Blad 20 Verslag van de raadsvergadering van 14 april 1998 om de jongerein op'e nij te learen süne kars te meitsjen. Sün foar harren seis en sün foar de samenleving as gehiel en in rop om wer stranger ta te sjen op it neilibjen fan regels, seker no't de sosjale kontrole sawat yn it gehiel ferdwün is. De Nije Ljouwerter Partij is de ferkiezings yngien mei fjouwer spearpunten, in kordaat handhavingsbelied, ferbet- terjen fan it ünderhaldsnivo, mear sizzenskip foar de yn- wenners en ferleging fan de lésten. As wy it Bestjoerspro- gramma oersjogge sjogge wy dat hast alle partijen it hand- haveningsbelied in hiele hege prioriteit jouwe. Wêr't de NLP yn ferkiezingstiid foar fatsoensrakker ütmakke wie, moat it kolleezje as it 'cleanteam' oantsjutten wurde as je nei de tekst oer it handhaveningsbelied sjogge, want dy is stelliger en giet noch fierder dan it NLP-programma. Wy binne dér, sa as jo begripe, hiel wiis mei. Fan de needsaak om it ünderhaldsnivo te ferbetterjen is sjoen dit programma eltsenien oertsjüge, al moar de finan- sjele fertaling noch makke wurde. It sil in hiele klus wur de. Ut de yntinsjes om it op te pakken fetsje wy de hoop dat wy net mear de roppende yn de woestenij binne op dit punt de kommende riedsperioade Ek it stribjen nei mear sizzenskip foar de ynwenners fan üs gemeente - it is net safier geand as de NLP foarstie - is opnaam yn it programma. Wy realisearje üs fansels goed dat Keulen en Aken net op ien dei boud wurden binne en fine it foarstelde in goede tuskenstap. Fjouwer jier lyn stelde de NLP yn it ferkiezingsprogramma foar om de lésten te ferleegjen troch de ynflaasjekorreksje net ta te passen sa lang dizze oer de 2,5 persint bleau. D66 fün dat, mei oare partijen, in absurd foarstel. It is dus miskien terjochte dat D66 troch dit nije bestjoer ek öfwiisd is. Dochs hoopje wy fansels op'e nij mei D66 goed gearwurkje te kinnen. Jo begripe dat wy mei dizze léste ferleging wol hiel wiis binne. Wol moatte wy oppasse foar it gefaar dat wat wy mei de iene han jouwe, wy net like hurd mei de oare han wer weihelje yn de foarm fan nije of hegere heffings en oare belestings. As neffens de hear Den Oudsten de NLP en GrienLinks programma- tysk it fierst üt inoar lizze en wy kinne üs spearpunten sa goed yn it bestjoersstik fine, wat betsjut dat dan net foar GrienLinks. Ik hoech dér gjin antwurd op te jaan, eltse partij moat seis bepale wat it leverjen fan in wethalder har üteinliks wurdich is. Wy geane meiinoar de drompel oer, yn de iepenheid mei de reeëns echt te lüsterjen nei elkoar en elkoars arguminten serieus te nimmen en mei realiteitssin foar wat helber is. By de kolleezjeünderhannelings hawwe wy somtiden mei bewün- dering mar seker ek mei ferwündering sjoen hoe't der mei üs ynbring omgien waard en hoefolie dêrfan opnaam is. Fansels Blad 21 Verslag van de raadsvergadering van 14 april 1998 dat wy dér bliid oer binne. Je wurde as partij keazen om safolle mooglik fan je eigen programma te realisearjen en as je dy kans bean wurdt, dan moat je dy ek nimme. Fansels, der binne wat punten dêr't üs fraksje net lokkich mei is en ek stikken dêr't oare fraksjes net lokkich mei binne. Mar dan is fansels de tekst sa faach, sa rom en sa omjün mei ündersiken en fanansjele beheinings en ranebe- tinksten dat der romte is foar de eigen ynbring fan partij en, dat der dochs noch pittige diskusjes te ferwachtsjen binne. Dat is ek ta te jüchjen, foaral ek foar de parse. Wy binne optein oer it feit dat mefrou De Haan wer foar- droegen wurdt as wethalder. Har iepen oanpak fan alle fraksjes en partisipanten yn it beslütfoarmingsproses hat üs goed dien. De hear Brinks kin dér somtiden noch wat fan leare, noch tefolle hat hy de oanstriid han - ik hoopje net dat hy it no noch hat - ideeën dy net fan kolleezjepartijen komme yn it foar of te sjitten. Dat past net yn de nije bestjoers- kultuer. Lykwols sille wy üs net tsjin syn werferkiezing fersette De hear Den Oudsten hat yn de tiid dat hy wethalder is, mar ek tidens de ünderhannelingsblyk jün in iepen halding oannimme te kinnen. Wy hoopje dat him dat fierder üntjout. Nei it stedskantoar debakle doedestiids wiene wy net bliid mei it werom kommen fan de hear TimmermansWe hawwe lyk wols Timmermans wer in kans jün om sjen te litten dat hy leard hat fan de makke flaters. Yn dit ljocht sille wy dat ek mei de hear Bilker dwaan. Wy hoopje dat syn tiid yn'e opposysje ek in iepen halding oplevere hat nei de net- kolleezjepartijen. Wy fine it spitich dat de hear De Beer ófskie nimme moat as wethalder. Wy fine it ek spitich de dübelsinnige blikken te missen fan de hear Brok nei de foarsitter ta, mar ek dizze tredde wet- halde yn ien jier tiid mei wat üs oangiet himsels wier meitsje As fertsjintwurdiger fan de grutste net-kolleezjepartij hoopje ik dat wy it kommende jier meiinoar, mar ek mei de amtlike meiwurkers en seker ek mei de ynwenners fan üs moaie gemeente, konstruktyf bouwe sille oan de takomst, in takomst dy't wat yn petto hawwe mei foar eltsenien. De heer P. de Jong: Mijnheer de voorzitter, kregen wij in de vorige raadsperiode als derde fractie het woord, nu zijn wij de voorlaatste fractie die hier vanmiddag het woord mag voeren voorafgaand aan de verkiezing van de wethouders. Dat was slikken en dat is nog steeds slikken. Het zal eenieder duidelijk zijn dat D66 bijzonder ontevreden is over de ver kiezingsuitslag van 4 maart j.l. Maar die uitslag hebben

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1998 | | pagina 11