- 5 -
Syn foarkar giet út nei de Meer. It kolleezje hat yn útstel 5a
besocht de finansjele risiko's te beheinen. Mar as der aanst al
tekoarten ûntsteane sil de ried dêr dochs oan bydrage moatte.
Komt de trasénota ek yn de ried oan'e oarder? As leste de fraach
oft de ried ek noch oan de ynrjochting fan de Nieuwe Kade te pas
komt
De hear Van den Berg ferwiist nei itjinge syn fraksje yn de
kommisjegearkomste AZW/WWM sein hat. Hy is wiis mei de weardefol
ie oanfollingen op de besluten troch de hear Zijlstra. Hy giet
der fan út dat de trasénota, mei farianten ynklusyf de finansje
le kant fan de saak, oan de ried foarlein wurde sil. Hy hat
begrepen dat ek de oansluting fan de steande-mêst-rûte op de
Rjochte Grou troch it buro Vaarwegen tsjin it ljocht halden
wurde sil. Hy is tige benijd nei de útkomst dêrfan. It kolleezje
sil dekking sykje yn dy sin dat dat net fan ynfloed is op de
lesten fan de boargersRisiko's bliuwe der altiten. Syn fraksje
fynt dat dy risiko's te oanfurdigjen binne. De gemeente Boarn-
sterhim moat in betroubere partner yn it konvenant wêze. Hy
ferwachtet dat ek fan de oare partijen. Syn fraksje fynt it in
goede saak dat der in wiet bedriuwenterrein oanlein wurde sil.
De oanpak fan it Wetterfront is mei dit totaalpakket út it
slop. Hy wit dat in tal ûndernimmers graach mei faas je oan de
slach wol.
De foarsitter betanket de ried foar syn konstruktive réaksjes.
It is goed dat in tal sprekkers de histoarje fan de steande-mêst-
rûte nochris ophelle ha. Der is ek oanjûn dat Wergea troch dizze
plannen in opstekker krije sil. It kolleezje is der bliid mei
dat der sein wurdt dat dit konvenant in foarbyld is fan gearwur-
king tusken oerheden. De hear Zijlstra hat gelyk mei syn op
merkingen oer de formele besluten. De besluten sille sa oanpast
wurde. By beslút nûmer 5 sille de oandachtstreekjeseen brug
in de Garde Jagerswei" en "- een wegverbinding etc." út it be-
slút helle wurde. Foar dy punten is wurklistpunt 5a yn it plak
kommen. De gemeente Boarnsterhim sil yn totaal 4,25 miljoen,
ynklusyf it akwadukt, útlûke foar dizze projekten.
It kolleezje is ree kwartaalrapportaaz jes oan de ried foar te
lizzen te begjinnen as it trasé bekind is. It kolleezje fynt
it, nei dêr efkes oer twifele te hawwen, hiel ferstannich dat de
beslútfoarming in moanne foarútskood is. It kolleezje is it mei
de hear Oosterhof iens dat earst bepaald wurde moat wat de win-
sken binne en dat projekten net allinne trochsetten wurde moatte
as der subsydzjes te krijen binne. It kolleezje fynt dat der, ek
yn dy sin jûn in hiel ferantwurde beslút nommen wurde kin. Dit
is it goede momint om in wiet bedriuwenterrein oan te lizzen. As
dêr net ta besluten wurdt, wurdt der ek in beslút nommen, mar dan
in beslút dat net goed foar Grou is. Hy seit ta dat de trasénota
oan de ried foarlein wurde sil mei in finansjele paragraaf foar
elts alternatyf. Hy fynt dat de ried hiel goed nei alle útstel-
len sjoen hat: hy is net oer ien nacht iis gongen.
De hear Van der Baan ynterrumpearret dat de foarsitter syn wur-
den ferkeard útleit. Hy jout gjin krityk rjochting de oare fraks-
jes, mar hy jout allinne sde oerwagings fan syn fraksje oan.
NOT2001/BSBV/HUISMANS5