- 4 - it ferlies fan it Grûnbedriuw troch Gemeentebelangen en oer de doarps- fernijing troch de V.V.D. Syn fraksje kin dizze útstellen wol stypje. De hear Van den Berg betanket de fraksje fan de F.N.P. foar it kompli- mint. Dat bart net sa faak; hy sil it ûnthâlde. Hy freget him óf wêrom it oerskot op de pot doarpsfernij ing wol werom moat yn de eigen pot en oare oerskotten net. Hy fynt dat fêsthâlden wurde moat oan de troch de ried fêststelde line. Hy bringt de diskusje oer de ôffalstoffenheffing yn it omtinken. De V.V.D. woe it oerskot weromjaan oan de boargers. No is der in tekoart, moat dat dan ferhelle wurde op de boargers? De foarsitter seit dat wat de hear Postma wol, it ekstrapoleren fan de sifers fan it Grûnbedriuw, freget om in oare beneiering dy't yn elts gefal mei de gearstallers fan de jerrekken en ek mei de accountant be praten wurde moat. It sil miskien foar de ried bestjoerlik in breder byld jaan. *Hy seit ta yn it nije kolleezje te bepraten oft der in plusparagraaf oan de rekken taheakke wurde moat. It kolleezje ûntriedt it útstel fan de fraksje fan de V.V.D. omt it heaks op de beliedsút- gongspunten stiet, dy't troch de ried fêststeld binne. Sterker noch, dit útstel is de bile oan 'e woartel fan it finansjele systeem. Der binne noch follemear beliedsterreinen dêr't mear jild foar nedich is. Mar tajaan oan de gedachte dy't it útstel yn him hat betsjut dat ófskie nommen wurdt fan de lykwichtige en yntegrale beneiering dy't de ried seis keazen hat. Hy ûntriedt mei klam it útstel fan de fraksje fan de V.V.D. oer te nimmen. De hear Oosterhof seit dat it net sa wêze moat dat der besunige wurdt en dat dat jild nei de algemiene middels giet. It jild dat bestimd is foar de doarpsfernijing moat ek foar de doarpfernijing brûkt wurde. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie, ondanks het pleidooi van de voor zitter, het voorstel handhaaft. De hear Postma seit dat syn fraksje grutte muoite hat mei it útstel. De V.V.D. kiest foar in jo-jo-belied dat heaks stiet op wat de ried fêst steld hat. De hear Van den Berg freget him óf wêrom de V.V.D. dan net itselde út- stel docht as it om de pot ûnderwiis giet. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje, mei alle respekt, doarps fernij ing net it wichtichste beliedsterrein fynt. Wat de V.V.D. útstelt is net in goede ûntwikkeling en it soe in beliedswiziging betsjutte. De gedrachsline dy't twa jier fêststeld is, moat trochfierd wurde. Wethouder Smittenberg zegt dat het hem een raadsel is op welke manier de fractie veronderstelt dat er geld over zou zijn dat nu weer terug moet in de pot dorpsvernieuwing. Het gaat in dit geval over het, niet helemaal opgemaakte, budget voor loonkosten en dat is volstrekt iets anders dan het beschikbaar stellen van een budget voor de uitvoering van dorpsvernieuwing. De foarsitter bringt de ried yn it omtinken dat der twa jier lyn in be- liedsline fêststeld is. It útstel dat no dien wurdt stiet dêr heaks op. It giet hjir om leankosten dy't net bestege binne. Hy fynt it net in goede saak no dit te forsearjen. It krekte momint is nammentlik de mai- tiidsnota Not0704.dOC/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 16