Blad 2 Verslag van de raadsvergadering van 26 juni 2002 Te behandelen: Punt omschrijving bijlage blz. 01 Vaststellen van het gedeeltelijk ver- 5 slag van de raadsvergadering van 27 ju ni 2002 (agendapunt 29) 02 Schriftelijke vraag mevrouw Dikken be- 5 treffende drugsoverlast in Vrijheids wij k 03 Stedenbouwkundige randvoorwaarden uit- 118 breiding Fries Natuurmuseum aan het Schoenmakersperk te Leeuwarden. 04 Zuiderzeelijn120 8 05 Jaarverslag en Jaarrekening 2001. 122 64 06 Wijzigen van de concernbegroting voor 121 75 het dienstjaar 2002. De Voorzitter: Wij gaan verder met de agenda van afgelopen maandag. Er is bericht van verhindering van de heer Bakker en me vrouw TJiterwijk Winkel. Wethouder Krol is wegens ziekte verhinderd. Er is van de heer Hylkema en de heer V.d. Heide het verzoek gekomen om Ik geef als eerste het woord aan de heer Hylkema en de heer Van der Heide om in te spreken over de Zuiderzeelijn Ynsprekker de hear Hylkema: Ik bin betinker en Ontwerper fan de APT, Aqua Planing Train. De bedoeling is dat de Aqua planings train aansens hjir de ferbining foarmje sil tusken Ljouwert en Hearrenfean en fansels oer de SuderseelineIk bin absolüt gjin tsjinstanner fan de magneetsweeftreintech- nyk, ik bin techniker. Ik fyn de technyk fassinearjend, mar foar de Suderseeline is dy as in Mercedes oer in landykje en dat is weismiten jild en benammen omdat it op in oare wize kin. APT betsjut in ferfierstechnyk dy't basearre is op it ge- brük fan aquaplaning, it is in wetterfilm, wer't de trein omhinne glydsket. Dat kin op in hiele ienfaldige wize, it is in basale technyk, in hiele simpele technyk, dy't ek yn in hiele koarte tiid üntwikkele wurde kin. Dat is ien fan de wêzenskenmerken, mar it belangrykste yn dat opsicht is dat it in goedkeape oan te lizzen technyk wurde kin. En ik sis dêr hiel düdlik by: it kin. At it sil dat is de fraach at der in finansieringsbasis foar kommen sil ynkoarten, want dêr hinget de technyküntwikkeling al jierren oan fêst, Blad 3 Verslag van de raadsvergadering van 26 juni 2002 at it dus net slagget. Ik ha oant no ta allinnich myn nei büten treden mei dat artikel üt de Ljouwerter Krante fan foarrich jier febrewaris en ein dit jier noch mei in stik yn de Ljouwerter Krante en dat hat meinammen te krijen mei it feit dat de hiele diskusje rjochten wie op it foar el- koar krijen dat de Suderseeline der komme soe. En men hat dan de magneetsweeftrein der oan fêst plakt en dat hat foar my net de mooglikheid jün om der myn ynbring yn te hawwen. No is dy beslütfoarming sa goed as rün, no kin yn elk gefal dizze opsje nei foaren ta brocht wurde, omdat dy sa'n grou- we wearde hawwe kin foar de provinsje, foar it Noarden en dat is benammen ynfestearringstechnysk. Ik gean üt fan in komplete private finansiering en dat kin ik Qnderbouwe fan alle kanten, dus dat is gjin punt om dat te dwaan. Seis sil it minder kostje kinne dan dat no it ryk bylaapje wol. De oare is dat it foar Ljouwert fan gigantysk grut belang wêze kin, dat dy APT der komme sil. Wat is it grutte fer- skil tusken APT en magneetsweeftrein? Dat is dat APT in technyk-üntwikkelingsprojektIt is in helbere technyk, te- oretysk ünderboud fia in reportaazje yn gearwurkjen mei it ministearje en TU Delft en der binne patinten, dy binne der op ferliend. Mar it is in technyküntwikkelingstrajekt dat noch in trochwurking krije moat, in trochstart krije moat, en dermei is dat grutte ferskil mei de APT line. APT is in kant en kleare technyk dy't je ynkeapje en dan krij je fierders neat fan. En as we it hawwe oer it belang fan it stimulearjen fan de noardlike ekonomy dan kin je yn elke faze fan dy Ontwikkeling oanjaan dat der ferbining fait te lizzen mei it noardlike bedriuwslibben, mei de kennisyn- stellings, mei wit net wa dy't der fjirder in bydrage oan leverje kin. Dêr üntstiet in spinoff fan dy technyküntwik keling fan frij stevige omfang. Dan krij it oanlis, it noardlike bedriuwslibben docht dy op dit stuit mei oan de oanlis? Nee, HBG en BAM, grutte bou-ündernimmers dogge dat. It konsortium docht dat. Net it noardlik bedriuwslibben, dat moat fan it begin oan derby belutsen wurde. En wat is der no moaier dan dat Ljouwert dy hiele Ontwikkeling yn hüs krije soe? In kennisfersterking fan it technysk Onderwiis en yngenieursburo's ensfh. Dan krijt it in sniebal effekt wat allemachtige fidusy jaan kin foar de Fryske ekonomy. En dan ha je ek nochris in technyk dy't ferkocht wurde kin oan it bütenlan. Dat is in hiel ein fjirder, dêr woe ik it no net oer ha. Foar Ljouwert, tagelyk at je it ha oer de baan selfs, de ferbining, it wurdt in folle goedkeapere yn- frastruktuerEn ik kin my foarstelle dat de ynfrastruktuer dêrom ek trochlutsen wurde kin nei Ljouwert en selfs mis kien fan Ljouwert nei Grins, dat je ek noch in luske krije kinne. In byld dat foar my sa allemachtich fassinearjend is, al jierren, mar ik kin it no pas nei büten ta bringe, dat ik hoopje dat jim der iepen foar stean wolle en benam men as je betinke dat je Oteinlik mar nedich hawwe 1% bud- zjet fan wat Ljouwert bydrage wol. Oftewol: 0,1 promille

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2002 | | pagina 2