1
Oanhingsel nü. 2.
Antwurden op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 47, lid 1, fan it "Reglement van orde voor de
vergaderingen van de Raad der gemeente Leeuwarden", yntsjinne troch de riedsleden B. Bilker en
A. Willemsma-de Jong üt namme fan de CDA-fraksje oer de ütfiering fan de Fryske beneaming op de
plaknammebuorden fan Ljouwert.
Ofrüne wike hat de gemeente 't Hearrenfean plaknammebuorden pleatst yn twa talen: HoUansk en Frysk
yn like grutte letters.
In tal fan gemeenten hawwe sokke buorden al sünt jierren, sa ek de gemeente Ljouwert. Okkerlêsten
hat de gemeente Ljouwert in notysje ferskine litten oer it brüken fan it Frysk. Dizze notysje is no noch
yn de ynspraak. De essinsje fan dizze notysje, lykas ek dellein yn it koUeezjeprogram, is dat it Frysk
lykweardich wêze sil en moat oan it Hollansk. In stikmannich beüedsütsteUen wurde yn dizze notysje
nei foaren brocht. Oer plaknammebuorden lykwols windt net rept, want dat is al goed regele.
Wy stelle spitigemöch fêst, dat de aldemijste plaknammebuorden fan Ljouwert alhiel feroare binne.
Dizze buorden steane bygelyks by de öfslach Anne Vondelingweg nei de Kanaalweg, by it fytspaad fan
de Rustenburgerweg öf nei de Hemrik, ensfh. Dizze buorden hawwe de letters Leeuwarden sa as
eartiids, mar de beneaming Ljouwert stiet der yn lytse haadletters ünder. It femuveret üs tige dat dit
barre kin, sjoen de üntjouwings sa as boppe omskreaun. It moast oars net sa wêze dat de haadstêd fan
Fryslan no wer in stap tebek docht. Boppedat wiene der nei üs betinken no en yn it ferline nea
swierrichheden oer. Krektoarsom, Ljouwert is ek fier büten de grinzen fan Fryslan bekind mei de Fryske
oantsjutting.
Fragen
1. Is it bekind oan it kolleezje dat de
nijste plaknammebuorden fan Ljouwert
yn ferliking mei de "aide" buorden,
feroare binne omt de oantsjutting "Ljou
wert" der no lytser op stiet.
2. Wannear en troch wa is dat beslüt
nnmme.n
Antwurden
It is üs bekind dat op fjouwer koartlyn pleatste
buorden fan Ljouwert de Fryske beneaming yn
lytsere letters ütfierd is.
Us kolleezje hat dêr net in beslüt oer nommen.
It is tafallich dat dizze léste fjouwer buorden op
de troch Jo üttsjutte wize ütfierd binne. It wie
en is gebrüklik, dat sawol de Nederlanske as de
Fryske beneaming op de plaknammebuorden fan
Ljouwert yn deselde grutte letters oanjün wurdt.
De leveransier is hjirfan op'e hichte, sadat yn it
ferline hjir gjin spesjale ynstruksjes mear foar
jün waarden.
3. Is it kolleezje mei üs fan betinken dat
de nijste buorden yn tsjinspraak binne
mei it belied oangeande it Frysk, foaral
as Jo sjogge nei it koUeezjeprogram
ditoangeande en as Jo sjogge nei de
notysje oer it Frysk, d/t Jo lésten üt-
brocht hawwe.
Troch in misferstan binne bedoelde buorden
ütfierd op in wize dy7 öfwykt fan it ünsteane
belied.
4. Hoe en wannear tinkt it koUeezje dizze
"flater" wer ijocht te lüken.
No't it hjir om mar fjouwer plaknammebuorden
giet, fine wy it net ferantwurde en needsaaklik
dy op dit stuit te ferfangen.
Fierder is, yn ferban mei de trochfierde besuni-
gings fan de ofrüne jierren, yn it dêrfoar be-
stimde budzjet gjin romte oanwêzich 1.000,--
foar de ferfanging fan de buorden üt te lüken.