Syn fraksje kin dan ek net ynstimme mei it rapport om't dat in frijbrief betsjutte soe dat it strjitwurk út it Wvg-jild wei betelle wurdt. De foarsjennings foar it riedshûs kostje dochs mar f 40.000,00. Hoe komt it kolleezje dan oan in folie heger bedrach? Syn fraksje fynt dat dochs be- sjoen wurde moat oft it belied ek ferromme wurde kin. Benammen it oplos sen van individuele knyppunten hat syn foarkar. De hear Postma seit dat syn fraksje him fine kin yn de tinkrjochting kwa belied. Hy giet der fan út dat de beliedseleminten f ia de kommisje oan de ried foarlein wurde sille. Sa net, dan makket hy in foarbehâld oan- geande de finansiering fan in tal, yn syn eagen, iepenbiere wurken. De hear Van den Berg fynt dat de diskusje fan maaie 1996 net wer oerdien wurde moat. De reserve fan 1994 en 1995 soe brûkt wurde foar in opstel len fan in algemien handikaptenbelied. It kolleezje is mei dy opdracht oan de slach gien. It rapport is in oanset wêze ta in yntegraal belied. It jild dat útlutsen wurdt foar it oplossen fan knyppunten wurdt yn brede sin wol ornearre foar it stâljaan fan it handikaptenbelied. Syn fraksje kin ynstimme mei dit útstelIt rapport wol hy foar kundskip oannimmeDer wurde in trijetal útstellen dien. Yn it brief fan 12 maart stiet dat der foar oanpassings foar it riedshûs f 40.000,00 nedich is. De f 65.000,00 dy't oerbliuwt kin werom yn de pot en dêrfoar komt it kolleezje noch mei útstellen nei de ried ta. Mefrou Sant erna is ek fan miening dat it in djoer rapport is. De tink- rjochting út it rapport is noch gjin belied. Har fraksje giet der fan út dat de beliedseleminten noch yn de ried oan de oarder komme. Har fraksje makket in foarbehâld oangeande it bedrach dat neamd wurdt foar de oan- passing fan it riedshûs. Sy giet der foar yn de pleit dat de belangen fan de fisuele handikapten meinommen wurde. Wethouder Van den Berg zegt dat dit een rapport met beleidsaspecten is Elk beleidsonderdeel zal apart via de commissie aan de raad worden voor gelegd. Op elk onderdeel neemt de raad een besluit. Het college wil een samenhangend beleid: achterstand opheffen en naar de toekomst zaken goed oppakken. Het besluit staat verwoord in het voorstel van het college op bladzijde 2. Het bedrag voor de aanpassingen van het Raadhuis is een schatting. Het voorstel komt terug in de commissie. Het overblijvende bedrag wordt weer gestort in de reserve. Er is in het beleid zeker wel aandacht voor de visueel gehandicapten. De hear Veldstra freget him ôf wêrom it beslút sa'n tekst krigen hat as dochs elts útstel noch wer yn de ried komt. It giet him derom dat it jild útjûn wurdt yn de sfear fan de handikapten. Hy fynt dat it rapport foar kundskip oannommen wurde moat. It bedrach fan f 105.000,00 moat oanpast wurde. De hear Postma wol dat de tekst fan it beslút oanpast wurdt. Der wurdt 6 7 ton ton foar ynfrastrukturele wurken útlutsen en dat is foar syn fraksje net akseptabel. Hy fynt ek dat it rapport foar kundskip oannom men wurde moat De hear Van den Berg freget wat dan it alternatyf as de achterstânsite- waasje net oanpakt wurdt. Syn fraksje fynt dat krekt wol op basis fan it rapport de achterstânsitewaasje opheft wurde moat. It fûns kin dêr wol foar ynsetten wurde. Wat fanôf no bart sil yn de normale budzjetten foar ynfrastrukturiel wurk oppakt wurde moatte. Hy soe it tige spitich fine dat de oanpassing fan it Riedhûs noch wer opskood wurdt. Hy fynt dat der Not2403doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 9