Blad 30 Verslag van de raadsvergadering van 26 juni 2002 beeld? Net als Sietske Inberg zeg ik:" Waar is in godsnaam die ene pennenstreek vandaan gekomen", door de Afsluitdijk variant. Het enige in het stuk wat ik heb kunnen vinden is een quickscan, was niet haalbaar, ik heb dat vaker gehoord. Als je geen argumenten hebt, zeg je gewoon het is niet haalbaar. Overigens heb ik dat ook wel eens van het college gehoord. Wij hebben hele mooie woorden, wij worden vanavond gevraagd om op dit moment te zeggen: "go, no go". Ik denk dat als we zien naar de ontwikkeling, dat we op dit moment heel duide lijk ook ons moeten realiseren dat wij een Westergozone hebben, dat wij een Harlingen en een Franeker hebben en dat ook dit deel van de provincie ontsloten zou moeten worden. Dat is de reden waarom ik vraag, is het mogelijk dat wij in dit stadium nogmaals teruggaan en zeggen: is de afsluit- dijkvariant niet opnieuw op de kaart te zetten. Wij wachten de antwoorden uiteraard af. De hear Posthumus: As wy it hawwe oer it nimmen fan beslu- ten, dan moast ik fanmiddei dochs noch even neitinke oer hoe't de formule fan in effektyf beslüt ek al wer wie. Foar de wissichheid haw ik mar ien fan myn bedriuwskundeboeken ut de kast helle en al frij gau kaam ik oan de weet dat de effektiviteit fan in beslüt öfhingend fan de kwaliteit fan it beslüt en ek fan de akseptaasje fan dy beslissing. Op dy twa saken wol ik no graach yngean. Earst dus de kwaliteit fan it beslüt. Hoe goed binne de plannen? Is it wol safolle jild wurdich? Wat jouwe wy op en wat krije wy der foar werom? Ik wol jün net op de details yngean fan it plan en ek net op de punten en komma's fan de eventuele oerienkomst mei de gemeente Ljouwert, wol op it folsleine plan. Minsken, ik haw op de ynternetside sjoen fan het Ministear- je fan Ferkear en Wettersteat, wwwminvenwnlfoar at jim it nochris neisjen wolle, en dêr stean in hiel soart rap porten oer it Suderseespoar kreas op in rychje. Sa hat it NEIit Nederlansk Ekonomysk Ynstitüt, miende ik, ütsocht 'dat de cijfers omringd zijn met grote onzekerheidheden, dat de netto externe maatschappelijke effecten altijd nega tief zijn'Dan praat je oer it miljeu en de feilichheid. En ek dat noch net alle kosten düdlik binne. Fjirders hat üt de ferfierwaardenstüdzje bliken dien dat der nauliks sprake is fan in öfname fan it oantal autokilometers. Dat stiet dus op de eigen ynternetsite fan het ministearje, mar dan bin ik der noch net. De planburo's, het Centraal Plan Bureau, het RPB, de SCP en het RIVM sjogge ek gjin heil yn de Suderseeline, neffens in kop yn het Fries Dagblad fan 26 april. De Grinzer ekonoom, Oosterhaven, it is jün alris earder sein, fan de Universiteit yn Grins, seit yn de aid Ljouwerter fan 17 jannewaris dat de sweeftrein better oer de Ofslütdyk kin as troch de polders. Sa kin ik noch wol efkes troch gean. Blad 31 Verslag van de raadsvergadering van 26 juni 2002 Hawwe jim kundskip fan it rapport fan de Dütske rekkenkea- mer? Sy hawwe ek in ferneatigjend rapport skreaun oer de oanlis fan in sweefbaan yn Dütslan. Ekonomysk folslein ün- ferantwurde, ünsinnich en gjin inkele realiteitswearde En de kwaliteit fan it beslüt hjir yn Ljouwert? No ik hoech jim neat mear te fertellen oer de fierstente lette oanleve- ring fan de stikken. Justerjün rügele it definitive foar- stel by my yn de bus. Yn de stikken, dy't wy krigen hawwe, wurde by my teminsten mear fragen oproppen as antwurden jün, en as wy sjogge nei wat Ljouwert woe en wat krigen hat, dan seit it kolleezje seis al dat 'niet aan de gestel de voorwaarden wordt voldaan'It liket my dêrom ünferant- wurde om 10 miljoen euro beskikber te stellen, plus 1 mil joen ekstra foar eventuele risiko's. Dan gean ik noch ta nei de akseptaasje fan de besluten en dêrnei kom ik by de konklüzje dy't wy as FNP lutsen hawwe. Ik haw foar dit ünderdiel ek wer sjoen nei dyselde ynter netside en dêr sjoen dat it draachflak foar de yngripende beslütfoarming feststeld is op grün fan in telefoanyske en- kête ünder 600 minsken. Fan dy 600 kamen 150 üt üs gebiet, en dan praat ik oer Grins, Hearrefean en de oare 75 üt de rest fan Fryslan en Grinslan. Op grün fan telefoanyske en- kête dus, ünder 150 minsken üt üs gebiet wurdt dizze wike sa'n beslüt nommen en wurdt der miskien mear as 700 miljoen euro troch de bestjoerders fan de Friezen, Grinzers en de Drinten ütlutsen. Dan wurdt der troch minsken as Alders, Nijpels en ek troch üs eigen kolleezje sein: 'de door het noorden zo gewenste Zuiderzeelijn'Kinne wy de konklüzje wol lüke dat der genöch draachflak en dat it sa winsk is. It hat der neffens my wol oan, as ik de ynstjoerde stikken sjoch yn de krante, de reaksjes fan boargers om my hinne en ek fan in hiel soart organisaasjesIk haw begrepen dat 70% fan de Fryske befolking seit dat it om har net hoecht, te- minsten dat wie fannewike yn it nijs. Wa wol dit eins, guon bestjoerders of ek de befolking? Der hat amper of gjin ynspraak west, wylst der in hiel soart jild mei anneks is. Ik tink dat as jim de kleau tusken de oerheid, it bestjoer en de boargers fergrutsje wolle, dan binne jim hjirmei hiel goed op de goede wei. Persoanlik akseptearje ik net dat wy as keazen folksfer- tsjinwurdigers sa besluten nimmen moaten. Ik wit wol dat it kolleezje ek yn in soart spagaat sit, mar as jim sa mei üs omgean moatte, wat kin de befolking dan noch ferwachtsje. Sil it kolleezje de befolking noch fjirder rieplachtsje? Foarsitter, ik wol öfslute, dit moat Ljouwert net wolle. De kwaliteit en de akseptaasje binne fier ünder de maat. Ljou wert wurdt op'e nij einpunt en it moat just in sintrum wê- ze. It plak dêr't it hjir yn Fryslan om draait. Wy wolle Ljouwert dochs as haadstêd fan Fryslan promote? Dan hie Ljouwert echt oan de line lizze moatten en hie de ferbi- ning, dy't om üs dan ek in gewoane Yntercity wêze moatten

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2002 | | pagina 16