- 6 -
De foarsitter fynt dat der riet sprutsen wurde kin fan hastige
plannen. Fraksjes kinne fan miening ferskille dêroer mar it
kolleezje hat mei dizze útstellen hannele sa as it riedsprogram-
ma dat oanjout. De opmerkingen fan de hear Van der Baan oer de
amtlike organisaasje fûn hy net sa aardich. De amtners hawwe
hiel hurd wrotten om dizze útstellen klear te krijen. It kollee
zje fynt dat de amtners dêr goed yn slagge binne. Hy is absolút
net mei de hear Van der Baan iens dat it sosjaal kulturele wurk
ûnder dizze útstellen te lijen hat.
De hear Van der Baan seit dat der mei dizze besluten risiko's
rûn wurde en dy risiko's sille fan ynfloed wêze op it gehiel fan
it wolwêzen fan de ynwenners
De foarsitter seit dat de ried krekt by de begrutting foar 1998
fêststeld hat dat der elk jier mear dien wurde sil oan it sosjaal
kulturiele wurk. It trasé troch de Nauwe Golle liket it kolleezje
in poerbêst trasé ta, mei in posityf effekt foar Grou.
Wethâlder Van den Berg seit dat as de ekonomyske ûntwikkeling
net trochggiet de opgeande line yn it sosjaal kulturiele wurk
net fêsthâlden wurde kin.
Wethouder Smittenbere zegt dat de gebruikelijke weg zal worden
gevolgd bij het dorpsvernieuwingsplan rond de Nieuwe Kade.
De heer Jonkers zegt dat hij met enige verbazing heeft ge
luisterd naar de heer Van der Baan. De fractie van de F.N.P. is
tegen verdere recreatieve ontwikkeling in Boarnsterhim maar komt
desalniettemin met goedbedoelde adviezen. De fractie van de
F.N.P. eet volgens hem van 2 wallen. Hij vindt de opstelling
van de F.N.P. getuigen van weinig moed. De F.N.P. krijgt name
lijk altijd gelijk: als dit project een succes blijkt te zijn
zal de F.N.P. niet reageren, maar bij een tegenvaller zal de
F.N.P. zeker zijn gelijk proberen te halen.
De hear Zijlstra is kontint mei de tasizzing fan it kolleezje
oangeande de formele besluten. De risiko's binne sa goed as
mooglik ôfdamme. As de ekonomyske ûntwikkeling trochset leit
Boarnsterhim mei dizze projekten tige goed. Nee tsjin dizze
plannne sizze betsjut gjin steande-mêst-rûte, gjin oppepper foar
Wergea en net in wiet bedriuweterrein foar Grou. Dan wurdt ek
nee sein tsjin mooglike Ontwikkelingen fan bedriuweterreinen yn
de rjochting fan Idaerd. As dêr dochs in oansluting op de Sll
komt soe dat betsjutte dat ek it saaklike ferkear fan Grou dy
kant lâns kin. Syn fraksje is it wol iens mei de F.N.P. dat it
sosjaal kulturiele wurk mear omtinken krije moat.
De hear Oosterhof seit dat syn fraksje de Ontwikkelingen net
blokkeare wol. De subsydzjes jouwe wol de ferwevenheid oan tus-
ken de projekten. Yn it beslút nûmer 6 wurdt by de kadastrale
omskriuwing net neamd dat it giet om: gemeente Grouw.
NOT2001/BS/BV/HUISMANS/6