- 15 - Ljouwerter bestjoerders yn Boarnsterhim dêr ta bydrage kin moat dat wê- ze. Yn de reaksje op Sjoch dizze Stêd sil ek Boarnsterhim kleurbekinne moatteIt kolleezje is net fan plan koste wat kost fêst te hâlden oan d® tariven foar de rioelbelesting. Lykwols foar de earste tiid moat der rêst wêze, mar it kolleezje sil, as dat perfoarst nedich is, dêr net in dogma fan meitsje. It kolleezje wol no gjin maatregels foar de hûnebe- lesting treffe. Hy seit ta dat takom jier sjoen wurde sil oft de hûne- belesting noch trochsetten wurde moat. It giet it kolleezje no te fier út te sprekken dat Grou gjin útgeanssintrum wêze moatte soe. It kollee zje is absolút net oerstjoer fan parseberjochten. Der wurdt de grutst mooglike ûnsin skreaun oer it bedriuwenterrein Biensma. Hy kin him sko- an yntinke dat wethâlder Bouma dêr wol wat oer sizze wol as de belangen fan de gemeente op it spul steane. It kolleezje seit dat om de grutte plannen foar it ûnderwiis te realisearjen absolút it jild foar de hús- festing nedich is. As de ried net meigean wol mei it kolleezje-útstel om in gemeentehus te hieren dan kin it miljoen foar it ûnderwiis net frijkomme. De keppeling húsfesting - ûnderwiis sit deryn om beide doe len te heljen. Hy docht in berop op de ried it útstel fan it kolleezje te stypjen. Hy seit ta dat der oer it opknappen fan it riedhûs breed neitocht wurde sil Wethouder Bouma zegt dat de gemeente niet via de pers in onderhandeling met de bedrijven wil zijn. Het plan Van Elswijk zal te zijner tijd wor den meegenomen. Wethâlder Oosterhof seit dat der soarch is oangeande Sjoch dizze Stêd. It kolleezje hâldt fest oan de ôfspraken dy't earder mei Ljouwert makke binne oer de wenteboukontingenten. Mefrou Van den Berg seit dat de omlizzende gemeenten de wentebou wat temporisearje moatte omt dy de léste jierren flugger as Ljouwert wenten bouwe koene. Sy fynt dat de diskusje wol suver halden wurde moat. Wethâlder Oosterhof seit dat der oeren beskikber binne foar it ge- meentlike ferkears- en ferfiersplan. Wethilder Biilsma seit dat foar 1999 de doarpenpot ek brûkt wurde sil foar insidentele útjeften. Fanôf 2000 sil besocht wurde dy pot struktu- riel te meitsjen. De ien miljoen fanút de húsfesting wei is beslist ne dich om te starten mei it programma foar de húsfesting fan it ûnderwi- is. It kolleezje hanthavenet it útstel om de f 10.000,00 foar de keunstfarrûte te brûken foar in insidentele oplossing foar de húsfes- ting fan de pjutteboartersplakken. Yn 1999 sil fierder socht wurde nei strukturiele oplossings foar de jierren fanôf 2000. In foarse oanslach op de doarpenpot is it kolleezje net sa gelokkich mei. Yn 1999 sil fierder socht wurde nei oplossing foar de professionalisea- ring fan de pjutteboarterplakken. Der kin net ûnder twang in ynkom- mensôfhinklike âlderbydrage oplein wurde. Yn it petear mei de Stichting sil ek dit ûnderdiel oan 'e oarder komme. Utstel 3.1. wurdt net oanret troch it kolleezje. De f 190.000,00 kin net út de reserve útstreambe- foardering helle wurde omt der al ferplichtings oangien binne. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 16.20 oere foar oerlis. Hy weriepenet de gearkomste om 17.30 oere. Hy makket ekskuses oan it publyk dat wol hiel lang wachtsje moatten hat. Hy stelt út ta beslút- foarming oer te gean. As earste giet it oer amendemint 1. fan de fraksje fan de P.v.d.A. raad 12-11-1998.doc/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 19