Ek de bestjoersoerienkomst tusken VNG en Binnenlénske Saken lit noch behoarlik op him wachtsje, sadat ek net bekind is hoe't taken oerheve- le wurde nei de gemeenten mei, en dat is like wichtich, ek noch de dêrby hearrende finansjele fertaling. Dizze bestjoerlike fernijing sil wat it CDA oanbelanget yn elts gefal ynhdlde moatte dat der in slachfeardiger en minder ferkokerd bestjoer wêze moat. Dat ymplisearret dat der in tinken üntstean moat dat fan ünderen op nei boppen wurket. Dat der in twa-r jochtings ferkear bestiet. Yn üs eigen gemeentlik belied sille de doelstellings fan de reorganisaasje optimaal helle wurde moatte. Utstellen dy't neigean sille hoe't wy de boargers mear by it bestjoer belüke kinne, sjogge wy graach mei belangstelling ynkoarten yn'e mjitte. In oar haadpunt yn it belied is de sosjale fernijing. It haadüt- gongspunt is dêrby groepen yn achtersténsitewaasjes yntegrearje yn de mienskip. En dêrta sil de hiele mienskip mobilisearre wurde moatte. Dus in appelearjende en aktivearjende funksje, mar tagelyk ek be- liedsmjittich rom omtinken jaan oan dy groepen dy't dat nedich hawwe. Dêr sil it maatskiplik middenfjild wat it CDA oanbelanget rom foar ynskeakele wurde moatte. Want sosjale fernijing mei nea allinnich in oerheidstaak wêze. Dêr is krekt in soad yn't ferline op stikken rün. Yn dat sosjale fernijingsbelied moat dan wier stribbe wurde nei in sinfolle ferantwurdlikheids belibbing fan boargers en harren organi- saasjes. Foar it CDA is sosjale fernijing dan ek in fierdere konkreti- searring fan it begrip ferantwurdlike maatskippij. Foar de oerheid leit de taak benammen op it mêd om optimale betingsten te skeppen, sadat de groepen dêr't it om giet üt harren isolemint helle wurde. It enthüsjasme en de ynset dy't yn it begjin düdlik te konstatearjen wiene by de sosjale fernijing, wurde op dit stuit wat tempere omt ien en oar al wer fêst driicht te rinnen by de ferskillende departeminten. Foar üs reden om des te gauwer mei in plan fan oanpak, mei in yntegrale fisy hjiroer, te kommen. Benammen omt wy by de startgemeenten hearre. In oar wichtich ütgongspunt is it miljeu. Fan it begjin öf oan hat it CDA yn it pleit west foar in koördinearringswethélder foar miljeu. Ommers de kwaliteit fan it miljeu is in hurde foarwaarde foar it bestean fan de ierde en fan de minske. En de oanpak fan de miljeu- problematyk easket in krachtich gemeentlik belied. De oankundige miljeunota mei net te lang op him wachtsje litte. Ek dêr kin de gemeentlike oerheid dan ek net alles allinnich dwaan. It hinget fan oare oerheden öf en seis op Europeesk en ynternas jonaal flak sil absolüt it nedige barre moatte. Mar ek de boargers sille harren ferantwurdlikheid wier meitsje moatte en dat haldt in düdlike ge- drachswiziging yn. It fjirde punt is de posysje fan Ljouwert. Dat wie foar it CDA in prioriteit. Dat punt is dan ek ünderbrocht ünder punt 1 fan de haad- lijnen fan it kolleezjeprogram, Stêdlike fernijing. De swakke ekono- myske struktuer fan dizze regio is ien fan de punten fan oanhéldende soarch foar üs gemeente, dy't wol in sterke ekonomyske sintrumposysje yn dat gehiel ferfult. It belied dat de léste jierren ynset is om dy 10 posysje te fersterkjen, moat neffens üs krachtich fuortset wurde. Wol fansels yn oerienstemming mei oare ütgongspunten en belangen en üntjouwings, lykas miljeu, wurkgelegenheid, it proses fan de Euro- peeske ienwurding en de üntjouwings op it mêd fan lénbou, ünderwiis, toerisme en rekréaasje. Dêr is faak Den Haag foar nedich, seker as it om de fisy giet omtrint de romtlike oardning fan üs lén en wy wolris büten de boat drige te fallen. Resinte diskusjes yn de Twadde Keamer oer de saneamde knooppunten ferskaffe noch hieltyd gjin düdlikheid. En foar Ljouwert en Fryslên is dat einliks sa stadich oan ünbegryplik. Der sil dus kontinu missywurk rjochting Den Haag, en yn de takomst seker ek Brussel, dien wurde moatte. Terjochte dat de posysje fan Ljouwert wier alle omtinken hélde moat. De koördinearjende wethêlder fan Ekonomyske Saken krijt dêryn in ferantwurdlike taak. Foarsitter, ik kom ta de konklüzje. It CDA hat in soad fan syn ferkiezingsprogram yn it kolleezjeprogram réalisearje kinnen. Ek yn de ynfulling fan de beliedsterreinen fan de portefülje fan de wethalders kinne wy üs skoan fine. Wy hoopje te'n earsten dat b. en w. dy foar- stellen oarnimt. De ünderhannelings binne neffens üs op goede saaklike en konstruktive wize ferrün, dêr wolle wy de foarsitter fan de ünder hannelings hertlik foar betankje. Wy hoopje dat it oansteande kol leez je dat wy straks kieze sille, yn dyselde sfear wurkje kin. Ik hoopje ek seker dat alle fraksjes yn goede harmony mei elkoar opar- beidzje sille, fansels mei de konstatearring dat der politike ferskil- len besteane, mar dat dat wol te'n goede komme sil oan üs gemeente. De oerheid hat neffens it CDA in düdlike taak oangeande de meiminske, seker as it giet om harren dy't tusken wél en skip rekke binne of driigje te reitsjen. En fanüt de ütgongspunten fan it CDA, gerjochtichheidspriede ferantwurdlikheid, solidariteit en it rintmasterskipwol üs fraksje de kommende fjouwer jier oan it belied wurkje. Dat de segen fan God op it wurk fan it kolleezje en de ried rêste mei. De heer De Jong: Voorzitter, het is niet voor niets van betekenis dat de jaren negentig begonnen zijn met de gemeenteraadsverkiezingen. Hoewel dit tegen de continuïteit van het historisch proces is, is toch heel gemakkelijk te spreken over de jaren zeventig, tachtig en negen tig. De jaren negentig zullen voor de gemeente een periode zijn van nieuwe uitdagingen. Bovendien, en daar is al eerder over gesproken, het gestalte geven aan sociale vernieuwing. De verkiezingsuitslag van 21 maart j.l. bracht ook in Leeuwarden een enorme winst voor D66. 5 nieuwe raadsleden en ik hecht er aan namens mijn fractie te verklaren dat wij hopen op goede persoonlijke verhoudingen in deze vernieuwde gemeenteraad. Een verkiezingsuitslag is nooit helemaal afdoende te analyseren. Kiezersgedrag heeft dikwijls iets irrationeels. Maar de uitslag behoort altijd serieus genomen te worden. D66 heeft vanaf het eerste begin bij de collegevorming het standpunt ingenomen dat de uitslag centraal dient te staan. Dat is onze opvatting over democratie. Wat de keuze van het PvdA voor het CDA, dan wel D66 en PAL, 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1990 | | pagina 6