Blad 60
Verslag van de raadsvergadering van 19 en 28 juni 2000
it hawwe oer fytspaden of sa, dan kin ik my dat foarstelle,
mar dizze oantallen is gjin mikro.
Ik haw neat sein oer de rest fan it plan, ik haw earder
sein dat der ek fan üs kant wurdearring is foar in soad
punten yn dit plan, allinnich dizze saken - Potmarge en
Vegelin - binne foar üs hiel wichtich. Boppedat is it ek
net de bedoeling yn dit hüs de kommisjes oer te dwaan, je
beheine je altyd ta de wichtichste saken.
Wat it referinsjekader oangiet, de sloopoantallen, dy hawwe
wy op stedlik nivo fêststeld, net op wyknivo. Dêr haw ik
altyd fan sein dat wy op it minimumsenario sitte wolle. Yn
kommisjegearkomsten haw ik hjir al genöch oer sein. We bin
ne net tsjin sloop as middel as der goeie arguminten binne,
dan haw ik it oer lykwichtige sloop. Mar as ik nei dit plan
sjoch, binne wy op stêdeboukundich, sosjaal ekonomysk en
finansjeel mêd net oertsjoege.
De moasje fan de SP-fraksje leit yn it ferlingde fan wat wy
as fraach steld hawwe yn üs earste termyn. Dy sille wy dan
ek stypje. Ik wit allinnich net of de Kommisje Wolwêzen
hjir oer gean moat, ik tink earder de Kommisje Stedsüntwik-
keling
Ik wol noch even yngean op de bydrage fan mefrou De Jong
fan de PvdA-fraksje ferline wike en saniis. Foaral ferline
wike gong se der nochal fül op yn, benammen nei har eigen
koalysjewethalder Bilker en yndirekt ek har eigen wethalder
Den Oudsten en nei koalysjegenoat VVD. Bilker ferwite se
'onvoldoende politieke sturing en financieel broddelwerk'
en fan de bydrage fan de VVD-fraksje 'zakte haar broek af'
Ynhaldlik kinne wy it tink ik foar in part wol mei har fi
ne, allinnich as it der op oankomt bin ik benijd as de
PvdA-fraksje dan ek sa flink is har wurden yn dieden om te
setten en gewoan tsjin dit wykplan stimme sil. As je safol-
le krityk hawwe en josels serieus nimme, dan kin dat moei
lik oars, tink ik, mar sa as ik no heard haw, sil sy op'e
nij in berop dwaan op 'de politieke verhoudingen die ons er
toe dwingen'sa as sy dat in kear ferwurde hat, de kippen
zijn terug in het hok.
Mar ik sil in iepening jaan, ek nei de PvdA-fraksje, ik sil
it se maklik meitsje. Om't der in grut misnoegen libbet by
in flink part fan de ried, kom ik mei de folgjende moasje:
De raad van de gemeente Leeuwarden,
in vergadering bijeen op 28 juni 2000;
besprekende het wijkplan Achter de Hoven/Vegelin;
overwegende
dat het wijkplan onvoldoende financieel is onderbouwd
en er grote onzekerheid bestaat over zaken als:
- werkelijk bouwkundige staat woningen Vegelin;
- het uiteindelijk aantal te slopen woningen;
- de vorm van bewonersondersteuning;
Blad 61
Verslag van de raadsvergadering van 19 en 28 juni 2000
besluit
definitieve besluitvorming uit te stellen tot er meer
helderheid verkregen is over de financiële onderbouwing
en bovengenoemde aspecten;
en gaat over tot de orde van de dag."
Dizze moasje is ündertekene troch mysels üt namme fan de
NLP-fraksje, de hear Stoker üt namme fan de GPV/RPF/SGP-
fraksje, de fraksje Dolstra en de SP-fraksje. Ik haw begre
pen dat de D66-fraksje der ek posityf tsjinoer stiet.
Even in koarte taljochting.
Finansjeel. Wy hiene by dit wykplan in A-4 mei getallen,
sünder bylagen, dêr't wy gjin wiis üt wurde koene. Ik fer-
wiis hjirfoar ek even nei de bydrage fan mefrou De Jong,
dy't it hiel moai sein hat.
De boukundige staat - jo sizze dy is min. Ik tink even oan
üs Barend Fockes-ferlineDêr wiene ek twa ündersiken, it
iene sei: it is min, it binne boufallen, it moat sloopt
wurde, in gefaar foar de folkssünens. In oar buro sei: der
is neat oan'e han, it kin noch wol fyftich jier mei, mei
bepaalde renovaasjewurksumheden. Dus der moat no ris in
goed ündersyk komme nei de boukundige staat.
It te slopen oantal - wurdt it no 125 of 160? Ik tink dat
it ek hiel belangryk is foar de PvdA- en PAL/GroenLinks-
fraksje, dy wolle eigentlik op 125 sitte, mar it kin ek
wolris 160 wurde. Litte wy dêr ris düdlikheid oer hawwe.
De bewenneründersteuning - dan tink ik oan it ferlingde fan
de SP-moasje; ik tink ek oan it Maatwerk, dat de wethalder
tasein hat; it WOM; mar hoe dit allegear stal krije sil, is
noch net bekind. Dat binne benammen ek punten dy't fan be
lang binne foar de PvdA- en PAL/GrienLinks-fraksjeDus ik
tink dat ek dy fraksjes einliks net tsjin wêze kinne, om de
beslissing fan hjoed üt te stellen oan't der mear wissich-
heid is.
De wethalder sil sizze, we moatte no los, we hawwe der al
sa lang mei sitten, der moat düdlikheid komme, ek nei de
bewenners ta, etc. Mar der is no ek gjin helderheid en as
je beslütfoarming ütstelle, kin it allinnich mar düdliker
wurde. Dan wit je teminsten wêroer je beslute en is dat ek
düdliker foar belutsenen.
De heer Stoker: Wethouder Bilker noemde het uitgangspunt:
betrek de bevolking erbij en leg uit waarom je dit doet.
Als dat werkelijk het uitgangspunt is, dan is het toch on
gelooflijk dat het plan, waar de bewoners mee gekomen zijn,
op geen enkele wijze wordt gehonoreerd. Dan is het toch
ongelooflijk dat men Scholengemeenschap Comenius mogelijk
toestaat ook het terrein van Parkhove als onderwijslocatie
te bebouwen, terwijl je weet dat de wijkbewoners al jaren
roepen dat het brengen van zoveel scholieren in de wijk
naar hun oordeel voor teveel problemen gaat zorgen.