15 - Wethâlder Oosterhof seit dat der in gemeentlik oanbestegingsbelied is. Dêr wurdt ek yn dit gefal oan fêsthâlden, al wurde der no wol 2 bedriuwen mear útnoege. Mei dit útstel wurdt yndied foarútrûn op it ferkearsbeliedsplan. Dochs moat dit projekt wol trochgean. De strjit- te wurdt earst tydlik befluorre, dat sadwaande is der noch wol gele genheid om mei de oanbelangjenden te praten. Hy wit net fan beswieren fan de omwenjenden, men is tefreden oer de ynrjochting fan de dyk. De bibleteek wurdt miskien aanst meinommen by de kommende foarljochting oer de Ontwikkelingen oan de Stationswei. De hear De Jager seit dat syn fraksje it útstel stipet, ynklusyf it part dat oer de wize fan oanbesteegjen giet. It oant no ta hantearre belied moat ek no útfierd wurde. Hy tinkt dat it miskien wol goed is yn in kommisjegearkomste it oanbestegingsbelied nochris oan 'e oarder te hawwen. De hear Aukes seit dat syn fraksje fynt dat der iepenbier oanbestege wurde moat. Hy hanthavenet syn útstel datoangeande De hear Ziilstra freget om in tydlike sluting fan de gearkomste. De foarsitter seit dat oardel jier lyn it kolleezje fan doe de kom- misje in notysje foarlein hat oer it oanbestegingsbelied nei it meast moderne ynsjoch fan de VNG. De kommisje stimde yn mei dy notysje. Der is by dit belied alhiel gjin sprake fan eigenwille. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 23.25 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 23.30 oere. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje stimme wol oer it útstel fan de hear Aukes en oer it oanbestegingsbelied op himsels. De foarsitter seit dat de toan wêrop de hear Aukes sprekt him net be falt. Der is net te wurkjen as der net hannele wurde kin nei in be lied dat fêststeld is troch in earder, dit of in takomstich kollee- zje. Hy kin him wol yntinke dat de ried oerwagings hat dy't meitsje dat it oanbestegingsbelied oars moatte soe. As de ried dat wol kin it belied fdnsels wer Onderwerp fan petear wêze. Mar om no, nettsjinste- ande dat der in belied is, dit útstel te feroarjen kin it kolleezje, hokfoar kolleezje dan ek, net mei libje. De hear Aukes seit dat hy in gemeentlik stik krigen hat dêr' t yn stiet dat de oanbestegings konfoarm it Uniform AanbestedingsRegele- ment hâlden wurde, meastentiids ûnderhâns op útnoeging, mar somtiden ek iepenbier. Dat is it belied. Hy hat inkeld in fraach dy't yn dat belied past. De foarsitter seit dat hy referearre oan in notysje dy't troch de riedskommisje oernommen is. Der is neat mis mei as de ried dat belied wer oan 1 e oarder stelle wol. Wat wol mis is, is dat amtners aanst net mear witte wêr't se oan ta binne as de ried samar it fêststelde belied loslitte wolHy seit ta dat it oanbestegingsbeleid as sad waande op de wurklist foar de kommende kommisjegearkomste komt. De foarsitter stelt út te stimmen oer it útstel fan it kolleezje om in kredyt beskikber te stellen en it wurk op útnoeging oan te be steeg jen. notulen2 60 5doe/IS

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 16