Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 14 desimber 1999 om 20.00 yn it Riedshûs yn Grou. o—o_o_o_o_o_o-o_o_o_o_o-o-o_o_o_o_o_o-o-o_o~o—o~o-o-o—o-o-o-o~o_o—o-o-o—O-O Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de hearen F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethouder), B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethouder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hear A.M. de Jager. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de hear De Jager behindere is de gearkomste by te wen jen. De hear Van der Baan sil letter komme. Hy stelt oan'e oarder: 1. Ynkommen stikken. Nûmer 4: De hear Roorda wol graach bygelyks yn de kommisje neiere ynformaasje. De heer Smittenberg vindt dat dit voorstel op de nummer 4 en 7 moet zijn: om advies in handen van het college. Wethâlder Oosterhof seit dat it fersyk nije wike yn de kommisje Berop en Beswier behannele wurde sil. De ried sil úteinlik in beslút nimme moat- te Nûmer 7: De foarsitter seit dat it kolleezje it útstel oanpast sa as de hear Smittenberg dat wol. Nûmer 8: De heer Smittenberg vraagt of de discussie over de begroting nog loopt. Mefrou Santema slút har by dizze fraach oan. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie graag wil dat er adhesie betuigd wordt Wethâlder Bijlsma seit dat hy yn it deistich bestjoer troch in brief de soarch útsprutsen hat oer de hegere bydrage. Mear gemeenten diele dizze soarch. Der is inselde soart brief as dy fan de gemeente Boalsert sk- reaun. De riedsleden krije in ôfskrift fan dizze brief. Yn it portefúl- jehâldersoerlis sil hy oantrune op it meitsjen fan in aksjeplan. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it oanpaste útstel op nümer 7 besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 2