is dan, hoe hélde jo dy winst fêst? Dat is de PvdA net slagge. Sy is wer werom op har strukturele oanhing. Der binne ünderskate ferklear- rings fün wêrom de PvdA de winst fan 1986 net fêstholden hat en yn sommige stéden seis noch djipper sakke is. Ien punt komt dêr sterk by nei foarren: de grutte ferwidering somtiden tusken de PvdA-topminsken en de PvdA-kiezersDe basis koe himsels faak net mear werom fine yn hiele pregnante beslissings dy't just troch de PvdA altyd nommen wiene. Ek yn Ljouwert binne dêr foarbylden fan te betinken. En dat komt dan foaral del op de partij dy't fier wei de grutste is, want it wurdt erfaren dat dy de macht hat. Yn sommige sitewaasjes blykt dat ek it gefal te wêzen. Ek dêr wurde dan troch de kiezers korreksjes op oan brocht. Dat neam ik winst fan de demokrasy. Mar wat de PvdA oerkommen is, kin üs allegearre oerkomme as politike partijen. Ek wy wolle üs dat oanlüke. De fraach komt op üs óf, hoe geane jo mei macht om? Hoe fiere jo belied dat werkenber bliuwt? Dat hat wer mei it foargeande te meitsjen, lykas de opkomst en it yn grutte parten it stimmen op in oare partij. Wat de PvdA oerkommen is, kin bygelyks ek it CDA oerkom me. Dat is de les üt dizze ütslach. De ferkiezingsütslach yn Ljouwert makket fêst de politike diskus jes boeiender yn de ried. De PvdA en PAL as echt linkse partijen hawwe no 18 setels, krekt gjin meerderheid mear. By sommige punten kin dat wolris ynteressant wurde. Dan hinget it der ommers fan öf, wat D66 docht? Want dy is pragmatysk, dat sizze sy seis. Dus is it lang net yn't foar foarspelber wat der dan barre sil. Twadde punt, de kolleezjebesprekkingsFoar üs fraksje wie fan 21 maart öf al dudlik, omt der foar üs yn de ütslach neat feroare wie, dat wy mei deselde ynset as yn 1986 de kolleezjeünderhannelings yngean woene. It wie op himsels folslein düdlik dat foar it CDA de lijn daliks fêst stie. Wy woene graach meidwaan oan it kolleezje, mei düdlik werkenbere programmatyske punten en op basis fan dielnimmen oan it kolleez je fan b. en w. troch middel fan twa wethêlders. Oer üs hêlding en ynset koe sadwaande gjin misbegryp ünstean. Yn de earste dagen nei de ferkiezings die bliken dat èn D66 èn PAL yn earstoan oan de kolleez jeünderhannelings meidiene. Ek alle twa woene net allinnich programmatyske ynbring, mar ek eventueel in wethêlder lever je. Ek sy leine alle twa düdlik in claim op tafel. En dat brocht fansels de PvdA yn in net sa maklike posysje. Dy moast seis in düdlike kar meitsje, benammen ek omt dy seis in claim foar 3 wethêlders del lei. De rol fan D66 hat doe net altyd botte düdlik west. Ommers yn'e kampanjetiid hat dizze partij him düdlik profilearre op punten sa as bygelyks it fuortset ünderwiis, as punten fan ferskil mei de kolleezjepartijen. Dan komt it üs foar dat by de ynhêldlike ynfulling fan it kolleezje dat dochs in rol spylje moat. It liket no allegearre krekt dat de PvdA en it CDA D66 ütskeakele hawwe fanwege, sa't D66 dat neamt, de machtspolityk. Ik mei der op wize dat de foarsitter fan de ünderhannelingsmefrou Vlietstra, D66 oan twa kear ta frege hat oft se konsesjes dwaan woe, wêrop listlüker De Jong antwurde, dat it om de "geloofwaardigheid" gong. En dus wie syn antwurd üteinliks, "nee". 8 Dêr leit neffens üs it momint dat D66 öfheakkemar dat sei de hear De Jong doe't de PvdA de claim fan 3 wethêlders hanthavene. Mei oare wurden doe't it CDA 2 wethêlders claimde en PvdA 3, koe D66 mei rjochte rêch sizze, dat sy om reden fan ferskilpunten net mear mei dwaan woe. Ik hechtsje hjiroan, foarsitter, om dit sa te fermelden, omt letter bliken docht fia in artikel yn de Ljouwerter Krante dat D66 min of mear silich docht, want de f erkiezingsütslach waard net fer- taald. Yn konkreto net yn it dielnimmen oan it kolleez je en yn it oantal sitten yn de kommisjes. No komt it fierder del yn dat artikel op arrogênsje fan de macht en mear fan sokke üthalen. Lokkich hat dizze partij wol hiel wat punten ynbrocht dy't no opnommen stean yn it kolleezjeprogram, dus wy ha der alle fertrouwen yn dat it goedkomt. Yn in hiel goede sfear is fierder wurke oan it kolleez jeprogram. Earst yn twa wurkgroepen, letter doe't de konsept-tekst klear wie, yn plenêre sit. Ik tink, en dat mei bést sein wurde, yn fergeliking mei sommige oare gemeenten, dat it in goede saak is foar üs gemeente dat dit yn sa'n harmony en saaklikheid bard is. Dat komt de gemeente en har boargers allinne mar te'n goede. Ik sei yn it begjin al dat de programmas kwa beliedsoanbefellings net al te folie ferskillen sjen litte, sa liket it alteast, mar yn de fisy noch wolris ferskille. Sommige kweasprekkers wolle noch wolris suggerearje dat de CDA- en PvdA-programmas nei elkoar ta skreaun binne. Mar dat binne dan ek de boaze tongen dy't dat beweare. Elts dy't wit hoe't in program fia partijpolitike diskusjes ta stén komt, wit wol better en jout gjin fiedsel oan sokke geruchten. Elke partij hat sadwaande düdlik syn eigen lüd en ynhêldlike ynbring levere. By de ünderhannelings dy't yn bütengewoan heech tempo holden waarden, die bliken dat de PvdA en it CDA oan elkoar weage binne en, en dat is like wichtich, dat der in konsensus üntstien is omtrint de oanbefellings foar it te fieren belied. Ek oer de porte- fül jef erdieling wiene wy it gau iensDe ferhêldings binne ek dêr yn werom te finen. It. CDA kin no twa ynhêldlik folweardige wethêlders hawwe en dêrmei kom ik op myn tredde punt: It belied foar de kommende jierren. Foarsitter, yn it kolleez jeprogram fynt it CDA him foldwaande werom. De prioriteiten dy't wy yn üs eigen ferkiezingsprogramma formulearre hienebinne wer werom te finen yn it kolleez jeprogram. Dat belied sil dan ek ütfierd wurde moatte binnen de beskikbere finansjele middels. In slutende begrutting mei in algemiene reserve, mei in bênbreedte tusken 3 en 10 miljoen is dêrby it ütgongspunt. Foar üs fraksje is it tige wichtich dat oan bestjoerlike fernij- ing wurke wurdt. Ommers de spjalt dy't der liket te bestean tusken boargers en oerheid, moat sa goed en sa gau mooglik weinommen wurde. Boppedat sil de werkenberheid fan it belied, dêr't ik earder ek oer spruts, in essinsjeel ünderdiel hjirfan wêze moatte. Minder burokrasy, minder rigeljouwing sil it paroal wêze moatte. Dat sil net in ienfêl- dige opjefte wurde, foaral ek as wy sjogge dat fan it Ministearje fan Binnenlênske saken noch gjin konkrete ütstellen te ferwachtsjen binne. 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1990 | | pagina 5