Yntusken is op 1 jannewaris 2004 de Wet Wurk en Bystan (WWB) ynfierd en binne der folie mear mooglikheden üntstien om as gemeente op in fleksibele en/of kreative wize wurkgelegenheid te stimulearjen fia eksperiminten. Tal fan gemeenten binne no al mei de tariedings foar in Prohef-eksperimint dwaande, farianten dêrfan of binne seis al los, lykas de gemeente Boalsert (sjoch: http://wvwv.prohef.nl/voorbereidinq.html). It kolleezje fan DS fan de provinsje Fryslan hat yn syn Bestjoersprogramma foar dizze perioade te stean dat se Prohef-eksperiminten stimulearje wol en hat dêral yn fasilitearre mei it ütbringen fan in brochure 'Meer werk, minder bijstand' (sjoch http://www.prohef.nl/docs/Boekie Meer Werk.pdfen sels in foarbyld fan in dielnamekontrakt. Seis de gemeente Tytsjerksteradiel wol begjinne mei de 'Meer Wurk-minder bystan' proeven en dêr hat de organisaasje 'Te Plak' al grutte belangstelling foar toand, omdat sy dêrmei oan de iene kant minsken oan it wurk helpe kin en oan de oare kant derby helpe kin om de leefberheid en selsredsumens fan minsken yn wyk en doarp op peil te halden. Alle lof dus foar oare gemeenten dat sy sa entüsjast de mooglikheden oppakke, mar it betsjut dus wol dat de gemeente Ljouwert kansen slüpe lit en dat in geweldige kans om de wurkleazens dy't hjir dochs al heech is (16%, dik 4.000 minsken), net mei beide hannen oangrypt wurdt. Wy kinne üs begripe dat it kolleezje yn earste ynstansje miskien wat skruten foar it begryp Prohef oerstie, ommers alles wat nij is moatte jo oan wenne, mar nei ferskate kearen in oantrün fan de gemeenterie wurdt it no dochs echt tiid foar aksje. Dat jildt trouwens ek foar tal fan oare suggestjes dy't dien binne, lykas de 5% regeling by bouprojekten (persintaazje minsken üt bystan oannimme by grutte projekten)dêr't wy oer ynformearre wurde wolle. De wethalder (Van Mourik) hat yn de kommisje Wolwêzen fan 7 septimber 2005 nei in diskusje oer de 'Uitvoering moties ihkv Expeditie Werk, meerjarenbeleid Werk en Inkomen 2005-2009' it folgjende tasein: 'Wethouder Van Mourik zegt toe om in januari een nieuw voorstel inzake het Prohef- experiment aan te leveren'. Oant no ta hawwe wy yn de kolleezjebesluten oer 2006 noch neat léze kinnen oer in nij ütstel oangeande Prohef en ek oer de post of e-mail is de riedsleden neat tastjoerd. Sterker, wy hawwe üt ynformele kanalen begrepen dat derabsolüt gjin skot sit yn dizze saak. En dat nimme wy heel heech op, omdat der nei alle jierren noch hieltyd gjin goede ütfiering jün is oan de ferskate besluten fan de gemeenterie. Sjoen de hiele gong fan saken hat de FNP-fraksje, mar ek oare fraksjes nei't wy begrepen hawwe, tal fan fragen wêrom der no net ris ta ütfiering oergongen wurdt fan de ferskate moasjes oer dit Onderwerp: - wêrom wurdt der troch it kolleezje, nei ferskate moasjes en oproppen fan de gemeenterie, yn in tiidsrek fan trije jier, net oergongen ta in eksperimint mei Prohef of in fariant dêrfan om dêrmei in ympuls te jaan oan de wurkgelegenheid? Wêrom is der sprake fan sleauwens en wurde öfspraken en tasizzings net neikommen? hat it kolleezje him tusken septimber 2005 en jannewaris 2006 noch ynformearje litten oer mooglikheden foar (farianten fan in) Prohef-systeem? Wêrom is der bygelyks yn dy hiele perioade net praat mei it ynstitüt dat dêrfoar de measte ekspertize yn 'e hüs hat, it PIN (Prohef Informatiecentrum Nederland) dat hjiryn Ljouwert sit? Wêrom is der net in opdracht oan it PIN jün om mei in ütstel hjirfoar te kommen? is der troch it kolleezje ek aktyf kontakt socht mei bedriuwen en organisaasjes yn Ljouwert dy't eksplisyt oanjün hawwe dat sy wol ree binne om oan in Prohef- eksperimint mei te wurkjen, bygelyks 'Te Plak', de Manus Branding Stichting, it SWOL ensfh. Is der troch it kolleezje tusken septimber 2005 en febrewaris 2006 ek praat mei oare gemeenten dy't dwaande binne mei tariedings foar in eksperimint op basis fan de Prohef-systematyk of de 'Meer werk-minder bijstand'? Sa ja, wat hat dat opsmiten? Sa nee, wêrom net? Watfoar priemmen sil it kolleezje yn it wurk stelle om op koarte termyn dochs in Prohef-eksperimint yn de gemeente Ljouwert üt te fieren? Wannear sil de gemeenterie ynformearre wurde? foar de FNP-fraksje, S. Posthumus foar de PvdA-fraksje, M. Florijn

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2006 | | pagina 295