Blad 10
Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001
De CDA-fraksje pleitet foar in solide finansjeel blied. It
sanearren fan'e balans dêr't al earder oer praat wurden is, moat
wat üs oanbelanget fersterke wurde.
Ek pleitsje wy foar in oare wurkwize oangeande de algemiene
reserves. Yn dizze riedsperioade wurdt ütgien fan in minimum fan f
15 miljoen 6806703,00Wat de CDA-fraksje oanbelanget wurdt
de hichte yn'e nije perioade keppele oan de finansjele risiko's
dy't de gemeente rint. De gemeente is sa better by steat de
risiko's op te heinen. Boppedat geane ekstra ütjeften op dizze
wize net ta skea fan oare saken, dy't al op'e rol steane.
Yn gearhing hjirmei moat ek neitocht wurde oer de wize hoe't de
ried na 6 maart 2002 behelle wurdt yn'e finansjele stjoering.
Soks freget nochal wat tarieding. Wy geane der fan ut dat dizze
saken mei koarten op 'e wurklist kommeWy wolle net wachtsje ta
nei de ferkiezings. Dêrmei giet te folie kostbere tiid ferlern.
Yn dat ramt kin ek de diskusje oer it planning control ynstru-
mintarium meinommen wurde. Wy hearre dêr op't heden net safolle
fan, mar de tariedings binne al west. Ik nim oan dat de wethalder
üs fertelle kin wat de stan fan saken is.
Yn'e riedsbrief by de begrutting wurdt ütsteld it behanneljen
fan'e Perspektiefnota te keppeljen oan it behanneljen fan'e
begrutting. We binne dêr net foar.
De perspektyfnota is folie mear strategysk fan aard. It is in
korreksje op LEVI 2030 en it MOP.
Dêr moat yn de ried in goede diskusje oer fierd wurde. Dat past
net by it de begrutting, dy't eins in ütwurking is fan'e strate-
gyske diskusjes.
In oar punt is de dualissearring, dy't üs twingt op haadlinen te
bestjoeren. Dat soe ek in reden wêze kinne om dat net te keppel-
j en
Fierder tinke wy dat it foar it meitsje fan öfspraken oer wurken
en wurksumheden wichtich is al ier te witten oft in projekt in
ridlike kans fan slagjen hat. Wurdt de diskusje dêroer ferskoot
nei it neijier, dan rinne de tariedings fertraging op.
It ienige argumint dat wy betinke kinne om yn 2002 perspektyf en
begrutting tagelyk te behanneljen, binne de ferkiezings. Foar de
simmerfakansje moat dan it bestjoersprogramma ütwurke wurde en
moat in sadanich dokumint opsteld wurde dat de ried ek noch keuzes
meitsje kin. Dat soe te koart troch bocht gean. Mar neffens üs
wage de neidielen net op tsjin de foardielen.
In oar punt, dat üs soargen hat, is it hege syktefersom by guon
öfdielings. Soms is it wol it dübele fan it lanlik gemiddelde.
Om dochs al it wurk oan te kinnen, sil ekstra personiel ynhierd
wurde moatte. Us fraach is oan it kolleezje of ynsicht jün wurde
kin yn'e oarsaken fan it syktefersom? Hat it te krijen mei de hege
ambysjes fan de gemeente Ljouwert, of giet it motivaasje of
wurkdruk, of binne de wurknimmers gewoan siik. En hoe sjocht de
ündernimmingsried hjir tsjinoan? Wurdt it ünderwerp ek bepraat mei
de bestjoerder?
Blad 11
Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001
Neffens üs moat dit ünderwerp heech op'e wurklist. De gemeente
moat as wurkjouwer op in goede wize mei it minsklik kapitaal
omgean. It personiel het dêr ferlet fan en neffens üs sille we it
ek merkbite yn'e kosten.
We wolle ek noch eefkes koart stilstean by de behanneling fan it
ütstel jild beskikber te stellen foar it professionalisearjen
fan'e ynstellings foar wolwêzen en it oanbesteegjen fan it
jeugdwurk yn'e gemeente. By it behanneljen fan'e Perpektiefnota ha
wy al oanjün neat te sjen yn'e professionalisearring as oanrin nei
it oanbesteegjenEk ha wy üs yn de kommisje Wolwêzen oanjün gjin
foarstanner te wêzen fan it oanbesteegjen fan it wolwêzen wurk. It
giet dêrby net om it feilich stellen fan'e posysje fan HWL, mar
wol om it oanbesteegjen sec. Oanbesteegjen giet der fan üt, dat
der sprake is fan konkurrinsjeferhaldings en it wurket allinnich
wannear't der ek genöch oanbieders binne. Kin de merkt it
oanbesteegjen fan it wolwêzenswurk wol oan?
Neffens üs binne der te folie ünwisse saken. Wy ha as ried noch
net praat oer de fraach wat no krekt basisfoarsjennings binne. En
wat binnen bygelyks de kwaliteitseaskenWat bedrach ha wy dêr
foar oer. Wy hawwe ek noch gien ramt hoe hannelje wurde moat by
wannear't net foldien wurdt oan de oerienkomst. Wurdt it kontrakt
dan ferskuord, of wurdt in part fan it jild net ütbetelle? En hoe
wurde de taken ütfierd as de kontraktpartner it der by sitte lit.
En dan de fleksibilitietWy kinne öfprate de jongerenproblematyk
yn'e Vossenparkwyk oan te pakken, we sjogge dat it ferskowen giet,
mar kinne wy dan mei dat kontrakt wol üt'e fuotten?
Wy ha noed oer de üntjouwing fan'e wenning foarrie. De netto-
ütwreiding komt net oerien mei wat wy pland hawwe, soks leit
lokkich net oan it üntbrekken fan plannen. Dêr wurdt hurd oan
wurke
De ekonomyske üntjouwingen kinne ek de resultaten foar de kommende
jierren ünder druk sette.
Wy geane der fan üt dat de ekonomyske tebekset en de konsekwinsjes
dêrfan foar it te bouwen kontinginten wennings net liede sille ta
it oanpassen fan it provinsjaal belied.
Dat bringt üs ek by de fraach hoe oft it stiet mei it wenning-
marktplan. Wannear kinne we dat ferwachtsje. Wurdt yn it plan
genöch omtinken jün oan senioaren? En hoe sit it dan mei de
wenningmarktsiferswêr't in tasizzing oer dien is. Miskien dat de
wethalder dêr ek wat oer sizze kin.
In oar punt dat we noch koart yn dit ramt neame wolle is de
studintehüsfestingWy hearre lüden dat de studinten dy't
tastreame net adekwaat hüsfeste wurde kinne. In punt fan soarch,
dat sa gau as mooglik oppakt wurde moat.
By it behanneljen fan'e Perspektyfnota hat de CDA-fraksje in
moasje yntsjinne oangeande it efterstallich ünderhald. Wy ha dizze
moasje doe oanholden en sein dat wy der by de begrutting op werom
komme soene. Mar neffens üs is der noch genöch oanlieding om