3. Ingekomen stukken. Nummer 12 Mefrou Veldstra freget wat der no eins barren giet nei oanlieding fan dit dochs wol skokkende ferhaalSy fynt dat gebrûk makke wurde moat fan it oanbod fan de Ynspekteur om yn de kommisjegearkomste in taljochting te jaan. De heer Koot deelt deze mening. Wethouder Smittenbero zegt dat er overleg met de inspecteur is geweest Het hele verhaal, inclusief de inhaalslag, komt in de commissie aan de orde. De inspecteur kan niet eerder dan voor 12 mei worden uitgenodigd. De heer Van der Baan seit dat de wethâlder dan dus gjin ferantwurding ôflizze kan. De foarsitter seit dat dat wol kin omt de wethâlder gewoan riedslid bliuwt Nummer 17 Mefrou Santema wol graach yn de kommisje oer dit skriuwen prate. Wethouder Van den Berg zegt dit toe. Nummer 18 De hear Veldstra freget oft der ek noch wat mei dit skriuwen dien wurdt. Wethouder Van den Berg zegt dat aan de ouderenbonden nog eens bekend zal worden gemaakt hoe de kwijtschelding is geregeld. Nummer 21 en 22: De hear Roorda seit dat syn fraksje dizze moasjes stypje wol. Mefrou Santema seit dat sy de fraksje fan de P.v.d.A. stipet. It giet fierstente fier om f 10,00 de ynwenner foar Den Haach útlûke te moatten. De hear Van der Baan fynt ek dat de moasjes stipe wurde moatte, benammen omt it Boarnsterhim f 180.000,00 op jierbasis kostet. De hear Van den Berg wol graach de reaksje fan it kolleezje hearre. De foarsitter seit dat alle artikel-12 bydragen út it gemeentefûns kom- me. Omt Den Haach in protte jild krijt liedt dat ta in grutte koarting. Trochbrekken fan dat systeem kin betsjutte dat de bydragen op grûn fan artikel 12 ek oars wurde. It is de fraach oft gemeenten dat wol sa graach wolle. It kolleezje is noch net safier om oan te trúnjen op in oare metoade omt de konsekwinsjes wolris hiel grut wêze kinne soene. Hy seit ta dat dizze ynkommen stikken yn de kommisje behannele wurde sille Nummer 2 3 De hear Roorda seit dat syn fraksje de keppeling dy't de ANDO leit, te fier gean fynt. Der is in grut ferskil tusken normaal gebrûk fan alkohol en alkoholmisbrûkHy is it fansels wol iens mei de previnsje dy't de ANDO foarstiet. De hear Van den Berg wol graach dat dit skriuwen yn de kommisje behanne le wurdt Not2403 doc/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 5