- 7 -
De hear Van der Meulen seit dat hy mei kromme teannen harke hat
nei de hear Van der Baan. De F.N.P. is wer tsjin en seit dat de
oare partijen gj in fisy hawwe. Der is fjouwer jier besocht de
wurkgelegenheid te stimulearjen en it giet de goede kant út. Om
alles wat de F.N.P. graach wol, sa as it sosjaal kulturiele wurk
stypje, moatte earst de minsken wurk hawwe. Troch dizze ûntwikke-
lingen kinne der aanst wer in protte minsken oan it wurk. It is
krekt tige wichtich dat minsken wer oan it wurk binne en sad-
waande wer oan it maatskiplike libben dielnimme kinne. Syn fraks-
je stipet fan herten dizze útstellen fan it kolleezje.
De hear Van der Baan wol dochs reagearje op alle krityk dy't hy
oer him hinne krijt. Foar krityk is hy net bang. It giet ommers
om wat jo eigen miening is en om de wize fan ôfwaging fan alle
foars en tsjins. Hy fynt dat der wol deeglik moed foar nedich is
om direkt mei krityk te kommen en dat net achterôf te dwaan. Hy
is der bliid om dat syn fraksje earder nee sei tsjin de plannen
rün Yn 'e Lij te en Biensma. De lytsskaligens fan Grou moat mjit-
te wêze foar nije plannen. Hy hat gjin krityk op de amtlike
organisaasje, mar de besetting dêrfan is net stabyl en ek oaren
binne by de plannen belutsen. Op guon fragen krije jo ferskillen-
de antwurden. Syn fraksje fynt dat dizze besluten wol fan yn-
floed binne op it sosjaal kulturiele wurk, omt it jild mar ien
kear útjûn wurde kin.
De hear Van den Berg seit dat de tiid in heilsume wurking hân
hat. Partijen hawwe harren eigen ôfwaging makke en gelokkich
sjocht no de mearderheid fan de ried de positive kanten fan de
útstellen. Oangeande de lytse rekreaasjefeart binne der dochs
wol aktiviteiten west, sa as de Swin-Swtteferbining mar ek de
rüte fia Goutum en Wurdum nei Grou krijt omtinken. Syn fraksje
hat der faak genôch op oantrune dat der, neist de grutte
projekten ek omtinken wêze moat foar de deistige saken. Gelok
kich hat it kolleezje dêr nei harke.
De foarsitter seit dat der stribbe wurdt nei in oansluting by de
Sll. Dan kin yndied it swiere ferkear lâns dy kant ôfwikkele
wurde. De ferwevenheid tusken de plannen is grut, de subsydzje
is it semint. De amtlike organisaasje hat foar dizze útstellen
hiel goed wurk levere en it kolleezje seit de amtners dêr tige
tank foar. De finansiering fan de strukturiele saken yn it so
sjaal kulturiele wurk hat yn novimber lêstlyn syn beslach kri-
gen. De grutheden yn de hurde en sachte sektor binne ûnferlyk-
ber. It kolleezje hat respekt foar it stânpunt fan de fraksje
fan de F.N.P. mar is it dêr net mei iens.
De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean.
Zonder hoofdelijke stemming wordt conform voorstel 4 besloten.
Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het aangepaste voor
stel 5 besloten. (Uit het concept zijn de aandachtsstreepjes:
"een brug in de Garde Jagerswei" en "een wegverbinding.van de
Garde Jagerswei" vervallen)
De fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegengestemd.
NOT2001/BS/BV/HUISMAHS/7