- 2 - 2. Utstel oer it fêststellen fan de ôfspraken OKL-II. De hear Postma ferlit de seal omt dit punt syn oare wurksumheden rekket. De hear Roorda seit dat syn fraksje posityf is oer dizze gearwurkingsút- stellen. Sjoen de al jierren besteande gearhing tusken stêd en regio is it logysk dat mear formeel te regeljen. De gearwurking yn it stedsgewest wie te frijbliuwend en levere net sa folie op. Boppedat stelde Ljouwert him yn it ferline noch wolris wat arrogant op. Doe it spook fan de weryndieling driigde wie der gelokkich wol wat mooglik, sjoch it foar- lizzende OKL. Syn fraksje hat der betrouwen yn dat it fersterkjen fan de posysje fan Ljouwert ek goed is foar de omlizzende gemeenten. It is lo gysk dat de rezjyrol by de provinsje komt te lizzen. Syn fraksje hat de yndruk krigen dat de sfear yntusken aardich ferbettere is en dat alle partijen it belang fan de gearwurking ynsjogge. Hy wol graach yn de kom- misje prate oer de ynset fan it belied nei 2010. Der sille ek projekten út ús gemeente wei yn oanmerking komme moatte foar in bydrage út it f ûns De hear Aukes seit dat syn fraksje wol achter de regiofersterking ste- an kin. Hy freget benammen omtinken foar de bydrage yn de kosten fan de Steandemêst-rûte. Alle kosten binne no foar rekken fan de Gemeente Boarnsterhim, dy't de lytste partner yn it konvenant is. Kommende jierren sille der in protte ekstra kosten foar de brêgen en it ûnder- hâld fan de brêgen komme. Syn fraksje wol graach dat dit ynbrocht wurdt yn de ünderhannelingsHy hat ek frege in eksterne ekspertise los te litten op de kosten fan it yn stân hâlden fan de Steandemêst- rüte Mefrou Veldstra seit dat har fraksje posityf is oer dit útstel. In wichtich útgongspunt is in sterke stêd en in sterk plattelân. Dat de rezjyrol fan dit projekt yn hannen fan de provinsje is liket har in goede saak. Sy freget op hokker termyn it wenplan yn de kommisje be- hannele wurde kin. Ek wol sy graach jierliks in evaluaasje yn de kom misje. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie de grootst mogelijke problemen met dit voorstel heeft. De centrumpositie van Leeuwarden moet ver sterkt worden en is in het geding. Die versterking is van groot belang voor de allure en de mogelijkheden die de stad zou moeten krijgen. Om dit te bewerkstelligen is eerst een poging gedaan om door middel van een gemeentelijke herindeling gebiedsuitbreiding te realiseren voor Leeuwarden. Nu moet dit geschieden door het opleggen van "schattin gen". Leeuwarden heeft 1000 jaar de tijd gehad zich te ontwikkelen tot wat het nu is, een aardige plattelandshoofdstad. Leeuwarden zal echter nooit Groningen kunnen evenaren. Ook zal Leeuwarden altijd wel boven de positie van Middelburg blijven uitsteken. En zo is het goed. Zijn fractie ziet dan ook niets in een jaarlijkse financiële ondersteuning van Leeuwarden. Het gaat dan om 1,2 miljoen gulden voor de komende 10 jaar. Die bijdrage moet ook gezien worden in het licht van een beslis sing van minister Van Boxtel om Leeuwarden 273 miljoen toe te kennen. Moet een plattelandsgemeente als Boarnsterhim dan nog bijdrage van zijn relatieve armoe?. Als er dan ook nog gezegd wordt dat wij wel mee moeten doen om de woningbouwcontingenten veilig te stellen dan vindt zijn fractie dat eigenlijk chantage. Kort samengevat: zijn partij heet Gemeentebelangen 2000 en niet Leeuwarden Vooruit. Hij zal derhalve te gen het voorstel stemmen. D® foarsitter betanket de ried foar in tal positive reaksjes. It kol- leezje wol sa gau mooglik mei ried en kommisje prate oer it wenplan. Dat jildt ek foar de ynset fan de wentebou en de projekten dy't

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 3