- 10 -
moat der in aktyf gemeentlik jongereinbelied üntwikkele wurde. Dêrom
is it goed de jongereinwurkster de gelegenheid te jaan om fierder te
gean. Sy freget wannear't de bestjoersopdracht foarlein wurdt en wat
de budzjetêre gefolgen dêrfan binne. Ek oer de resultaten fan it alko-
holprevinsjeprojekt soe sy graach mear hearre yn de kommisje. Yn de
gemeente is noch gjin brede diskusje west oer lokaal sosjaal jonge
reinbelied. Miskien kin dêr ris in temamiddei oer halden wurde.
Mefrou Santema seit dat har fraksje dit eins mar in dizenich útstel
fynt. Sy is it iens mei Gemeentebelangen 2000 dat der yn 2000 in eva-
luaasje plakfine moat oangeande de jongereinwurkster. It foldwaan oan
lânlik belied smyt dat ek jild op?
Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie graag wil dat in het be
sluit duidelijk wordt aangegeven welk bedrag voor welk doel wordt ge
bruikt: formatie f 63.000,00 en activiteiten f 15.000,00. Zij wil
graag meer weten over het toerekenen van het werkbudjet van
f 15.000,00 aan het JOB. Wie zet de criteria onder die f 15.000,00?
Mefrou Veldstra seit dat it útstel miskien wat dizenich is omt it in
oanset is ta in belied, dat noch wat wurde moat. It is tige posityf
dat de jongereinwurkster sûnt 1998 dwaande is yn oerlis mei de jonge-
rein. Ut de evaluaasje docht bliken dat dêr in grut ferlet ta is. Oer
lis jout struktuer en regelmaat oan. Profesjonele stipe is dêrby tige
wichtich. Fertrouwen yn elkoar is fan grut belang. Har fraksje kin yn-
stimme mei it útstel. Har fraksje wol it jongereinbelied strukturiel
meitsje.
De heer Smittenberq zegt dat allerlei groeperingen in onze gemeente
gemeentelijke steun krijgen. Het gaat dan om maatschappelijk welzijn
en leefbaarheid. In die zin is het goed dat nu de oudere jeugd als een
aparte categorie herkend en erkend wordt. Professionele begeleiding
daarbij is, gezien de aard van het beestje, niet verkeerd. Voor deze
jeugd is het leven in deze tijd met materiële overvloed en gebrek aan
normen en waarden al moeilijk genoeg. Een jeugdbeleid moet aansluiten
bij het overige beleid op gebieden als gezondheid, veiligheid en der
gelijke. Het jeugdbeleid moet nog groeien naar volwassenheid. Zijn
fractie kan instemmen met het voorstel.
Wethâlder Bijlsma seit dat it net de bedoeling fan dit útstel is dize
nich te wêzen. Dit útstel is bedoeld as oanset ta in yntegraal jonge
reinbelied op grûn fan de evaluaasje fan de jongereinwurkster. De
best joersopdracht is de opdracht fan kolleezje en ried oan it amtlik
apparaat om fierder te gean mei it jongereinbelied. De budzjetêre ge
folgen dêrfan binne op dit stuit net ynsichtlik. It is ek net helder
hokfoar kant it ministearje út wol en ek net hokfoar bedrach dêrfoar
beskikber steld wurdt. De risseltaten fan it alkoholprevinsjeprojekt
sille yn de kornis je oan 'e oarder komme, krekt sa as de fuortgong fan
de beliedsüntwikkelingIt kolleezje hopet dat mei yngong fan 2001 dit
belied strukturiel makke wurde kin. It kolleezje hat gjin beswier
tsjin de oanpassing fan it beslút sa as troch mefrou Van den Berg oan-
jün is. Der stiet al jierren lang f 16.000,00 yn de begrutting en dat
bedrach wurdt tabedield oan in tal jeugdsozen. Ut de doarpenpot is dit
jier f 15.000,00 frijmakke om oan dat budzjet ta te foegjen, om mear
aktiviteiten te subsidiearjen. Nei ferskate kearen oerlis is dúdlik
wurden dat jeugdsozen benammen mouite hawwe om de hier te beteljen.
Dêrom wurdt der no mear subsidiearre yn de hier. It kolleezje docht no
it útstel om ünder betingsten de f 15.000,00 oan it JOB te jaan.
Mevrouw Van den Berg heeft zelf het idee dat er extra geld moet komen
om het organiseren vancaktiviteiten te stimuleren. Het zou haar frac-