Nu op 15 april 1995 staan wij als gekozen volksvertegenwoor digers samen met de inwoners nog steeds voor het behoud van de democratie. Nog steeds kunnen wij in volle vrijheid stel ling nemen tegen krachten die de democratie bedreigen, zoals deze raad op 25 januari 1993 nog deed in een eenstemmig aan vaarden van een gemeentelijk manifest tegen rassendiscrimina tie. Naast blijvende waakzaamheid mogen wij ons vandaag toch ook blij voelen over het feit dat 50 jaar geleden de toenma lige bestuurders die keuze ook al deden. Ik wil besluiten met de wens van de waarnemend burgemeester Algera toen uitgesproken: "Moge de beste traditiën van de oude raad bij u allen nieuwe belichaming vinden". Punt 4 Toespraak van mevrouw T. Mulder oud-verzetsstrijdster, over de rol van vrouwen in de bezettingstijd. Mefrou Mulder: Achte menear de Kommissaris, achte boargemaster, nommele leden fan de ried, béste minsken, leave bern, my is frege om hjoed wat te fertellen en ik woe wol wat fertelle oer dy fyftjinde april. J.C. Bloem, de dichter, hat doe in gedicht dichte "Na de bevrijding" en dy sei: "Geen van de ongeborenen zal de vrij heid ooit zo beseffen." Ik tink dat ek net "een van de onge borenen" ea de emoasjes beseffe sil fan dy befrijingsdei fan de fyftjinde april 1945. Earst dy stille moarn, wêryn men him realisearre wat no "geladen stilte" wie. Dat wie doe. En doe ynienen dy ütbarsting, doe't de Kanadezen kamen. De minsken op strjitte, de gefangenen wiene los, dy runen op strjitte om en de Joadske ünderdüker hoegde net mear Hendrik Bruinsma te hjitten, hoe koe gewoan David Frankforter wêze. Der waard in bulte lake en der waard in bulte skreaut, gewoan raasd. Der wiene ek in hoop triennen, triennen fan opluch ting, triennen ek fan rou, want de deaden fan de léste wike stiene noch boppe ierde, ünder wa de jonges Wierda, Mark, Klaas en Hiele. En boppedat wie der yn in soad hüshéldings ünrêst, heit, soan, dochter, sieten noch earne, Dütslén, Poalen, konsintraasjekamp, strafkamp, wurkkamp. Ek fan de drukkersfamylje Van der Weij yn de Skréns, heit en trije soannen. Soene se werom komme, want de oarloch wie noch net foarby. En doe begong it lange wachtsjen. Guon kamen werom, mar guon joegen it wachtsjen op in kear ek oer en dan kamen de deads- berjochten binnen. Sa is dat ek gongen mei de Ljouwerter 8 Joaden. Dit wie in dei fan net te beskriuwen emoasjes. No hat men my frege om wat te sizzen oer de froulju yn dy oarloch. De froulju ha wakker meidien, de froulju hawwe it wakker drok hén yn dy krappe tiid dat der hast neat te krijen wie, dat der ek hast gjin nije klean wiene, se sieten altyd te stopjen en te naaien, eltse jün mar wer. En dan de koeriersters. It is einliks eigenaardich dat alle froulju dy't yn it ferset west hawwe allegear "koeriersters" neamd waarden, wat se ek diene. De manlju wiene "verzets strijders, verzetsmensen" en sa, froulju wiene "koerier sters". Ik woe no mar foarstelle om dy dames tenei ek mar de "verzetsvrouwen" te neamen. Mar ik woe it spesjaal hawwe oer de memmen, üs mem. Dy memmen dy't ünderdükers yn'e hüs hiene. Wy as jonge minsken, as by üs gefaar drige, dan namen wy de fyts, we stapten op'e fyts en gongen nei in oar plak en sochten in nij ünderdükersadres. Mar dy froulju sieten thüs, dat wiene "sitting dogs" en dy krigen in Joadsk bern yn'e hüs. Dat wie gjin pakketsje, dat wie in bern dat by har élden wei helle wie, dat wie in bern dat wierskynlik al in pear wiken omswurven hie, fan it iene plak nei it oare, dat wie in oerstjoer bern. Dan hie sa'n mem alle tiid en geduld en leaf de nedich om dér wer in bytsje in normaal bern fan te krijen. Of se krigen in Joadsk pear yn'e hüs, ek net lyk- wichtich. Dy moasten ek gerêst steld wurde. Der wiene fansels wolris friksjes. Dan hiene se somtiden fersetsminsken yn'e hüs. Je sille mar ien yn'e hüs krije fan wa't krekt in pear freonen oppakt binne of deasketten. Dy binne ek net alle- gearre lykwichtich. Dan kaam der in soad leaf de oan te pas en in soad geduld en in soad moedjaande wurden. En ek in soad de eagen iepen, wachens, wa rint dér op strjitte foar üs hüs léns? Wa sjocht dér by üs de ruten yn? Wa komt dér it paadsje op nei üs foardoar? Wa bellet oan? Moatte se ek yn it skül- plak? Dan al dy froulju dy't har man en bern yn it ferset sieten, net wittende wêr, net wittende wat se diene, altyd mar öf- wachtsje. Altyd mar Öfwachtsje en hoopje en as se bidde koene bidde. Wilhelmina hat yn it lést fan de oarloch foar de BBC in kear in rede holden en dér hat se it hén oer krekt dizze froulju. Doe sei se: as de oarloch aansens foarby is dan sille de minsken witte wat dy froulju dien hawwe en dêrneffens sille se eare wurde. Nee dus. As je de boeken oer de oarloch léze, ek as je Lou de Jong léze en Piter Wybenga, dan kom je dy memmen komselden tsjin, wylst sy, doe't dy oarloch foarby 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1995 | | pagina 5