Ynterpellaasje yn ferban mei it net of net folslein ütfieren fan ferskate Prohef-moasjes Ljouwert, 16 febrewaris 2006 Ynliedinq Al op 20 jannewaris 2003, by de behanneling fan de besunigings op de subsidiearre arbeid, hawwe de fraksjes fan FNP en PvdA, dêrby stipe troch in hele grutte mearderheid fan de gemeenterie (PAL/GL, SP, NLP, LL, D66 en CU), in moasje ynbrocht wêrby't it kolleezje opdracht jün is om ündersyk ('Quick-scan') te dwaan nei de mooglikheden fan in Prohef- eksperimint yn Ljouwert en by in positive ütkomt dêrfan in eksperimint oan te gean mei ynteressearre organisaasjes. Dat is no dus mearas trije jier lyn. De quick-scan is ütfierd, mar it eksperimint dat troch de gemeenterie dêrnei oanfrege is, is ütbleaun. Fierder hat de gemeenterie op 7 july 2004 op 'e nij in FNP-PvdA moasje oannommen by it 'Meerjarenbeleidskader Werk en Inkomen 2005-2008'. De besluten yn dy moasje wienen under oare: uterlik jannewaris 2005 te begjinnen mei de ütfiering fan in Prohef-eksperimint yn üs gemeente; dêrby nei eigen ynsjoch de doelgroep foar in eksperimint yn te foljen, wêrby't sjoen it rendemint foaral tocht wurde kin oan nije ynstream en frijwillich partisipearjenden; it eksperimint wat it tal dielnimmers oangiet lytsskalich te halden (op syn heechst 25 nije wurknimmers yn Ljouwert) yn ferban mei de finansiering; dêr't dat mooglik is gear te wurkjen mei de provinsje Fryslan en/of oare gemeenten foar de ütfiering fan it eksperimint; foar 1 novimber de opset fan it eksperimint oan de gemeenterie takomme te litten It kolleezje hat doe in oanfraach foar projektsubsydzje dien by it Ministearje en in öfgryslik heech bedrach oan begeliedingskosten opfierd, wertroch de oanfraach yn üs eagen gjin inkelde kans hie. Der wie lykwols yn de oerwagings fan de moasje meinommen dat in eksperimint net needsaaklik betelle wurde moast üt de pot fan Ynnovaasjeprojekten fan it Ministearje fan SZW, om't der ek in eigen gemeentlike finansiering wie yn it W-diel foar 'Bijzondere Projecten' 800.000 per jier). Foar alle düdlikens, wy ferwachtsje dat in proef per saldo, ütsein de begeliedingskosten dan (+/- 25000), neat kostje sil. De opbringsten (minder ütkearingen) sille rom genöch wêze om de kosten (bydrage oan leankosten) betelje te kinnen. It kolleezje hat dêrby op 'e nij tige neilittich west yn de ütfiering. By ferskate kommisjegearkomsten is troch partijen frege wat de stan fan saken wie. Partijen hawwe ek oanjün dat Prohef net fuortendaliks de panacee is foar alle wurkgelegenheidsproblemen, mar dat hja oan de han fan in lytsskalich eksperimint mei bygelyks 25 dielnimmers graach ynsjoch hawwe woenen yn de effekten. Dat omdat it Prohef-systeem yn de praktyk al in pear süksesfolle eksperiminten oplevere hat, dat by dy eksperiminten de bedriuwen in stevige stimulans krigen hawwe en dat as gefolch dêrfan de wurkgelegenheid flink tanommen is. Fierder kin noch neamd wurde dat yn de eksperiminten dy't der west hawwe it oantoand is dat Prohef wurkjouwers stimulearret om wurknimmers fêst regulier yn tsjinst te nimmen. As léste woe de gemeenterie, sjoen de fraachtekens oer de effektiviteit fan de re- yntegraasjetrajekten, graach alternative mooglikheden ütwurke hawwe om de wurkgelegenheid te stimulearjen. Wat üs oangiet kin dêrby ek socht wurde nei kombinaasjes, bygelyks earst in staazje of wurkervaringsplak fan 2 oant 4 moanne en dan in jierkontrakt op basis fan in Prohef- systeem.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2006 | | pagina 294