afvalstoffenheffing op te leggen, die gerelateerd is aan de door ieder afzonderlijk aangeleverde hoeveelheid huishoude lijk afval De motie is medeondertekend door de heer Bilker. (De Voorzitter: Dit is interessant als de PAL-fractie geen voorstel indient zo meteen. De motie maakt deel uit van de beraadslagingen. De hear Bilker: De hear Janssen hat üs konklüzje al in bytsje foarlêzen, mar myn ferhaal is dochs oars. Nei oanlieding fan it fêststellen fan dy ferskate tariven hat de CDA-fraksje der ferlet fan om in inkele opmerking te pleatsen. Sa't it liket giet it hjir om in ferheging fan ünderskate belestings. Dit is it gefal by de hünebelesting en by parkearjildleges is ek sprake fan in ferheging. By reinigingsheffings leit dit al wer wat oars; by de öffal- stoffenheffing leit hiel direkt in lijn nei de öffalproblematyk yn Fryslên, foaral ek troch de sluting fan de AVI yn Ljouwert en de sluting fan de WeperpolderLykwols dit is net it iennichste aspekt dêrfan. It giet om it totaal fan it miljeubelieddêr't de óffalferwurking in grut part fan ütmakket. Sjoch mar nei üs eigen belied, lykas by it opheljen en it ferwurkjen fan it lyts gemysk Öffal. De gefolgen fan al dizze üntjouwings sjogge jo op dit stuit troch hiel Fryslén: alle gemeenten ferheegje de öffalstoffenheffing en dat bart net mei in lyts bedrach, dat tikket foars oan. Wat dat oanbelanget sitte wy hjir mei üs allen foar it goed yn't skip, sa't it skynt. Dat freget hege finansjele offers. De rekken krije wy hjir jün presentearreWy sille mei dizze taryfsferhe- ging akkoard gean. Boppedat as wy wolle dat it miljeu haadprioriteit fan belied is en bliuwt, dan sille wy dêr in soart foar oer hawwe moatte. It is bekind dat yn guon gemeenten in ündersyk dien wurdt nei in oare systematyk fan de öf falstof f enhef f ingDe CDA-fraksje hat as üt- gongspunt altyd keazen dat de fersmoarger betelje moat. Yn gearhing mei neamde Ündersiken soene wy it kolleezje omtinken freegje wolle foar in differinsjaasje yn dizze heffing. Sa'n heffing kin relatearre wurde oan de hoemannichte öffal dy't in boarger öfleveret. Wy realisearje üs bést dat dit net. in ienféldich systeem is. sawol om dit te realisearjen, it te kontrolearjen as de heffing seis. Mar salang as wy dêr net ris gege vens fan op papier hawwe, kinne wy, ek net beoardielje oft dit systeem yn üs gemeente ynpast wurde kin. Dit fersyk soene wy dus it kolleezje foar- lizze wolle. Mei de oare taryfsferhegingen fan it riedsfoarstel nr. 298 stimt üs fraksje yn. Dan kom ik by bylage 299, agindapunt 16. Dêr giet it om rioelrjoch- ten en ünreplik guodbelestingBy rioelrjochten giet it om it 1002 kostendekkend meitsjen. Dat komt del op in stigingspersintaazje fan 8, dat wurdt dan in bedrach de perseel fan 52,18. Yn de Kommisje Middelen haw ik al ütsprutsen dat it bedrach wat rojaal nei boppen ta öfrüne is, nei 52,25, 52,20 hie earder yn'e rede lein. Op dizze wize komme der dochs in pear tüzen güne ekstra binnen. Wurdt dan wol foldien oan it ütgongspunt 1002 kostendekkend? 28 Dan kom ik by de 0GB. De léste kear dat de ried in beliedsmjittige ferheging fan de tariven fan de OGB-belastingen tapast hat, wie ferline jier desimber. Us fraksje wie dêr doe net sa lokkich mei. Wy ha doe ek in moasje ynstjinne om dy ferheging te fasearjen, omt it doe noch net seker wie - wy sprekke oer desimber 1989 - oft dy ynkomsten wol echt nedich wiene, ek sjoen de stSn fan de algemiene reserve. Yn juny by de Foarjiersnota ha wy dêr nochris relativearjende opmerkings by pleatst. Mar, foarsitter, it gie doe om in beliedsmjittige ferheging en dêr giet it no net om. Dat moat düdlik wêze. Wy prate der jün oer dat de ynkomsten gelike tred hélde moatte mei de ütjeften. Dan prate wy oer it finansjeel ekonomyske aspekt, lykas by in bedriuw. Ek fan in bedriuw as de gemeente wurdt ferwachte dat dy de üntjouwings folget. As der dan sprake is fan stigings fan rinteleanen en prizen, dan sil ek in gemeente dat trochbe- rekkenje moatte yn syn ynkomsten. En dêr is hjir allinnich mar sprake fan. Wy prate dus oer it trochberekkenjen fan it ynflaasjepijlDat moat düdlik wêze, ek nei de boargers ta. Der moatte gjin mearkes üntstean dat it hjir om in oardinêre ferheging giet. Wy soene it spitich fine as dat misferstén üntstean soe. Mei suggestjes of foarstellen om dizze ynflaas- jekorreksje net troch te berekkenjen, binne wy it net iensDat liket op dit momint miskien moai, mar jo misse fuort in belangryk stik fan jo ynkommen, wylst jo de kosten wol hawwe en it folgjend jier komt dat tekoart oan ynkomsten yn ferdübeld bedrach werom. Foar sokke problemen wol de CDA-fraksje net komme te stean, wy fine dat seis ünferantwurde Yn it nije stik is sprake fan 52,20 krij ik hjir op in briefke, ik sil dy opmerking dus ynlüke De ferkearde berekkening yn 1989 fan de kwantiteiten wennings, is wat in swirrich punt. Yn de kommisjegearkomste hat dêr allearst in petear oer west, dat resultaat is no werom te finen yn de riedsbrief. Wy fine de systematyk fan dat ferhaal net botte düdlik, want it liket dat de boarger mear betelje moast omt der minder wennings boud wiene. No't der mear boud is wurdt it taryf heger. Mar it docht bliken dat it taryf al earder oanpast wurde moatten hie. Ek dêr is sprake fan ynkomsten dy't berekkene wiene, mar net ynkommen binne. Al te düdlik is dat net, hjir is dus sprake fan in flater. Ik tink dat de wethalder it mei my iens wêze sil, dat soks net wer barre moat. It tredde diel fan de OGB-oanpassing is it limitenferhaalsa neam ik it mar. Dêr is gjin sprake mear fan limitearringwy hiene, as dat earder ferfallen wie, dat relatearje kinnen oan de te skatten opbringst. Dat wurdt no ek, lykas ynflaasje, trochberekkene en binnenhelle. It is wol de fraach oft dit systeem hanthavene wurde moat. Jo hawwe in x- bedrach oan ynkomsten nedich en stelle dêr de tariven op fêst. Dêr wurdt it net altyd even düdlik fan. Ek yn it ütstel fan de PAL-fraksje, dat wy aansens krije te hearren mar dat wy hjirfoar al krigen hawwe, wurdt de suggestje dien om it allegearre wat ynsichtliker te krijgen. As it no fuort en daliks kin sa as de PAL-fraksje foarstelt, is nei üs betinken noch de fraach. Wol fynt de CDA-fraksje dat der ris ündersocht wurde moat oft dit wat ynsichtliker makke wurde kin, dat der in düdliker systematyk komt. No't der gjin limyt is, mar wy it wol sa dogge dat wy in bepaalde opbringst rüzje, dat relatearje oan ünder oaren kwantiteiten wennings, 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1990 | | pagina 15