De hear Oosterhof slút him by de wurden fan mefrou De Boer oan. Hy fynt dat der tige weromhâldend mei wenjen by it bedriuw omgien wurde moat. Feroaring fan bedriuwsfiering soe problemen opsmite kinne. De hear Van der Meulen is der wiis mei dat Spikerboor no oan bar is om opknapt te wurden. Syn fraksje is ek weromhâldend as it giet om wentebou by bedriuwen. Hy freget wannear't de earste grûn útjûn wurde kin. Mefrou Veldstra seit dat der in pear jier lyn noch sprake wie fan in subsydzje fan 50% troch de provinsje foar it plan fan oanpak. Sy is be nijd oft dy fergoeding ek ûntfongen is. Sy freget wat de ûntwikkelings- oerienkomst dy't yn it útstel neamd wurdt, ynhâldt. De foarsitter seit dat in opwurdearring fan dit yndustryterrein echt ne- dich is. Akkrum fertsjinnet dat ek. De buffer yn de foarm fan it bosk wurket dêr ek oan mei. It tal leafhawwers is nei de kommisjegearkomste aardich grutter wurde. It kolleezje fynt dat der kritysk sjoen wurde moat nei it wenjen op dit bedriuwsterrein. It giet om bedriuwen dêr't wenjen net by útsletten is. De wenfunksje is dus ündergeskikt oan it be driuw. Foar de bougrûn foar in wente sil in taslach yn rekken brocht wurde. De earste grûn kin mits dit jier útjûn wurde. It is in teloar- stelling dat de provinsje gjin jild mear beskikber stelt foar bedriuws- terreinen bûten de ekonomyske sônesNettsjinsteande dat is der dochs in slutende eksploitaasje mei betelbere grûnpriizen. Mefrou Veldstra fynt it dochs wol hiel spitich dat der gjin fergoeding fan de provinsje komt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten. 10. Voorstel voor het verstrekken van een krediet ten behoeve van groot on derhoud aan wegen. De hear Roorda seit dat syn fraksje ynstimme kin mei dit útstel. Hy is der mei ynnommen dat de Birstumerdyk nei foaren skood is De hear Van der Baan is teloarsteld dat dit beslút no, sa flak foardat der in nij kolleezje komt, nommen wurde moat. It belied sil nammentlik hiel bot feroarje. De foarsitter seit dat it bestjoer kontinu is. Yn it mearjierrenynves- tearingsplan binne de beliedsútgongspunten, ek foar 1998, fêstlein. Hy is wol tige nijsgjirrich nei alle feroarings dy't der blykber oan stean te kommen. De hear Van den Berg seit dat skynber de earste foartekens fan it nije kolleezje der al binne. Dit útstel wurdt dien op grûn fan de mearjier- renrûzing. Wol der dit jier noch wat dien wurde dan moat it beslút no ek wol nommen wurde. It is wol aardich om te sjen dat de fraksje fan de P.v.d.A. it útstel stipet wylst de hear Van der Baan it útstel foarút- skowe wol. Blykber is dit punt yn de kolleezje-ûnderhannelings noch net oan 'e oarder west. De hear Van der Baan seit dat it yn de polityk wenst is dat der plannen foar de takomst makke wurde. Mar as bliken docht dat it ferkeard rint, kin de polityk ek yngripe. It mearjierrenynvestearingsplan hoecht net trochset te wurden. Syn fraksje stiet in oar belied foar. Not2403 .doc/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 7