Blad 26
Verslag van de raadsvergadering van 11 juni 2001
stribbe wurde nei 'een getalsmatig evenwicht tussen renova
tie inclusief samenvoeging, sloop en vervangende nieuw
bouw' It stiet my by dat de PvdA-fraksje it doe noch hie
oer de sloop fan maksimaal 125 wenningsTrouwens, wy wiene
fanöf it begjin al tsjinstanner fan massale sloop.
Der soe nei stribbe wurde dat de hjoeddeiske bewenners,
eigner/bewennersde gelegenheid krije soenen om yn'e buert
wenje bliuwe te kinnen en de wenningbou soe der op öfstimd
wurde. Der soe lytsskalige wurkgelegenheid opstart wurde en
flink op handhaving ynset wurde. Ynwenners soene sa folie
mooglik meiprate kinne en der soe in 'wijkontwikkelings
maatschappij' komme
Ien fan'e earste plannen wie it plan fan'e wurkgroep Vege-
lin SVK 'Vegelin Vitaal'Yn üs eagen achteröf ek noch
hieltyd it béste plan. It foldie oan'e ütgongspuntenDer
wie draachflak en it wie te beteljen. It kolleezje en har
partijen feegden dit fan tafel, in kompromis tusken it plan
Vegelin Vitaal en in gemeentlike projektgroep helle it ek
net. Der kaam wer in plan. Ek wer net goed en no wer in
plan, no noch hieltyd net goed. Oan't hjoed ta blykber.
It plan is djoerder as ea te foaren.
It is spitich te konstatearjen dat fan de ütgongspunten,
dy't yn it begjin steld wiene, net sa folie oer is. De
sloop is no massaler as ea. Eigner/bewenners kinne eins net
wer werom en twarichtingsferkear mei de buert is der hast
net west. Fanöf it begjin ha de kolleezjepartijen ünderling
oan it bakkelijen west oer dit plan oan't no ta.
It iennichste wer it ta lieden hat, is in noch massaler
sloopplan
De PvdA-fraksje siet net noflik yn har fel. De broek sakke
Willy de Jong betiden öf as Wyb Feddema oan it wurd wie. De
kolleezjepartijen hawwe der blykber wer wat steviger elas-
tyk yn setten, want de broek is no oan bleaun. Yn feite gie
de PvdA-fraksje mei it kompromis akkoard wat de VVD-fraksje
steld hie yn de riedsgearkomste fan juny 2000, wer se sa op
tsjin wiene.
De kolleezjepartijen komme no mei in kompromis om ünder in-
oar it saakje by elkoar te halden. Der mei dochs wat stean
bliuwe. Ik ha yn'e kommisje ek oanjün dat ik der miskien
wol wat foar fiele soe om te réden wat er te réden fait. Ik
tink bygelyks oan de huzen Achter de Hoven, yn goede steat
ferkearend, dy't sloopt wurde soene yn it nijste plan. De
PvdA- en PAL/GroenLinks-fraksje hiene dy gedachte ek en de
wethalder hat it ütsykje litten.
Fansels gean je mei behald fan bepaalde blokjes wennings yn
tsjin de struktueren dy't stêdeboukundigen yn'e holle haw
we. In min puntsje is natuerlik ek dat de bou wer djoerder
wurdt, at jo bygelyks it Sytzamablokje stean litte. Spiti-
gernöch ha ik nearne léze kind wat de finansjele konsekwin-
sjes binne om de huzen Achter de Hoven stean te litten. Ek
yn it plan 50D, dêr't de PvdA-fraksje foarstanner fan is,
Blad 27
Verslag van de raadsvergadering van 11 juni 2001
reitsje se de tün wol kwyt en dat wie de bewenners ek hiel
wat wurdich.
Ik lies dat de wurkgroep Vegelin 'moegestreden is' it wol
no snelheid, gjin ütstel fan ekseküsje, ek al soe der mis
kien noch wat te réden wêze. Spitich, mar wol te begripen.
Fanöf 96, miende ik, hat de groep al aktyf west en hat o
sa folie dien, mar der o sa weinich nei lustere. En dat is
hiel frustrearjendIk soe it tajüche dat er in stik behal-
den wurde kin en dat it plan der op oan past wurde moat en
dat is no ek bard. It is spitigernöch net sa dat wy mei
sa'n oanpassing no ynienen foar it plan wêze sille. Want
dêrfoar is it in minime oanpassing. Mar it is in stap yn de
goede rjochting, allinnich net genöch.
De finansjele ünderbouwing wie as tsjokke mist foar üsDat
ha ik yn it ferline wolris sein yn eardere riedsgearkom-
sten. In goede finansjele ünderbouwing mist no noch hiel
tyd. In A-4 mei in soad PM-posten, mear stiet my net by,
wat ik oan't no ta sjoen ha. Ek yntegrale öfwaging fan it
stêdeboukundige plan, mei de minime finansjele ünderbou
wing, dy't der dan wol wie, waard wegere. Ek binne nei üs
betinken in soad kosten net meinaam. Sa as bygelyks de fi
nansjele konsekwinsjes fan ünteigening.
De sosjale paragraaf.
Noch hieltyd is der gjin düdlikheid oer wat der no barre
moat mei de eigner/bewenners dy't yn in ütkearingssitewaas-
je sitte en har hüs ferkeapje moatte of ünteigene sjogge.
De wethalder hat der al foar nei Den Haach west, mar der is
noch neate ütkaam. In oantal partijen ha der moasjes op yn-
tsjinne. Dy sille wy op har meritis beoardielje. Ik wit dat
Leefbaar Leeuwarden ek noch komme sil mei wat. Wy sille dat
aansens allegear besjen.
As léste soe ik it noch oer Atoglas ha wolle.
Eltse kear as it agindapunt Achter de Hoven/Vegelin op'e
rol stiet, komt dit punt ek werom en terjochte. It fabryk
stiet deun op'e wyk en feroarsaket oerlêst. Benammen de
D66-fraksje hat him altyd hjirmei profilearre en hat der
altyd boppe-op sitten. Ik wit dat de gemeente en de provin-
sje as fergunningferliener no yn petear binne mei Atoglas
en dat der fertrouwen is dat op 1 septimber it fabryk oan'e
miljeu-easken foldwaan sil. Myn fraach oan'e wethalder is:
is dit hurd en sil de provinsje har ferantwurdlikheid witte
en optrede by't net neikommen fan'e miljeu-eask en be-
stjoerstwang öftwinge? Wat sil de wethalder dwaan as dit
net it gefal is? As dit antwurd te faach is, sil ik yn
twadde ynstansje mei in moasje kommen üt namme fan alle op-
posysjepartijen om de düdlikheid wol te krijen.
Mevrouw Inberg: Alle Vegelinstraten gaan plat. Over een
stukje Achter de Hoven en Van Sytzamastraat wordt nog zoge-