- 3 - deechlik finasjeel behear is dêrby fan it grutste belang. Ek yn finans- jele sin is der de kommende riedsperioade in protte kreativiteit ne- dich. Hy werinnert de ried oan de beliedsútgongspunten dy't hy seis fêststeld hat. Alle oerskotten en tekoarten sille op kosten of ten goe de fan de algemiene reserve komme. It is net ferstannich om in part fan it risseltaat te ferbysûnderjen. As de ried fynt dat der mear jild oan bygelyks doarpsfernijing bestege wurde moat dan preferearret it kollee- zje dat der op de goede mominten mear romte fûn wurdt foar dat belied. It liket it kolleezje net ferstannich no de f 103.000,00 oan de pot doarpsfernijing ta te foegjen. De maitiidsnota is it krekte momint om wizigingen yn it belied troch te fieren. De winsk fan de hear Van der Meulen troch te gean op de ynsleine wie wol hy graach oernimme. De hear Postma hat in tal begryplike kanttekens set by de jierstikken. It risseltaat fan in jierrekken is altiten betreklik. De yndikaasjes dy't yn de jierrekken sitte moatte erkind en werkind wurde. Op grûn fan dy yndikaasjes moat nei de takomst ta goed belied ûntwikkele wurde. Yn it foarste plak jildt dat foar de maitiidsnota. Dêrneist binne der in tal behearsmjittige saken dêr't oer neitocht wurde moat. It is goed dat sein is dat it behear fan de middels goed west hat. De ried mei himsels gelokkich priizgje dat dat sa is. De hear Postma fynt dat de prestaas- jekriteria mear yn byld komme moatte. Yn "e takomst sil dêr mear as no it gefal is, omtinken oan jûn wurde. Hy seit ta dat dit yn it nije kolleezje oan 'e oarder komme sil. De opdracht oan de accountant is ek fan tasein dat dêr oer praten wurde sil yn de kommisje. Yn de kommisje sil ek praten wurde oer de fierdere ferbettering fan de finansjele hûs- hâlding. Ek dat sil yn it nije kolleezje oan 'e oarder komme. Ek de rekken fan it Grûnbedriuw is in momintopnameAlle feroaringen en fêst- stelde eksploitaasjes dêr by opteld sil aanst sjen litte dat it Grûnbe- driuw der goed byleit. Der wurdt frege om in hjerstnota. Dat is foar Boarnsterhim in nij fenomeen, dat wol posityf beneiere wurde moat. *Hy seit ta dat de hjerstnota yn de nije riedsperioade oan "e oarder steld wurde sil. De hear Roorda betanket de foarsitter foar syn reaksje. Yn grutte linen komme de ynsichten oerien. Yn de doarpsfernijing moat noch in protte barre. Aldeboarn en Jirnsum bygelyks binne noch net óf. It is wichtich dat dy projekten ôfrûne wurde. Syn fraksje stipet dêrom it útstel fan de fraksje fan de V.V.D. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie zijn voorstel overeind houdt. Er is een overschot op de dorpsvernieuwing en dat overschot hoort weer terug in die pot. Er is een pot reserve dorpsvernieuwing en er is dus geen sprake van het maken van allerlei nieuwe potjes. De heer Postma herinnert de raad aan de discussie over de reserves en voorzieningen in 1996. Zijn fractie pleit voor een helder en inzichte lijke jaarrekening die een betrouwbaar beeld geeft van de feitelijke situatie. 1998 geeft het beeld dat er een intering op de algemene re serve zal plaatsvinden van f 650.000,00. Het college kiest er voor aan de eind van de rit, dat bij de afrekening van het complex zichtbaar te maken. Bij de jaarrekening is er dus sprake van "lucht" in het cijfer materiaal. Deze werkwijze spoort in elk geval niet met de notitie van BMC van april 1996. Zijn fractie vindt dat het "verlies" nu maar geno men moet worden. De hear Van der Baan 'seit dat syn fraksje yn de kommisje al opmerkingen makke hat. Sa as de Friezen eigen is seit hy dat de jierstikken der wolris minder út sjoen hawwe. Op twa punten wurden útstellen dien: oer Not0704.doc/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 15