aansens ek mear beliedsynhéldlik ynformaasje jün wurdt, sa as de ynlie- ding fan de Foarjiersnota stelt. No't de sifers yntiids op tafel komme, de herwurdearrings periodyk rapporteare wurde, kinne wy ynhéldliker ynsicht krije en de finger oan de pols hélde om sa op tiid tsjin negative üntjouwings op te treden. Omt wy detailsaken yn de kommisje behannele hawwebehein ik my no ta inkele aspekten dy't yn üs fraksje yn besprek west hawwe. Allerearst de stén fan de algemiene reserve. Mei de öfrekkening 1986, mei de dekking fan it tekoart 1990 en it fermogensferlies Burmania- kompleks, is der in algemiene reserve fan 2.500.000, Lykwols de öfrekkening 1987 is al wer geunstiger en de stén komt dan op 2.500.000,-- plus 4.000.000,-- fan 1987 dat wurdt per 1 jannewaris 1991 5.500.000,--. Mar de algemiene reserve fluktuearret sterk en jout as sadanich net in betrouber byld fan de finansjele sitewaasje fan de gemeente. It giet noch altyd om de ynkomsten en de ütjeften en oft dy wat oerien komme mei de begrutting. Yn de riedsbrief wurdt sein dat de budzjettêre ütkomst fan it beliedsplan in bettere graadmeter is foar de finansjele posysje fan de gemeente dan de stén fan de algemiene reserve, dêr binne wy it mei iens Op himsels binne wy net üntefreden oer hoe as it no stiet mei dy algemiene reserve. Der hawwe nochal wat üntwikkelings west dy't in oanslach diene op it budzjet. Lykwols, negative Üntwikkelings kinne him altyd wer foar dwaan. Hoe komt it bygelyks mei de rinte-üntwikkelings Wat bart der as der tekoarten üntsteane op nochal wichtige projekten dy't wy yn gong set hawwe? Mei oare wurden, de bénbritte dy't wy yn it kol- leezjeprogram öfsprutsen hawwe, in algemiene reserve fan 3 oant 10 miljoen is seker nedich, kinne wy op dit stuit mar it béste oan de feilige kant hélde. Twadde aspekt dêr't ik op yngean woe is de frijwillige brénwar. It kolleezje hat dat werom lutsen. Dit foarstel en foaral de finansjele gefolgen dêrfan, want dat hat it, sille dan letter, nim ik oan, yn in foarstel yn it beliedsplan 1991-1995 wol wer werom komme. It tredde aspekt binne de mei- en tsjinfallersBy de herwurdear- ringsoperaasjes fait op dat in part net helle is of noch net helle is. Dy skowe dan op en wy boeke it net helle bedrach yn ien kear öf. Mei de periodike rapportaazjessille wy dêr better mei omgean moatte, sa fynt üs fraksje. De finger oan de pols hélde, sadat ek ynhéldlik hifke wurde kin oft it reëel is dat sa'n taakstellend bedrach wol of net helle wurdt. It fjirde aspekt is de ünreplikguod belesting. Yn desimber 1989 by de fêststelling fan it beliedsplan en de begrutting 1990-1994 hat it kolleezje foarsteld de tariven fan de 0GB mei 12 132 te ferheegjen. Fraksjegenoat de hear Krol hat doe in moasje yntsjinne dêr't yn frege waard om de OGB-ferheging fasearre yn te fieren. Ien fan üs oerwegings wie doe dat de stén fan de algemiene reserve him posityf üntwikkele en de ferwachting wie doe 4.000.000,-- ein 1990. Wy fünen doe en wy fine noch altyd dat belestingferheging it léste middel is om net yn de proble men te kommen. Konkreet frege de CDA-moasje doe om yn 1990 earst 1.700.000,-- troch ferheging fan de tariven binnen te hel jen en dan te sjen by de Foarjiersnota 1990 en it beleidsplan en begrutting 1991-1995 30 of de twadde fase noch wol nedich wie. Us moasje hat, sa as men wit, it net helle. Allinnich D66 stimde doe mei üs mei. Op dit stuit binne de betingsten geunstiger as yn desimber 1989 berekkene wie. De ferwiten dy't üs doe dien waarden, as soe it CDA gjin jild foar nei belied, lykas berneopfang, banenpoule ensfh. oer ha en as soe it CDA it as in ferkie- zingsstunt dwaan, dy ferwiten, sa blykt no, wiene der fier by troch. Dêrom no de fraach benammen oan de PvdA-fraksjeno't de resultaten en fral ek de stén fan de algemiene reserve geunstiger binne, is de PvdA- fraksje ek no noch ree om te sjen nei de taryfsferheging fan de 0GB, dy't achteröf besjoen te heech berekkene is? Dit ek omt it nei de boargers ta in goede saak wêze soe, omt de arguminten fan doe no net mear ütkomme Nochris de CDA-fraksje fynt, lykas yn üs ferkiezingsprogram mar ek yn it Kolleezjeprogram omskreaun stiet, dat belestingferheging nedich is as der finansjele grinzen berikt binne. No't it der wat geunstiger ütsjocht, moatte jo ek ree wêze en dat ek ütsprekke, om yn prinsipe dy belesting te ferleegjen. De CDA-fraksje wol it kolleezje freegje dêr oer nei te tinken en dat yn de begrutting 1991-1995 üt te wurkjen, sadat it ta gefolgen hawwe kin dat it taryf fan de ünreplikguod belesting ferlege wurde kin. It fyfde en léste aspekt. By de herwurdearring is nochal foars besunige op it ünderhéld fan iepenbier grien. Dêr is sadanich besunige dat wy üs öffreegje as wy it doel, wat it iepenbier grien oanbelanget, net foarby sjitte. Yn de kommisje haw ik my ek öffrege hoe lang dit noch fol te hélden is. Wy kinne fêststelle yn de stêd dat it ünderhéld lang sa adekwaat net mear bart as eartiids. Ien fan de oarsaken is ek it net mear brüken fan gemyske middels. In terjochte saak. Mar dat hat wol syn gefolgen foar it ünderhéld en dus ek foar it miljeu. De léste tiid berikke üs fraksje hjiroer in soad klachten. Net allinne de besunigings en it net brüken fan gemyske middels, mar ek de taname fan it wurk troch ütwreiding, lykas yn Camminghaburen en de Groene Ster, meitsje de wurk- druk allinnich mar grutter, wylst de persoanielsterkte achterüt giet. De fraach docht him sa stadichoan foar of dit noch te tolerearjen fait. Benammen trottoirs, parkearhavens en strjitten dêr't net folie ferkear komt, litte sjen dat wy it net mear sa oankinne De Russysk-Amerikaanske historikus Michael Rostov zelf dy't yn 1952 ferstoar, skreau yn syn masterwurk "History of the ancient world" yn it diel oer Rome, dat wannear it gers tusken de stiennen groeit, dat in symptoom is fan de achterütgong fan in stêd. Seker as dat mank giet mei ferheegde belestingdruk en it oprjochtsjen fan machtige bouwurken. Oant safier Rostov zelf. Foarsitter, dy kant soe ik net op wolle. Dêrom wol de CDA-fraksje no al freegje om yn it ramt fan it kommend beliedsplan te kommen mei ütstellen om de druk dy't üntstien is op it ünderhéld iepenbier grien en alles wat dêr mei gear hinget te ferlichtsjen. De mienskip fersmoarget en dan hawwe jo as oerheid grutte ferantwurdlikheidIen en oar moat fansels ek besjoen wurden yn it ramt, en dat sis ik mei klam, fan de sosjale fernijing en it buert- en wykbehear. Dielt it kolleezje üs soarch ek en is it kolleezje ree, fral ek as konkrete ynfulling fan sosjale fernijing en as konkreet punt oangeande 31

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1990 | | pagina 16