Blad 4
Verslag van de raadsvergadering van 2 9 november 2001
- Er kan wat onze fractie betreft geen verschil van mening zijn
over de vraag wat collectieve verantwoordelijkheid is tussen
het college enerzijds en de coalitiepartijen anderzijds. We
vragen het college en de coalitiepartijen zich hierover uit
te spreken.
- Onze fractie zou graag van de fracties van PAL/GroenLinks en
de VVD horen hoe zij op dit moment hun optreden in het week
end voorafgaand aan het aftreden van Hermien de Haan beoorde
len
Onze inzet is dat we ons in willen blijven zetten voor de
bestuurbaarheid van deze stad. We willen daar ook nu volledige
verantwoordelijkheid voor nemen. We wachten de reacties van de
andere fracties en het college met belangstelling af.
Dank u wel.
De hear Wijmenga/CDA:
We hawwe juster praat oer de ynhald fan de belestingproblematyk
en hjoed prate we oer de politike konsekwinsjes
By de behanneling juster yn de kommisje hat al bliken dien dat
dit ek in goede folchoarder is. Wy kinne no mei mear lykwicht
prate oer de politike konsekwinsjes dan ferline wike woansdei
doe't we net beskikten oer de ynformaasje dy't we juster krigen
hawwe
Wy fiere it debat hjoed, en ik ha dat juster ek al sein, sünder
de wethalder, dy't sünt ferline wike moandei ferantwurdlik wie
foar de portefülje jildsaken. En ik werhelje hjoed ek dat it
better west hie it debat mei har te fieren. Mar lyk as sein, wy
kinne üs yntinke wat har dreun hat öf te treden en wy hawwe dêr
respekt foar.
Foarsitter, foardat ik fjirder op de politike konsekwinsjes
yngean, woe ik koart dochs noch wat sizze oer de relaasje dy't
guon minsken lizze tusken it öftreden fan frou Van Maaren en it
öftreden fan frou De Haan. It soe sa wêze dat troch ferskil fan
miening oer hoe om gien wurde moast mei it rapport fan Monsma,
der skeel üntstien is tusken beide froulju, mar ek dat dat
üteinlik de reden west hat foar it öftreden fan de boargemas-
ter. Dat byld wurdt fersterke om't frou Van Maaren yn har
ferklearring fan 29 oktober lêstlyn allinnich dit punt neamd
hat en ütfergrutte hie. Foar it gemak hat se fergetten dat it
it folsleine kolleezje wie, stipe troch de hiele ried, dy't it
betrouwen opsein hat. It soe boppedat ik net earlik wêze en sko
it öftreden fan frou Van Maaren allinnich op dit kolleezjelid
öf. By de tariedings hawwe alle fraksjefoarsitters belutsen
west en ynstimd mei de proseduere en op ien nei hat de ried ek
folslein ynstimd mei it üntslach.
Foarsitter, wy hoopje dat hjirmei dat boek sluten wurde kin en
wy pleitsje der ek foar dat elts syn ferantwurdlikens nimt op
dit punt. Wat mear wy dêr oer prate wat mear skea it tabringt
oan Ljouwert en dat giet üs oan it hert.
Blad 5
Verslag van de raadsvergadering van 29 november 2001
De earste jierren fan dizze riedsperioade gie it as it slydja-
ged. Ekonomysk hie Ljouwert de wyn mei, mar der is ek in protte
realisearre. Ik mien dat yn it ramt fan it behanneljen fan de
Perspektyfnota wolris sein is dat omtrint 95% fan it Be
st j oersprogramma realisearre is. It soe miskien aardich wêze om
dêr it Bestjoersprogramma nochris op nei te gean.
It léste jier kaam der mear spanning op de tried. Foar boargers
is it net sa düdlik mear, ik doel dan benammen op OZB I en OZB
II. Mar de kolleezjefoarsitter hat him dat oanlutsen en ünder-
syk dwaan litten. Earst troch Price WaterhouseCoopers en
letter troch Monsma Partners. Mei de ündersiken is der nochal
wat oan it ljocht kommen. We ha dêr juster wiidweidich yn de
kommisje Bestjoer en Middels oer praat.
De wethalder hat juster oanjün dat mei de kennis fan doe it
kolleezje nei ear en gewisse besluten hat it rapport net
iepenbier te meitsjen en yn stee dêrfan in amtlike gearfetting
op besjen te lizzen en de leden fan de kommisje Bestjoer en
Middels üt te noegjen foar in besite oan de öfdieling Beles-
tings. Ek efterneibesjoen wie dat neffens de CDA-fraksje te
meager. We hawwe dat juster ik oanjün. Net dat it orizjinele
stik daliks iepenbier moatten wurde hie, want der stiet namlik
noch wol wat risikofolle ynformaasje yn dy quickscan fan Monsma
Partners. Mar de ried of yn elts gefal de kommisje hie op syn
minst ynformearre wurde kinnen oer de aard en omfang fan de
beskreaune problemen. Doe hie der ek al gelegenheid west om oan
te jaan dat der wurke waard oan ferbetterings
Uteinlik is it rapport ütlekt. De CDA-fraksje freget him wol öf
wa't dêr belang by hat. Want dyjinge of dyjingen moatte witten
ha dat it sündermear iepenbier meitsjen fan dit rapport nochal
wat konsekwinsjes hawwe soe en allinnich mar ferlies is. En dan
giet it om minsken en it giet om de Ljouwerter mienskip.
Feit is wol dat it kolleezje sa net mear bepale koe op watfoar
wize de saak foar it fuotljocht komme soe. Yn in parsekonferin-
sje is wol oanjün dat der al hiel wat ferbetterings op'e rit
setten binne, mar, sa die bliken yn de krante, dat is gjin
ni j s
Boppedat is mei it efter halden fan it rapport in byld üntstien
dat der noch wolris wat mear efter stekke koe. Lokkich witte we
nei de kommisjegearkomste fan juster better, mar dat wie
einliks te let. De boarger hie al in opiny en dy liigde der net
om. Partijen wurde der ek op oansprutsen en dat bout mei-inoar
spanning op. Der moat wat barre en leafst sa gau mooglik.
Us analyze is dat wethalder De Haan yn dy hektyk ta de konklüz-
je kommen is dat se better öftrede koe. Wy hawwe dat beslüt
wiis neamd en ik haw earder ek al sein dat de CDA-fraksje har
beslüt respektearret
Dat bringt üs ta de fraach: hoe lizze de ferantwurdlikens. De
Partij fan de Arbeid-fraksje hat dêr ek al nei frege om dêr in
ütspraak oer te dwaan. Yn üs bestel is it sa dat it kolleezje
ferantwurdlik is foar de bestjoersdaden, dy't troch it kolleez
je of üt namme fan it kolleezje troch in kolleezjelid of in
amtner dien wurde. Dat jildt ek yn dizze kwestje. Ek al sünder