiel oprjocht - dat de CDA-fraksje gelyk krigen hat, want wy hienen dêr nochal wat fan op'e rekken. Ien en oar slüt ek oan by de fraach fan de hear Ybema oer de gearwurking. Gearwurking is in goede saak. Goed fiif jier ferlyn hat dy problematyk ek oan'e oar- oarder west. Mei de korporaasjes hawwe doe petearen plakfün oer gearwurking binnen de korporaasjes en oer gearwurking mei it Gemeentlik Wenningbedriuw. Der binne wol wat suggestjes dien oer gearwurking tusken ferskate korporaasjes, mar gearwurking mei it Gemeentlik Wenningbedriuw wie dochs wol ien stap fierder. Sa't de ried nei alle gedach ten wol wit hat it Gemeentlik Wenningbedriuw sunt ein 1950 gjin nije wenten mear boud en dat hat gefolgen. Wy hawwe sa'n 4.000 wenten dêr't it aldernijste fan óf is. Yn de léste kommisjegearkomste is sein dat de gemiddelde hierpriis fan dizze 4.000 wenten 230,yn de moanne is; dat is hjoed de dei in bysünder leech bedrach. Dochs hawwe de korporaasjes gjin inkelde belangstelling om mei it Gemeentlik Wenningbedriuw gear te wurkjen. Wy hienen destiids ek noch hoop dat wy op it technyske en administrative mêd elkoar fine koenen. Ik kin der in hiel lang ferhaal oer halde, mar dat hoecht jün net. Yn goed oerlis mei de Kommisje foar it Wenningbedriuw hawwe wy de konklüzje lüke moatten, hoe spitich dat ek is, dat de mooglikheid foar gearwurking der net is. Ik sil strak noch yngean op in fraach fan de hear Ybema hoe't it yn de takomst komt. De hear Bilker seit fierder dat yn it riedsbrief praat wurdt oer it opsizzen fan de hier foar 14 oktober 1986 en dat de nijbou dan binnen ien jier ree wêze moat. Hy freget him óf of dat mooglik is. Yn de léste kommisjegearkomste hawwe wy ek al oer dit punt praat. Dy termyn fan ien jier is yndied krap, seis tige krap. Mar as it der goed op wierret, dan slagget it wol, hoewol't men der yn de bou nea fanüt gean moat dat alles meiwierret. Der bart altyd wolris eat wat men net ferwachtet. Wat is dan de polityk? Wy moatte ris in petear hawwe mei üs ferhierder of it mooglik is om it pan wat langer te hie ren. De ferhierder hat no in goede hierder dy't ree is it pan in pear moanne langer te hieren. Kin dat net dan moatte wy in tal prosedures bekoartsje en dat doch ik as fer- antwurdlik wethalder leaver net. Ik tink bygelyks oan foldwaande ynspraak troch de kommisje, oan it noch ris trochrekkenjen fan de kosten en oan in doelmjittige oanbeste- gingsmethoade sadat wy yndied op de leechste priis te lane komme. Men moat de tiid nim me om dizze saak goed op it spoar te setten. De ferhierder kin sizze dat wy it pan noch ien of twa jier hiere kinne, mar fansels ek dat wy de hier no opsizze moatte. Myn ant- wurd is dan düdlik: wy begjinne mei de bou en dy komt dan wol klear. Wy probearje lykwols wat romte te finen. De kommende wiken sille wy dêr in petear oer hawwe - de ried moat jün dan fansels wol mei it ütstel ynstimme -, yn de hoop dat wy in fearnsjier of in healjier langer de tiid krije om it wurk goed te dwaan. My tinkt dat de ried dat ek fan üs ferwachtsje mei. De hear Bilker hat ek noch sein dat de algemiene bedriuwsreserve en de finansjele posysje fan it Gemeentlik Wenningbedriuw goed binne, mar lykwols noch net sa tige sterk. Hy is fan betinken dat wy de saak wol yn de han halde moatte. Ik bin dat folslein mei de hear Bilker iens. Ik sis him ek ta dat, foar safier ik ynformaasje haw, de kommis je dy ek krijt sadat dy foldwaande op de hichte bliuwt fan de gang fan saken. Mefrou Westra hat sein dat har fraksje akkoart giet mei it ütstel. Hja is wol fan be tinken dat it Gemeentlik Wenningbedriuw, dat oan de Alddielstrjitte komt, goed berikber wêze moat. Wy hawwe dêr al earder in diskusje oer fierd, mefrou Westra, en jo kinne myn opfetting. De Alddielstrjitte hat it foardiel dat dy net yn it sintrum leit en dêrom

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1986 | | pagina 5