Blad 12 Verslag van de raadsvergadering van 27 juni 2005 te van velen onder druk staat, de deelnamemogelijk heid aan sporten voor groepen burgers uit de lagere inkomensklasse in gevaar. Dit terwijl de raad juist de sociale cohesie in de samenleving wil ver groten en sportdeelname in verenigingsverband juist bij uitstek een instrument is om dat te realiseren. Besluit De in de meerjarenbegroting opgenomen extra ta riefsverhoging op sportaccommodaties in 2006 niet door te voeren. De motie van de heer Bakker (LLP) wordt verworpen met 4 tegen 30 stemmen. Voor LLP en CU. Moasje 12 FNP (wizige) De ried fan de Gemeente Ljouwert, byelkoar op moandei 27 juny 2005, dy't it Kaderbrief 2005 besprekt, Oerweagjende dat: - de yntegrale oanpak fan de graffiti-oerlêst yn Ljouwert süksesfol is; - der in relaasje lein wurde kin tusken de erken ning en it stimulearjen fan de graffiti-keunst en de öfname fan de oerlêst; - de finansjele skea troch de yntegrale oanpak fan graffiti behoarlik öfnommen is en it tal graffi- ti-uteringen (tags) mei 50% omleech gongen is; der foar de kommende jierren (nei 2005) gjin struktureel budzjet mear is foar it stimulearjen fan graffiti-keunst; yn de 'Gebieds-gerichte aanpak' fan it feilich- heidsplan ekstra jongereinwurk, oanpak fan oer- lêstsituaasjes en maatregels yn it ramt fan 'schoon, heel en veilig' eksplisyt neamd wurde; yn it Kaderbrief nettsjinsteande de breed- droegen ynstimming de graffiti-oanpak net werom te finen is; freget it kolleezje: foar de jierren 2006, 2007 en 2008 in bedrach fan 20.000 te reservearjen foar de graffiti- keunst, om dêrmei ek de oerlêst tsjin te gean 15.000 personielskosten SWL, 5.000 aktivi- teitebudzj et en giet oer ta de oarder fan de dei. De wizige moasje fan de hear Posthumus (FNP) wurdt oannommen mei algemiene stimmen. Moasje 13 FNP De ried fan de Gemeente Ljouwert, byelkoar op moandei 27 juny 2005, dy't it Kaderbrief 2005 besprekt, Blad 13 Verslag van de raadsvergadering van 27 juni 2005 Oerweagjende dat: - der in grutte wurkleasheid yn Ljouwert is fan mear as 6.000 minsken; - der troch de EU de kommende 7 jier 70 miljard yn kennis en wittenskip stutsen wurdt; -de EU spesjale struktuerfünsen hat om wurkgelegen- heid yn regio's te stimulearjen dêr't minder wurk is; - de mooglikheid oanwêzich is om in spesjaal loket foar Europeeske subsydzjes te iepenjen (sjoch bygelyks op wwwesf-steunpuntnl - it ryk neffens it rapport 'Zicht op Subsidies' sa'n 21 miljard yn it jier oan subsydzjes üt- keard; der by de ferdieling fan it gemeentefüns troch de G4 (Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utert) yn it ferline mei sükses spesjale bedraggen foar har ornearre binne; - troch lobbywurk fan it gemeentebestjoer yn it resinte ferline ekstra bydragen fan it ryk yn- helle binne (bygelyks foar huzebou) freget it kolleezje: foar it kaderbrief fan 2006 yn kaart te bringen hoe't Ljouwert mear berop dwaan cq. profitearje kin fan bydragen en subsydzjes fan it Ryk en Europa; en giet oer ta de oarder fan de dei De moasje fan de hear Posthumus (FNP) wurdt oannom men mei algemiene stimmen. Amendemint 14 FNP De ried fan de Gemeente Ljouwert, byelkoar op moandei 27 juny 2005, dy't it Kaderbrief 2005 besprekt, Oerweagjende dat: - de gemeenterie fan it ryk ekstra finansjes kri- gen hat om it dualisme fierder foarm te jaan; - der noch gjin diskusje fierd is oer de ynset fan dy middels; de griffy fan de gemeenterie noch mei ütstellen komme sil hoe't dat fierder ynfolle wurde kin (bygelyks kommunikaasjetaak, ündersiken, fer- sterking fan de ferskillende rollen fan de ge meenterie ensfh.); - de gemeenterie dêr noch yn 2005 in beslüt oer nimme sil; beslüt it restant-budzjet foar it dualisme 23.000) net op te nimmen yn de list fan tafallers

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2005 | | pagina 7