- 3 - Neidat de foarsitter dêr nei frege hat wurdt besletten (de fraksje fan de F.N.P. is tsjin) de folgjende útstellen yn ien kear te behan- neljen: 4. Voorstel inzake uitvoering staande-mast-route. 4a. Voorstel inzake Waterfront Grou/ontwikkeling Grou-Noord. 5a. Aanvullend voorstel inzake voorstellen uitvoering staande-mast- route en ontwikkelingen Waterfront Grou/Grou-Noord. 6. Voorstel inzake aankoop gronden Grou-Noord. Mefrou De Boer giet werom nei it begjin fan de steande-raêst- rûte, it konvenant tusken de provinsje, de gemeente Ljouwert en de gemeente Boarnsterhim. De beropsfeart en de rekreaasjefeart binne út elkoar helle. Troch dit konvenant kinne ek de rekreaas- je en it toerisme befoardere wurde. Ek Wergea moat ûntwikkele wurde. Dêr kin de steande-mêst-rûte in grutte stimulâns ta wêze. De steande-mêst-rûte is ek in krachtproef foar de gearwurking tusken oerheden yn dit projekt. Sa docht bliken dat weryndieling ek net perfoarst nedich is. De hear Zijlstra seit dat in riedsbeslút selden sa útraffele en yngeand besjoen is as dit. Der binne in protte oeren yn oerlis stutsen. Syn fraksje tinkt dat it oankomt op twa fragen: wurdt der ja as nee sein tsjin dit mega-projekt en is it polityk sjoen ferstannich sa koart foar de ferkiezings as âlde fraksje de nekke út te stekken. Syn fraksje seit dêr ja tsjin. Hy tinkt dat de besluten net hielendal kompleet binne. Punt 5 wol hy yn trije parten knippe: a. yn te stimmen mei; b. yn haadlinen (oer de finansiering) en c. de realisaasje en ûntsluting. Syn frak sje kin net akkoart gean mei punt c. Dêr steane dingen yn dy't stridich binne mei itjinge yn wurklistpunt 5a. stiet. Oer wurk- listpunt 5a (oanfolling op wurklistpunt 5): Hy fynt dat de boar- gers witte meie dat der ek al jild tasein is oan it realisearjen fan it akwadukt yn de Wâldwei, nammentlik 1,95 miljoen. Yn it beslút soe stean moatte dat de gemeente Boarnsterhim 4,25 mil joen bydraacht en dat is dan ynklusyf 1,95 miljoen foar it akwadukt. Oan it beslút wol hy taheakje dat der elts kwartaal in rapportaazje yn de AZW-kommisje komme sil oangeande de tiids- planning, de finânsjes en de ynhâldlike kant. De hear Oosterhof seit dat de beslútfoarming lang op him wacht- sje litten hat. Mei de oanfolling 5a. is hy tige ynnommen. Syn fraksje fynt dat de gemeente him kritysk opstelle moat: dit projekt moat net oangien wurde omt der subsydzje te krijen is, mar om de saken seis. Der bliuwe risiko's bestean oan de steande- mêst-rûte. De oankeap fan de grûn sit syn fraksje dochs wol mei, omt 8 ha eins net direkt nedich is. Mei it antwurd fan it kol- leejze kin hy lykwols ynstimme. De hear Van der Meulen seit dat de problematyk net fan hjoed as juster is. Syn fraksje koe yn desimber al posityf tsjin de út- stellen oer stean. Hy seit de ûndernimmer tank dy't noch wol in moanne wachtsje woe op in riedsbeslút. De steande-mêst-rûte is fan grutte betsjutting foar de ûntwikkeling fan Wergea en in opstekker foar de rekreaasje en it toerisme. It docht him deugd dat de steande-mêst-rûte troch Grou giet. It wiete bedriuwenter- rein moat der komme. Syn fraksje sjocht wol it tekoart fan 2,3 miljoen. De útlis fan it kolleezje oer de finansiering hat syn fraksje oertsjûge. NOT2001/BS/BV/HUISMANS/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 5